Swiertekrêft

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De swiertekrêft of gravitaasjekrêft is in oanlûkende krêft dy't twa (punt-)massa's op inoar útoefenje. De swiertekrêft soarget dêrfoar dat alles op ierde in nei ûnderen geande krêft ûnderfynt. De swiertekrêft wurket ek op grutte ôfstân, bygelyks tusken de ierde en de moanne en tusken stjerrestelsels. De swiertekrêft, feroarsaket ek it fallen fan in appel en soarget der allyksa foar dat de moanne of in satellyt yn in baan om de ierde bliuwt en dat de ierde yn in baan om de sinne bliuwt.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer astronomy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.