Brune rôt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brune rôt
Rattus norvegicus -Fairlands Valley Park, Stevenage, England-8.jpg
taksonomy
Ryk: dieren (Animalia)
Stamme: rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: sûchdieren (Mammalia)
Skift: kjifdieren (Rodentia)
Famylje: mûseftigen (Muridae)
Skaai: echte rotten (Rattus)
soarte
Rattus norvegicus
Berkenhout, 1769
IUCN-status: net bedrige

De brune rôt (Latynske namme: Rattus norvegicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus), dat nei alle gedachten de bekendste moderne rottesoarte is. Dit bist wurdt yn it Frysk ek wol ierdrôt, gewoane rôt of rioelrôt neamd, of sels wol "wetterrôt", al is dat eins in hiel oars bist. It tinken is dat de brune rôt fan oarsprong op 'e Noardaziatyske flakten libbe, mar dat er him earne yn 'e Midsieuwen dêrwei oer de rest fan 'e wrâld ferspraat hat, grutdiels mei (de ûnbedoelde) help fan 'e minske. Tsjintwurdich komt er frijwol oeral foar, mei útsûndering fan Antarktika. It is ien fan 'e grutste mûseftigen en de dominante rottesoarte yn Jeropa en grutte parten fan Noard-Amearika. Yn Nederlân, Fryslân ynbegrepen, is syn foarkommen algemien. Wat de fersprieding en ek it oanpassingsfermogen oanbelanget, is it ien fan 'e súksesfolste sûchdieren fan 'e wrâld. Brune rotten wurde ek wol as hûsdieren en as proefdieren yn laboratoaria holden.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Algemien foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

Fersprieding fan 'e brune rôt.

It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e brune rôt omfieme wierskynlik de flakten fan noardlik Aazje, yn Noard-Sina en Mongoalje. It is ûndúdlik wannear't er krekt komminsaal mei de minske waard, mar nei alle gedachten begûn er him fanôf dat punt oer de rest fan 'e wrâld te fersprieden. It tinken is dat dat earne yn 'e Midsieuwen west hawwe moat. By dy fersprieding folge de brune rôt de rûtes fan minsklike migraasje, oer lân, mar fral ek oer see; brune rotten wiene withoelang de ûnwinske mar ûntsjinkearbere fersteklingen op elts skip.

De brune rôt fan tichteby.

It is mooglik dat de brune rôt al yn 1553 yn Jeropa oanwêzich wie, in konklúzje dy't men wol lûkt op grûn fan in yllústraasje en omskriuwing fan 'e Switserske wittenskipper Conrad Gesner yn dy syn boek Historiae Animalium, dat yn dielen publisearre waard tusken 1551 en 1558. Hoewol't Gesner syn omskriuwing ek op 'e swarte rôt slaan kinne soe, makket er gewach fan in heech persintaazje fan albino-eksimplaren, wat ûnder wylde populaasjes fan 'e brune rôt net ûngewoan is, mar by de swarte rôt frijwol net foarkomt. Yn elts gefal hie de brune rôt yn 1722 Ierlân berikt, yn 1730 Ingelân, yn 1735 Frankryk, yn 1750 Dútslân en yn 1800 Spanje; dêrby giet it om wisse dokumintaasje, mar syn oanwêzigens yn dy lannen giet mooglik folle fierder tebek. Under de Yndustriële Revolúsje begûn er foar it earst algemien foar te kommen. Noard-Amearika berikte de brune rôt tusken 1750 en 1755, Austraalje yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde ieu, en Nij-Seelân teminsten foàr 1800, mooglik sels al op 'e skippen fan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook.

By de útwreiding fan syn ferspriedingsgebiet begûn de brune rôt op 'e measte plakken dêr't minsken libben (wêrûnder Jeropa) de swarte rôt te ferkringen. Behalven dat er grutter en agressiver is as syn swarte neef, waard dat ek yn 'e hân wurke troch de feroaring fan minsklike wenningfoarmen dy't yn deselde snuorje plakfûn: fan houten wenten mei reidtekken ta stiennen huzen mei pandakken. De brune rôt is nammentlik in hoalegraver en fielt him tusken stiennen op syn plak, wylst de swarte rôt mear in beammeklimmer is, dy't fan hout en reid hâldt. Ek frette brune rotten mear ferskillende dingen, wylst se teffens oer in ekstremere temperatueren kinne.

Tsjintwurdich binne de iennichste gebieten dy't de brune rôt net kolonisearre hat de Arktis en Antarktika, dêr't it him te kâld is en dêr't gjin permaninte minsklike bewenning is. Fierders komt er likemin foar op guon isolearre eilannen dêr't men der alle war oan docht om dat sa te hâlden, lykas Iislân, wylst er yn guon gebieten, lykas de Kanadeeske provinsje Alberta en dielen fan Nij-Seelân, mei in protte muoite útroege is. Yn Nij-Seelân en op in protte eilannen yn 'e Stille Súdsee hat de brune rôt grutte ekologyske skea oanrjochte, benammen troch syn oanfretten fan fûgelnêsten, dat ta it útstjerren fan ferskate lânseigen fûgelsoarten laat hat.

