The Vor Game

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

The Vor Game is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Vorkosigan-kroniken, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Vor Game, dêr't Bujold in Hugo Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 1990. It is ûnderwilens oerset yn fyftjin talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Doe't se har twadde kontrakt foar it skriuwen fan trije boeken ôfsleat mei har útjouwer Jim Baen, hie Lois McMaster Bujold it trêde boek fan dat trio gearfet mei ien wurd: "Quaddies". It moast dus in ferfolch wurde op har súksesfolle roman Falling Free, dêr't se har earste priis mei wûn hie. Mar doe't se deroan ta wie, fielde se har noch net ree om dat ferfolch te skriuwen (úteinlik is it der nea fan kommen). It wie lykwols hiel dúdlik, mei it each op 'e ferhalen dy't se al skreaun hie oer har populêre haadpersoan Miles Vorkosigan, dat der op in frij krúsjaal punt yn syn libben, tusken The Mountains of Mourning en Labyrinth yn, in gat siet dêr't dingen ûntbrieken. Sa hie Miles yn The Warrior's Apprentice syn Frije Dendarii Hierlingen efterlitten om nei hûs werom te kearen, en spile it gronologysk dêrop folgjende The Mountains of Mourning folslein op syn thúsplaneet Barrayar, mar wied er yn Labyrinth wer by de Dendarii werom. Wat wie der yn 'e tuskentiid foarfallen?[1]

Mei't de eksploaten fan Miles Vorkosigan troch resensinten dochs al omskreaun waarden as behearrende ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction, besleat Bujold om diskear mei sin sa'n soarte ferhaal te skriuwen. Ien ding dat se dêryn ferwurke wie in aspekt fan har eigen heit, Robert Charles "Bob" McMaster (1913-1986), heechlearaar oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio en in grutte namme yn 'e Amerikaanske wittenskiplike wrâld, dy't teffens in bybaantsje hie as de twadde tillevyzjewaarman yn 'e Feriene Steaten, op Channel 10 Columbus (1950-1964). Ek hie útjouwer Jim Baen har in eksimplaar fan it boek Strategy fan 'e ferneamde Britske militêr histoarikus B.H. Liddell Hart stjoerd, dêr't se tankber gebrûk fan makke. Oare ynfloeden wiene it boek The Mint, fan T.E. Lawrence, better bekend as Lawrence of Arabia, wêryn't dy syn basistrening beskriuwt doe't er nei de Earste Wrâldoarloch ûnder in skûlnamme op 'e nij tsjinst naam yn it Britske leger, en De Fjirtich Martelders fan Sebastiani, in ier kristlik marteldersferhaal oer fjirtich kristlike leden fan in Romeinsk legioen dy't neaken op it iis opsteld waarden oant se har nije leauwe opjaan soene, mar harsels ynstee deafrieze lieten. Fierders waard Bujold holpen troch ferhalen fan Charles Marshall, in freon fan har mem, dy't yn 1941 belutsen west hie by de oanlis fan 'e Amerikaanske loftmachtbasis Thule, yn it uterste noardeasten fan Grienlân, en kommentaar fan William Melgaard, in marine-architekt dy't har ferskate militêre anekdoates en oare nijsgjirrichheden trochdie.[2][3]

Ut al dy eleminten distillearre Bujold úteinlik de roman The Vor Game. Yn it neiwurd fan 'e omnibus Young Miles merkt se trouwens op dat se mar frijwat muoite hie om it ferhaal yn 'e stringen te hâlden, mei't it alderdusdanichste graach in militêr moardmystearje wurde woe. The Vor Game is skreaun yn it personele perspektyf. De earste seis haadstikken derfan, dy't in frij ôfrûne gehiel foarmje, waarden yn febrewaris 1990 yn Analog Magazine publisearre ûnder de titel The Weatherman. Sûnt wurdt derfan grute dat Bujold The Weatherman earst as in op himsels steande novelle skreaun hie en pas letter besleat om him út te wreidzjen ta The Vor Game, mar dat wurdt troch Bujold sels ûntkrêfte. Yn it neiwurd fan Young Miles hâldt hja út dat hja it boek fan it begjin ôf oan al yn 'e holle hie sa't it úteinlik wurden is. The Vor Game as gehiel kaam yn septimber 1990 yn romanfoarm út by Baen Books. Neitiid waard The Weatherman yn 'e mande mei ferhalen fan oare auteurs werprinte as ûnderdiel fan 'e blomlêzing The Space Opera Renaissance, útjûn troch Orbit US yn 2006, en as e-boek (titele Weatherman, sûnder lidwurd), yn 2011 troch Amazon Digital Services. The Vor Game foarme noch yn 1990 ûnderdiel fan 'e omnibus Vorkosigan's Game, tegearre mei de novellebondel Borders of Infinity. Yn 1997 makke it diel út fan in nije omnibus, mei as titel Young Miles, yn 'e mande mei de roman The Warrior's Apprentice en de novelle The Mountains of Mourning. Young Miles is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn 2008.[4][5]

Plot[bewurkje seksje | edit source]

The Weatherman[bewurkje seksje | edit source]

Miles Vorkosigan, de lichaamlik hendikepte soan fan 'e minister-presidint fan 'e planeet Barrayar, dy't de haadpersoan is yn it grutste part fan Bujold har Vorkosigan-kroniken, is krekt werom fan syn ferlof nei't er syn oplieding oan 'e Barrayareeske Militêre Akademy ôfrûne hat, as er yn in ôfsletten kefert syn earste oanstelling útrikt kriget. Hy hopet, krekt as alle oare kadetten, op tsjinst oan board fan ien fan 'e romteskippen fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, mar it docht bliken dat er beneamd is ta haadmeteorology-ofsier op 'e ôfhandige legerbasis Lazkowski, op it eilân Kyril, deunby de poalsirkel en 500 km fan eltse oare lânmassa ôf. Dy basis, better bekend ûnder de ûnoffisjele namme Kamp Permafrost, is wêr't de Barrayareeske ynfantery syn wintertrening kriget. It liket Miles net sa'n gaadlike post ta, mar hy beslút syn teloarstelling fan him ôf te setten en it bêste der mar fan te meitsjen.

Yn Kamp Permafrost oankommen, treft Miles dêr luitenant Ahn, de ofsier dy't hy ferfange moat, en dy't in earsten waarman blykt te wêzen, mar ek in grutte dronkenlap. Mei de basiskommandant, generaal Stannis Metzov, in ofsier fan it âlde stimpel dy't nei ûnbewiisde belutsenens by de dea fan in finzene yn 'e tiid fan 'e Komarraanske Opstân hjir yn 'e toendra dumpt is, begjint Miles op 'e ferkearde foet en dêrnei giet it allinne mar berchôf. Ek ûntkomt er mar kwealk oan 'e dea as in mispleatste grap fan in pear ûnderhearrigen troch syn ûnbekendheid mei it terrein libbensgefaarlike gefolgen hat. Tsjin 'e tiid dat luitenant Ahn ôfswaait, fjirtjin dagen letter, hat Miles it spul lykwols allegear goed foar 't ferstân.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Dan fynt der op in nacht in ûngelok plak mei fetaïne, in tige gefaarlike gemyske stof mei mutagene eigenskippen. Dat is in ferâldere ôfskrikkingswapen dat yn Kamp Permafrost opslein wurde moat, en dêr't de Barrayarezen, mei harren ôfgriis fan mutaasjes, fan grouje. It soe fierwei it feilichste wêze om 'e hiele ynhâld fan 'e opslachbunker dêr't it ûngemak bard is, mei magmaminen stadich opbaarne te litten, mar generaal Metzov hellet it him yn 'e plasse dat de fetaïne oan him tabetroud is en ferpoft it sadwaande om it te ferneatigjen. Hy wol dat de soldaten fan 'e technyske ôfdieling harren yn beskermjende pakken yn 'e bunker weagje om 'e geve fetten te rêden. De technisy, deselden dêr't Miles earder mei yn 'e kunde kommen is by de ferfolling fan in pear taakstraffen dy't er oprûn hie, wegerje lykwols it befel út te fieren. Metzov sjocht dat as muiterij en lit de mannen har by -5º C. neaken bûtendoar opstelle oant se tajouwe. Luitenant Bonn, harren direkte superieur, is it net mei dy gong fan saken iens, klaait himsels ek út en giet derby stean. Dat makket Metzov suver breinroer fan lulkens en Miles sjocht oankommen dat dit ferkeard ôfrinne sil. Om in oplossing te forsearjen docht er dan sels de klean ek út en giet derby stean. Dat pleatst Metzov foar in dilemma: hy kin fansels net de soan fan 'e minister-presidint deafrieze litte, mar kin er noch wol sûnder gesichtsferlies tajaan? Miles wit him mei moaie wurden derfan te oertsjûgjen dat er yn syn rjocht stiet en harren allegear foar de kriichrie daagje kin. Dêrop lit Metzov de hiele binde oppakke en opslute. De oare deis wurdt Miles ophelle en nei Vorbarr Sultana, de Barrayareeske haadstêd, flein om tekst en útlis te jaan oan syn heit en Simon Illyan, it haad fan 'e geheime tsjinst ImpSec. Der wurdt besletten om sawol de "muiters" as Metzov út it leger te ûntslaan. De saak, mei foar beide siden in twifelige moraal, ferdwynt grutdiels yn 'e dôfpôt. Om't der no gjin ofsier mear is dy't him as ûnderhearrige hawwe wol, wurdt Miles tafoege oan ImpSec. Boppedat moat er in hoart ferdwine oant it skandaal oerwaaid is.

The Vor Game[bewurkje seksje | edit source]

Miles wurdt dêrnei twa moanne lang min of mear finzen holden yn it haadkertier fan ImpSec, dêr't er, om him wat om hannen te jaan, tafoege wurdt oan 'e bewekking (sadat ien fan syn taken is om derfoar te soargjen dat er sels net útnaait). Hy wanhopet op 't lêst suver oft er ea noch wer bûten it gebou komme sil, mar úteinlik wurdt er der mei luitenant Ungari en serzjant Overholt opút stjoerd om te ûndersykjen wat der krekt oan 'e hân is yn it Hegen-mulpunt.

It Hegen-mulpunt is in stjerrestelsel mei in dûbelstjer, mar sûnder bewenbere planeten. It soe eins hoegenamt net ynteressant wêze foar de minske, as it net sa wie dat der fjouwer wjirmgatten útkamen. Wjirmgatten binne fan natuere foarkommende "tunnels" troch it tiid-romtekontinuum, dy't men brûke kin om jin fan it iene stjerrestelsel nei it oare te bejaan sûnder dat men desennia- of miskien wol ieuwenlang troch de lege ynterstellêre romte hoecht te reizgjen. Fjouwer fan sokke wjirmgatten hat it Hegen-mulpunt (dêrfandinne de namme "mulpunt") ta in soarte fan krúspunt yn 'e romte makke. Dy wjirmgatten liede nei fjouwer bewenne stjerrestelsels: ien nei Aslund, dat fierders gjin wjirmgatten hat en dus, om it samar te sizzen, oan 'e ein fan in dearinnende wei sit; ien nei it anargistyske Jackson's Whole, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane; ien nei Vervain, dêr't men fierder wei reizgje kin nei it machtige en ekspansjonistyske Cêtagandyske Ryk; en ien nei Pol, dat wer oer in wjirmgat nei Komarr, yn it Barrayareeske Ryk, beskikt. Nei desennia fan gearwurkjende desynteresse en saaie neutraliteit is der yn it Hegen-mulpunt ynienen in wapenwedrin geande. Pol en Jackson's Whole hawwe der floatienheden nei ta stjoerd, wêrby't Pol sels safier gien is dat it de befeiliging fan syn wjirmgat oan 'e Barrayareeske kant ferwaarleazget, wylst it sûnt de Barrayareeske ferovering fan Komarr altiten tige benaud foar Barrayar wie. Vervain hat in hierlingefloat, Randall's Rangers, ynhierd, wylst Aslund, dat it measte te ferliezen hat om't it oer gjin oare útwei as troch it Hegen-mulpunt beskikt, oan in militêr romtestasjon wurket mar foar de tuskentiid ek in hierlingefloat oannommen hat: de Frije Dendarii Hierlingen, dy't Miles ûnder syn eardere aventoeren oprjochte hat (sjoch: The Warrior's Apprentice).

Mei't der foar Barrayar wichtige ekonomyske en strategyske belangen op it spul steane, moatte Ungari, Overholt en Miles, waans funksje yn it tiim strikt dy fan assistint is, út sjen te finen wat de wapenwedrin feroarsake hat en hoe't de Dendarii der krekt yn behelle binne. Sadwaande reizget Miles ûnder de momkape fan Victor Rotha, in skabeljeuze Bêtaanske wapenhannelder, mei Ungari as syn partner en Overholt as syn liifwacht nei it Hegen-mulpunt.

Op Pol Seis, it romtestasjon oan 'e Poleeske kant fan it mulpunt, moetet er ien fan 'e Dendarii, dy't dêr is om 'e Polezen te bespionearjen en dy't him warskôget om net werom te kommen nei de Dendarii-float, mei't admiraal Oser, dy't Miles de float ûntnadere hie, wer it befel fiert, wylst Ky Tung en Baz Jesek, oan wa't Miles it befel oerdroegen hie doe't er fuortgie, yn ûngenede fallen binne. Op Pol Seis komt Miles ek yn 'e kunde mei de tsjeppe Livia Nu, de minneresse fan in kollega-wapenhannelder (of sa docht se har teminsten foar). As der in wapensmokkelder mei wa't Miles gedoente hân hat, dea fûn wurdt en der in arrestaasjebefel foar him útfurdige wurdt, moatte Miles-en-dy halje-trawalje it stasjon ûntflechtsje.

Harren plannen binne no moai bedoarn, want se kinne net werom troch Pol en binne dus fan Barrayar ôfsnien. Se dumpe harren skip op it romtestasjon dat Jackson's Whole yn it Hegen-mulpunt ûnderhâldt en beslute útinoar te gean. Overholt moat Miles fia in omwei werombegeliede nei Barrayar, wylst Ungari allinnich de spionaazjemissy fuortset. Foar't Miles en Overholt lykwols oan board gean kinne fan it skip dêr't se de reis op boekt hawwe, wurde se oanholden troch de pleatslike plysje (of wat dêrfoar trochgiet yn 'e Jacksoniaanske maatskippij): in Cavilo hat in arrestaasjebefel tsjin Miles kocht (sa wurket dat dêr). Ynstee fan in tsjinbod te dwaan, besiket Miles út te naaien. Hy wurdt op ûnsêftsinnige wize oppakt en fêstset.

Yn deselde sel dêr't Miles bedarret, wurde ek in stikmannich oaren fêstholden, en ien dêrfan is, ta Miles syn ûntsetting, keizer Gregor fan Barrayar. Under in besyk oan Komarr is Gregor einlik en by tafal saken oan 'e weet kommen oer syn heit, kroanprins Serg, dy't foar him geheim holden wiene. Serg, dy't omkommen is yn 'e Eskobareeske Oarloch (sjoch: Shards of Honor) ear't er keizer wurde koe, wie in sadistyske ferkeardeling waans foartidige dea bêst ris it wichtichste stikje lok wêze kinne soe dat Barrayar ea oerkomd is. Likegoed wie dat fansels foar syn soan skokkend om te hearren, en doe't er eefkes allinne litten waard troch syn befeiliging besocht Gregor healdronken en healhertich selsmoard te begean troch fan syn balkon te springen. Hy heakke lykwols heal yn it klimmerblêd dat by it gebou opgroeide, en hold der inkeld wat blauwe plakken oan oer. Ienris allinne op 'e strjitte, besleat er út te naaien, meunstere oan op in frachtskip (mei feardichheden dy't er ûnder syn tsjinst yn 'e Barrayareeske Striidkrêften opdien hie) en ferliet Komarr. De kaptein fan it skip bliek lykwols in smjunt te wêzen, dy't Gregor op dit romtestasjon dumpte sûnder him te beteljen; mei't it hawwen fan gjin jild yn 'e gerjochtichheid fan Jackson's Whole strafber is, waard er oppakt en sil er as "kontraktarbeider" oerdroegen wurde oan Aslund, dêr't er oan it romtestasjon dat de Aslunders oan it bouwen binne, wurkje moat oant syn straf derop sit. Miles is as de dea om Gregor út it each te ferliezen en tegearre oermasterje se ien fan 'e oare "kontraktarbeiders", wêrnei't Miles dy syn klean stelt en syn plak ynnimt, krekt op 'e tiid om mei Gregor nei it Aslunder romtestasjon oerbrocht te wurden.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Dêr oankommen blykt lykwols dat it romtestasjon bewekke wurdt troch de Dendarii, en Miles en Gregor wurde finzen nommen en nei admiraal Oser ta brocht. Dyselde hat noch in appeltsje mei Miles te skilen oangeande wat der foarfallen is yn 'e oarloch om Tau Verde IV (sjoch: The Warrior's Apprentice) en hy jout opdracht om Miles en Gregor út in luchtslûs it luchtliddige yn te smiten. Ear't dat barre kin, wurde se lykwols rêden troch Elena Bothari Jesek, Ky Tung en Arde Mayhew, dy't âlde freonen fan Miles binne. Se wurde fan it stasjon ôf slûke en op 'e nij dwers troch it Hegen-mulpunt skipe, diskear nei it romtestasjon by it wjirmgat nei Vervain. Miles is der no fan oertsjûge rekke dat by Vervain ek de oarsaak fan 'e destabilisaasje fan it mulpunt socht wurde moat, mei't de Polezen allinne mar reägearje op 'e aksjes fan oaren, de Jacksonianen der hoegenamt gjin belangstelling foar toane om militêr fanwegen te kommen en de Aslunders dêr wol paranoïdernôch foar lykje, mar der de middels net ta hawwe.

Fuort nei't se it Vervaanske stasjon berikke, wurde se ferret troch de kaptein fan it skip dat harren ferfierd hat, en wurde se alwer finzen nommen, no troch hierlingen fan Randall's Rangers, dy't ûnder befel blike te stean fan Cavilo, itselde frommeske dat Miles arrestearje litten hie op it romtestasjon fan Jackson's Whole en dat Miles earder kennen leard hie ûnder de skûlnamme Livia Nu. In noch gruttere ferrassing is dat har ûnderbefelhawwer nimmen oars as generaal Stannis Metzov is, Miles syn âlde kommandant út Kamp Permafrost. It spul rekket yn in streamfersnelling as Metzov Gregor wer ken. Miles wurdt opsletten yn in sel, wylst Gregor in staasjekeamer tawiisd kriget. Miles kriget syn keizer en freon net wer te sjen, mar makket letter út Cavilo har praat op dat Gregor by har it idee yn 'e holle plante hat dat se keizerinne fan Barrayar wurde kin. Om't Miles dingen oer har wit dy't it deiljocht eins net ferdrage kinne, stjoert Cavilo him werom nei it Aslunder stasjon, sabeare om it befel oer de Dendarii oer te nimmen, mar eins om him út 'e wei te romjen sûnder sels syn bloed oan 'e hannen te krijen.

Miles hat einlik wat lok as er deunby it Aslunder stasjon yn in rêdingskokon dumpt wurdt en oppikt wurdt troch de Ariel, it Dendarii-skip fan syn âlde freon Bel Thorne, in Bêtaanske hermafrodyt. Feilich oan board fan 'e Ariel beslút Miles it lêste te dwaan dat Cavilo ferwachtet: in fermoedsoening mei admiraal Oser ta stân bringe, wat him slagget om't er de man mei wurden wol oer kin. Nei't er op it Aslunder stasjon oankommen is, fynt der in moardoanslach op him plak, mar dy mislearret en de dieder, dy't generaal Metzov blykt te wêzen, wurdt fêstset. By in ûnderfreging nei tatsjinning fan it wierheidssearum fluch-penta fertelt Metzov dat it hiele spul in Cêtagandyske yntriizje is om it Hegen-mulpunt oan harren ryk ta te foegjen. It is de bedoeling dat Randall's Rangers Vervain fan 'e iene kant ôf oanfalle sille en in Cêtagandyske float fan 'e oare kant ôf. Ienris yn it Vervaanske stelsel sille de Cêtagandiërs sa fluch mooglik trochstjitte nei it Hegen-mulpunt.

Miles sjocht no yn dat it syn plicht om te besykjen de Cêtagandiërs by it wjirmgat fan Vervain nei it Hegen-mulpunt tsjin te kearen, sawol om't dat de belangen fan it Barrayareeske Ryk tsjinnet, as om 'e Vervanen, Aslunders en Polezen te behoedzjen foar in Cêtagandyske besetting. Om dat te berikken, wol er de Dendarii ynsette. Oser wegeret dêroan mei te wurkjen, mar wurdt oermastere en opsletten; Miles en Tung nimme it befel oer de float oer. Neitiid bringt Miles de Dendarii nei it Vervaanske romtestasjon en beweecht dêr Cavilo ta in rendez-vous, wêrby't er har earst Gregor ûntfytmannet en har dan finzen set. Tegearre twinge Miles en Gregor har om Randall's Rangers oan 'e side fan 'e Dendarii te bringen. Gregor bliuwt efter op it Vervaanske stasjon om in ferdrach tusken Vervain en Barrayar te beävensearjen, wylst Miles mei de beide hierlingefloaten troch it wjirmgat nei it Vervaanske stjerrestelsel giet, dêr't de striid mei de Cêtagandiërs dan al losbarst is. Miles en Tung geane de slach oan om 'e Cêtagandiërs by it wjirmgat nei it Hegen-mulpunt wei te hâlden. Underwilens brekke Oser mei guon syn oanhingers en Metzov en Cavilo út 'e skipsfinzenis dêr't se fêstsieten. Oser-en-dy besykje yn in shuttle ien fan 'e oare Dendarii-skippen te berikken, dêr't er fan leaud dat de bemanning op syn hân wêze sil, mar de shuttle wurdt healwei opblazen troch de Cêtagandiërs. De striid ferrint almar fierder yn it neidiel fan 'e Dendarii, mar krekt as alle hope ferlern liket, arrivearret der troch it wjirmgat in Barrayareesk-Poleesk-Aslunder float ûnder befel fan Miles syn heit. De Cêtagandiërs begjinne har dan al rillegau werom te lûken en de oarloch is wûn.

Neitiid docht bliken dat Metzov en Cavilo net mei Oser-en-dy yn 'e shuttle gien wiene, mar harren beskûl holden hawwe yn Miles syn eigen hut. As Miles der dêr wer yn komt, besiket Metzov him te smoaren, mar Cavilo rêdt him troch de generaal dea te sjitten. Sa't Gregor en Miles mei har ôfpraat hiene, mei Cavilo dan ôfsette mei de restanten fan Randall's Rangers, hoopjend om 'e Cêtagandyske wraak foar har ferrie foar te bliuwen. Fierders wurdt der in definsjepakt tekene tusken Barrayar, Pol, Aslund en Vervain. Gregor akseptearret de Dendarii yn it geheim as syn persoanlike kriichsmacht en Miles wurdt detasjearre as ferbiningsofsier fan ImpSec mei 's Keizers Eigen Dendarii Hierlingen ("Want," sa seit ImpSec-sjef Simon Illyan, "as ik dy net earne oars hinne stjoer, dan bist hjirre.")

Oersettings[bewurkje seksje | edit source]

  • Flag of France.svg Frânsk (Miles Vorkosigan), fert. Arlette Rosenblum, 1992;
  • Flag of Italy.svg Italjaansk (Il Gioco dei Vor), fert. Gianluigi Zuddas, 1992;
  • Flag of Bulgaria.svg Bulgaarsk (Igrite na Vor), fert. Minčo Benov, 1993;
  • Flag of Spain.svg Spaansk (El Juego de los Vor), fert. Adriana Oklander, 1993;
  • Flag of Germany.svg Dútsk (Der Prinz und der Söldner), fert. Michael Morgental, 1994;
  • Flag of Russia.svg Russysk (Igra Forov), fert. I. Dernov, 1995;
  • Flag of Japan.svg Japansk (Voru Geimu), fert. Ayako Ogiso, 1996;
  • Flag of Lithuania.svg Litousk (Foru Žaidimai), fert. Nomeda Berkuvienė, 1996;
  • Flag of Croatia.svg Kroätysk (Vorska Igra), fert. Milena Benini-Getz, 1998;
  • Flag of Poland.svg Poalsk (Gra), fert. Patrycja Fiodorow, 1999;
  • Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk (Vorova Hra), fert. Silvie Sustrová, 2001;
  • Flag of Israel.svg Hebrieusk (Mishakay Atsula), fert. David Chanoch, 2003;
  • Flag of the People's Republic of China.svg Sineesk (?), fert. ?, 2004;
  • Flag of South Korea.svg Koreaansk (Porŭ Geim), fert. Sang-hun Kim, 2008;
  • Flag of Estonia.svg Estysk (Vori Mäng), fert. Allan Eichenbaum, 2011.[6]

Prizen en Nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

The Weatherman[bewurkje seksje | edit source]

The Vor Game[bewurkje seksje | edit source]

  • Wûn de Hugo Award foar de bêste roman fan 1990;
  • nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1990;
  • nominearre foar de SF Chronicle Award foar bêste roman fan 1991;
  • útroppen ta e-boek fan it jier 2002 troch www.fictionwise.com.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 835.
  2. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 835-837.
  3. Bernardi, Michael, Lois's Dedications (www.dendarii.com).
  4. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 837.
  5. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  6. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  7. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

De Vorkosigan-kroniken
Dreamweaver's Dilemma | Falling Free | Shards of Honor | Barrayar | The Warrior's Apprentice | The Mountains of Mourning | The Vor Game | Cetaganda | Ethan of Athos | Labyrinth | The Borders of Infinity | Brothers in Arms | Borders of Infinity (ramtferhaal) | Mirror Dance |
Memory | Komarr | A Civil Campaign | Winterfair Gifts | Diplomatic Immunity | Captain Vorpatril's Alliance | CryoBurn