Diplomatic Immunity (science fiction-roman)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Diplomatic Immunity is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Vorkosigan-kroniken, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Diplomatic Immunity waard foar it earst útjûn yn 2002 en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Yn Diplomatic Immunity moat Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan Bujold har Vorkosigan-kroniken, yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur in diplomatyk ynsidint fier fan hûs ûnttiizje. Bujold koe foar it plak fan hanneling kieze út 'e hiele Wjirmgatferbining, mar keas úteinlik foar de Uny fan Frije Habitats, oftewol de Quaddie-Uny. Hja hie de quaddies (genetysk modifisearre minsken bedoeld om yn sitewaasjes sûnder swiertekrêft te libjen, mei in twadde pear earms op it plak dêr't by gewoane lju de skonken sitte) yn 1987 optocht foar har roman Falling Free. It hie fan it begjin ôf oan har bedoeling west om dêr in ferfolch op te skriuwen, of miskien wol om der in trilogy fan te meitsjen. Mar yn 't earstoan kaam der hieltyd wat tusken en fan útstel kaam ôfstel. Mar doe't Bujold har yn 2001 tarette op it skriuwen fan Diplomatic Immunity, betocht se dat dit in útsochte kâns wie om ris te sjen wat der fan 'e quaddies wurden wie.[1]

Diplomatic Immunity is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn troch útjouwerij Baen Books yn 2002. Yn 2003 kaam it út as e-boek en yn 2008 as audioboek. Datselde jiers waard it ek werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes, yn 'e mande mei de roman Falling Free en de novelle Labyrinth.

Plot[bewurkje seksje | edit source]

Miles Vorkosigan, in ryksauditeur dy't mei de stim fan 'e Barrayareeske keizer Gregor sels sprekt, en syn frou Ekaterin binne ûnderweis werom nei harren thúsplaneet Barrayar nei't hja in ferlette houliksreis nei de Ierde makke hawwe. It is mear as oardel jier nei harren brulloft (sjoch: Winterfair Gifts) en op Barrayar sille mei koarten harren earste beide bern út 'e uterusreplikators "dekantearre" wurde. Mar dan berikt har in boadskip fan 'e keizer, dy't Miles opdraacht om in diplomatyk ynsidint yn 'e Uny fan Frije Habitats te ûnttiizjen, dêr't in troch Barrayareeske oarlochsskippen begelate Komarraanske keapfardijfloat deilis rekke is mei de pleatslike autoriteiten en oan it keatling lein is.

As Miles, Ekaterin en harren kriichsman (liifwacht anneks butler) Roic oankomme by Stasjon Graf, in romtestasjon yn 'e Quaddie-Uny, wachtet harren dêr in alderferskuorrendste tizeboel. Luitenant Solian, in militêre ferbiningsofsier oan board fan 'e Idris, ien fan 'e Komarraanske keapfarders, is ferdwûn, itsij desertearre, itsij fermoarde. In grutte plasse bloed dy't fûn is yn in luchtslûs fan it stasjon wiist op moard. De ûnienichheden oer it ûndersyk dêrnei hawwe de relaasjes tusken de Barrayareeske militêre hiërargy op 'e begeliedende oarlochsskippen en de Quaddie-autoriteiten al yn in ier stadium folslein ferpest. Dêr kaam doe de kwestje fan 'e Barrayareeske luitenant Corbeau noch oerhinne, dy't fereale rekke is op in froulike quaddie en beskuldige wurdt fan desersje; doe't twa Barrayareeske marsjesees him fan it stasjon slepe woene, rûn dat út op slaanderij wêrby't hja ien fan 'e earms fan Corbeau syn quaddie-freondinne brieken, dy't in ferneamd dûnseresse is. De quaddies pakten alletrije Barrayarezen op, wat foar de Barrayareeske befelfierder reden wie om in swierbewapene oanfalstiim it stasjon op te stjoeren om harren út te brekken. De quaddies blieken lykwols in taaiere tsjinstanner as ferwachte en no sit ek it oanfalstiim op Stasjon Graf yn 'e sel, wylst de Quaddie-autoriteiten by wize fan represaillemaatregel de oanleine Komarraanske skippen yn beslach nommen hawwe.

Der sit mar ien pluspunt oan 'e hiele brot, en dat is dat Miles op Stasjon Graf syn âlde freon Bel Thorne weromsjocht, in Bêtaanske hermafrodyt, dat jierrenlang ûnder Miles tsjinne hat yn 'e Frije Dendarii Hierlingen, mar dat Miles der úteinlik, nei in freeslik misrûne operaasje (sjoch: Mirror Dance) mei pine yn it hert út sette moatten hat. Thorne is neitiid nei de Quaddie-Uny reizge, syn âlde flam Nicol (sjoch: Labyrinth) efternei, mei wa't it no gearwennet. Op Stasjon Graf beklaait Thorne de funksje fan havenmaster (wylst it temûk bybeunt as ynformant en agint fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec).


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Koart nei't Miles mei syn ûndersyk úteinset is, wurdt der in oanslach op him útfierd (of sa liket it alteast), dêr't Thorne en in passazjier op 'e Idris, Dubauer, ek by oanwêzich binne. Letter ûntdekt Miles oan board fan 'e Idris dat de lading fan Dubauer, dy't beweart biste-embryo's te ferfieren, ynstee út sa'n tûzen minsklike embryo's bestiet, wêrby't er it segel fan 'e Stjerrekres tsjinkomt, dat er noch kin fan ien fan syn eardere aventoeren (sjoch: Cetaganda). De Stjerrekres is de genbank fan 'e haut, de genetyske elite fan it Cêtagandyske Ryk, in âlde fijân fan Barrayar, dêr't se al harren feroarings oan it minsklik genoom yn fêstlizze. Miles begrypt no dat der mear as inkeld ûngelok en ûnferstân efter de rige foarfallen sit dy't ta de swierrichheden by Stasjon Graf laat hawwe. Hy hat sterk it fermoeden dat Dubauer in Cêtagandyske agint is en begjint der no ek oan te twifeljen oft hysels wol it doelwyt fan 'e oanslach wie.

Dan ferdwynt Bel Thorne ynienen en de quaddies keare op 'e siik nei him it stasjon suver binnenstbûtenst. Sa wurdt Russo "Guppy" Gupta oppakt, in lytse krimineel dy't ôfkomstich is fan 'e anargistyske planeet Jackson's Whole. Hy is sadanich genetysk modifisearre dat er eins in amfiby is, en sawol longen as kiuwen hat. Hy wie oarspronklik makke foar in ûnderwetterballet, mar doe't dat opdoekte, kaam er op 'e strjitte te stean. Mei trije freonen hied er in frachtskip, dat spesjalisearre wie yn smokkeljen en oare net alhiel legale aktiviteiten. In wykmannich werom waarden se ynhierd troch in Cêtagandiër, Dubauer, dy't yn it geheim tûzen uterusreplikators ferfiere woe. Sa sein sa dien, mar nei't se Dubauer mei lading by Komarr, yn it Barrayareeske Ryk, ôflevere hiene, waarden se allegear slim siik. Guppy oerlibbe it, nei gedachten fanwegen syn amfibyske genen, mar syn maten stoaren in skriklike dea. Sûnt makket Guppy jacht op Dubauer. Op Stasjon Graf helle er him einlik yn, mar om't Dubauer nea de Idris ferliet en alle passazjiersplakken op dat skip al fersein wiene, koe Guppy him net benei komme. Sadwaande ljochte er luitenant Solian doe mar yn, dy't dêrop daliks ferdwûn (út 'e wei romme troch Dubauer doe't er dy mei Guppy syn beskuldigings konfrontearre). Doe't men de ferdwining ôfdwaan soe as desersje en Dubauer him sa op 'e nij ûntglûpe soe, smarde Guppy in luchtslûs ûnder it bloed, wat de syktocht nei de fermiste luitenant fernijde en de float by Stasjon Graf hold.

As Miles en guon oaren úteinlik de Idris trochsykje, fine se Thorne, dy't mei deselde sykte ynfektearre is as Guppy en syn maten. Nettsjinsteande al syn foarsoarchsmaatregels rekket Miles sels, troch in genipige streek fan Dubauer, ek besmet. Dan berikt him it nijs dat Barrayar en Cêtaganda op it rântsje fan in oarloch balansearje, en dêrtroch falle foar him einlings alle puzelstikjes teplak. Dubauer is net in Cêtagandyske agint, mar in ôffallige, dy't in planetêre gemalinne deadien hat, it jierlikse berneskip foar de haut fan Rho Cêta (ien fan 'e planeten fan it Cêtagandyske Ryk) kaapt hat en him doe út 'e fuotten makke hat mei de embryo's. It Cêtagandyske ûndersyk dêrnei late troch Dubauer en Guppy harren tadwaan streekrjocht nei de Barrayareeske planeet Komarr, sadat Barrayar de skuld op 'e lea skood is.

Troch fluch en knaphandich yngripen wit Miles dan alles dochs noch wer rjocht te breidzjen. Dubauer, dy't him op 'e brêge fan 'e Idris barrikadearre hat en mei drigeminten besiket om oan in piloat foar it skip te kommen, wurdt oermastere en de biologyske bom dy't er op Stasjon Graf pleatst hie wurdt fûn en ûnskeadlik makke. Alle ynformaasje oangeande syn ûndersyk stjoert Miles sawol nei it Barrayareeske regear as nei Cêtaganda ta. Dêrop set er mei alle fysike bewiismateriaal ôf nei Rho Cêta; de Barrayareeske floatdokters witte him en Thorne krekt langernôch yn libben te hâlden om harren oer te dragen oan 'e Cêtagandyske medisy fan 'e Stjerrekres, dy't har beiden gaueftich genêze. De lichaamlik beheinde en fergroeide Miles falt dan de ûnbelike eare ta dat in meunster fan syn genoom opnommen wurdt yn 'e genbank fan 'e Stjerrekres. It boek einiget mei de berte (it "dekantearjen") fan syn bern Aral Alexander en Helen Natalia út harren uterusreplikators, foar it bywenjen wêrfan't Miles en Ekaterin krekt op 'e tiid Barrayar berikke.

Oersettings[bewurkje seksje | edit source]

  • Flag of Bulgaria.svg Bulgaarsk (Diplomatičeski Imunitet), fert. Milena Ilieva, 2003;
  • Flag of France.svg Frânsk (Immunité Diplomatique), fert. Anne Delcourt, 2003;
  • Flag of Croatia.svg Kroätysk (Diplomatski Imunitet), fert. Martina Aničić, 2003;
  • Flag of Russia.svg Russysk (Diplomatičeskaja Njeprikosnovjennosť), fert. O. Kosova, 2003;
  • Flag of Spain.svg Spaansk (Inmunidad Diplomática), fert. Rafael Marín Trechera, 2003;
  • Flag of Italy.svg Italjaansk (Immunità Diplomatica), fert. Anna Feruglio Dan Dan, 2004;
  • Flag of the People's Republic of China.svg Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Flag of Germany.svg Dútsk (Diplomatische Verwicklungen), fert. Michael Morgental, 2006;
  • Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk (Diplomatická Imunita), fert. Michael Střelec Pešťák, 2008.[2]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes, s. 7.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

De Vorkosigan-kroniken
Dreamweaver's Dilemma | Falling Free | Shards of Honor | Barrayar | The Warrior's Apprentice | The Mountains of Mourning | The Vor Game | Cetaganda | Ethan of Athos | Labyrinth | The Borders of Infinity | Brothers in Arms | Borders of Infinity (ramtferhaal) | Mirror Dance |
Memory | Komarr | A Civil Campaign | Winterfair Gifts | Diplomatic Immunity | Captain Vorpatril's Alliance | CryoBurn