In brune rôt.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân, Fryslân ynbegrepen, komt de brune rôt frij algemien foar, al is de populaasje yn 'e lêste desennia wat weromrûn fanwegen de ynfiering fan lisboksstâlen en oare foar rotten ûngaadlike modernisaasjes yn 'e lânbou, en troch it flugger ôfdekken fan jiskebulten mei ierde. Allinnich op Flylân, Skylge en de ûnbewenne Waadeilannen libje gjin permaninte populaasjes brune rotten.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

De brune rôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 19-30 sm, mei in sturtlingte fan 15-22 sm en in gewicht fan 250 (♀) oant 350 (♂) g (al kinne útsûnderlik grutte domestisearre eksimplaren hast in kg weagje). Dêrmei is de brune rôt frij grut foar in mûseftige, en kin er twa kear sa swier wêze as de swarte rôt. Ferhalen oer brune rotten sa grut as katten binne lykwols fiskerslatyn, of berêste mooglik op misidentifikaasje mei gruttere soarten as de muskusrôt of de beverrôt.

Ferliking fan uterlike skaaimerken fan 'e brune rôt en de swarte rôt.

Hoewol't se "brún" hjitte te wêzen is de kleur fan 'e frij lange en stribbelige pels fan 'e brune rôt nochal fariabel: de rêchside is ornaris giel- oant griisbrún, de fangen wat ljochtere nuânses brunich en de bealch smoarch wyt oant griis. De dekhierren op 'e rêch stekke net sa dúdlik út as dy fan 'e swarte rôt. Albinisme komt geregeldwei foar en ek binne der swarte brune rotten (likernôch 2% fan wylde populaasjes). Krektlyk as oare kjifdieren kinne brune rotten in stikmannich patogenen by har drage, dy't ta sykten as Q-koarts, paratyfus, trichinoaze (wjirmynfeksje), de sykte fan Weil en it hantafirus liede kinne. Harren rol by it oerbringen fan hûnsdûmens, tongblier, bargepest en de sykte fan Bang is net bewiisd.

Brune rotten hawwe in tige skerp gehoar, en kinne ultrasoane lûden hearre, en teffens hawwe se in tigen rooksin. Har gesichtsfermogen is lykwols min, en yn albino-eksimplaren noch helte minder. Se sjogge likernôch sa't minsken mei read-griene kleureblinens sjogge, útsein dat harren blaupersepsje in stik yn it ultrafiolette spektrum op giet, wêrmei't se dan wer dingen sjen kinne dy't foar minsken ûnsichtber binne.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

Brune rotten binne komminsale bisten, en hâlde it leafst yn 'e neite fan minsklike bewenning ta, yn pleatsen, wenten, hokken, pakhuzen, fabriken en winkels. Der wurdt gauris sein dat der likefolle rotten as minsken yn stêden wenje, mar dat ferskilt fan gebiet ta gebiet, ôfhinklik fan klimaat en oare libbensomstannichheden. Skattings fan 'e rottepopulaasje yn in stêd as New York rinne útinoar fan 100 miljoen oant 250.000 eksimplaren. Yn Grut-Brittanje wurdt wol rûsd dat der 81 miljoen rotten yn it lân libje, wat betsjutte soe dat se yn ferhâlding mei minsken rom yn 'e mearderheid wêze soene.

In rudige stedsrôt (brune rôt).

Stedske rotten kinne, salang't der genôch fretten foar hannen is, mei in tige beheind wengebiet ta, en bejouwe har dan har hiele libben faak net mear as 20 m fan har nêst. De grutste populaasjes libje yn stêden yn 'e rioelen (dêrfandinne de beneaming "rioelrôt") en op jiskebulten, dêr't se troch minsken fan in romme en oanhâldend oanfolle foarrie fretten foarsjoen wurde. Yn ôfwêzigens fan minsken jouwe brune rotten de foarkar oan in fochtich biotoop, lykas riviersiggen en sleatswâlen, salang't dy mar ticht begroeid binne, en reidfjilden. Sels yn sokke habitats is harren aksjeradius yn 'e regel minder as 100 m.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | edit source]

De brune rôt is yn it foarste plak in nachtdier, hoewol't er soms ek oerdeis yn 't spier is. It is in goede swimmer, sawol oan it wetteroerflak as ûnder wetter (wat der de reden foar wêze sil dat er soms foar in wetterrôt oansjoen wurdt), mar oars as de swarte rôt giet klimmen him min ôf. Brune rotten binne natuerlike gravers, wêrby't se net inkeld har poaten ynsette, mar ek har kjiftosken, dêr't se mei troch alderhanne hurde materialen hinne gnauje. Soks kin yn gebouwen grutte skea oanrjochtsje. As se net by de minske ynwenje, grave brune rotten yn wetterrike omkanten frij grutte hoalestelsels yn wâlen en tusken stiennen en beamwoartels, mei gongen dy't sa'n 9 sm yn trochsneed binne. