Borders of Infinity

Ut Wikipedy
Borders of Infinity
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm bondel fan 3 novelles mei
   in ramtferhaal
sjenre science fiction
1e publikaasje 1989, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel Brothers in Arms
● folgjend diel Mirror Dance
kodearring
ISBN 0 67 16 98 419

Borders of Infinity (net te betiizjen mei de novelle The Borders of Infinity) is in bondel fan trije science fiction-novelles fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. Hy makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje. De bondel Borders of Infinity waard foar it earst útjûn yn 1989 en is ûnderwilens oerset yn tolve talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lois McMaster Bujold hie yn 1987 de novelle The Borders of Infinity skreaun, en dat wie har sa goed befallen (want in novelle koe se yn twatrêde fan 'e tiid skriuwe dy't se oan in roman kwyt wie), dat se as ûnderdiel fan har folgjende kontrakt foar trije boeken mei har útjouwer Jim Baen betinge dat se The Borders of Infinity recyclje mocht en der twa oare novelles oan tafoegje soe, sadat dy trije mei-inoar langernôch wêze soene om as ien gehiel út te jaan.[1] Dy oare beide novellen waarden The Mountains of Mourning en Labyrinth.

Borders of Infinity, dat oerset wurde kinne soe as "Grinzen fan it Uneinige", is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 1989 troch Baen Books. It is net inkeld in bondeling fan 'e boppeneamde trije novelles, mar bestiet dêrnjonken út in ferbinend ramtferhaal.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Mountains of Mourning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side The Mountains of Mourning.
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Yn The Mountains of Mourning studearret Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde soan fan 'e minister-presidint fan 'e militaristyske planeet Barrayar, ôf oan 'e militêre akademy en wurdt dêrnei daliks troch syn heit nei in berchdoarp stjoerd om in moardsaak te ûndersykjen en deroer rjocht te sprekken.

Labyrinth[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Labyrinth (science fiction-novelle).

Yn Labyrinth smokkelet Miles mei de Dendarii yn opdracht fan it Barrayareeske regear in wittenskipper fan 'e anargistyske planeet Jackson's Whole ôf. Mar de operaasje giet net sa't er plend wie en Miles komt mei mear thús as inkeld de wittenskipper.

The Borders of Infinity[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side The Borders of Infinity (novelle).

Yn The Borders of Infinity lit Miles himsels finzen nimme troch Cetagandiërs en ynternearje yn in kriichsfinzenekamp op Dagoola IV. Syn misje foar ImpSec, de Barrayareeske geheime tsjinst, is om út dat kamp in wichtige Marilacaanske fersetslieder te befrijen. It spul rint lykwols wer út 'e klauwen en einlings brekke Miles en de Dendarii alle mear as tsientûzen finzenen út it kamp.

ramtferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er ferwûne rekke is by in eardere missy, is Miles opnommen yn it sikehûs, dêr't de brekbere bonken fan syn foar de safolste kear brutsen earms foargoed ferfongen wurde troch syntetyske protezes. Wylst er dêr it bêd hâlde moat, hat er in protte tiid om werom te tinken oan guon fan syn eardere eksploaten (sjoch de boppesteande novelles). Teffens wit er mei help fan ImpSec-sjef Simon Illyan alwer in gearspanning tsjin syn heit te dwerseidzjen.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Italjaansk (L'Eroe dei Vor), fert. Annarita Garnieri, 1992;
  • Spaansk (Fronteras del Infinito), fert. Margara Auerbach, 1992;
  • Japansk (Mugen no Kyokai), fert. Ayako Ogiso, 1994;
  • Russysk (Granicy Bjeskonječnosť), fert. T. Čerjezova, 1995;
  • Dútsk (Grenzen der Unendlichkeit), fert. Michael Morgental, 1996;
  • Bulgaarsk (Granicite na Bezkraja), fert. Georgi Stojanov, 1998;
  • Frânsk (Les Frontières de l'Infini), fert. Bernadette Emerich, 1998;
  • Poalsk (Granice Nieskończoności), fert. Magdalena Gawlik en Doróta Malinowska, 1998;
  • Kroätysk (Granice Vječnosti), fert. Martina Gračanin, 2000;
  • Tsjechysk (Hranice Nekonečna), fert. Hana Volejníková, 2002;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Estysk (Lõputuse Piirid), fert. Allan Eichenbaum, 2011.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 834-835.

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen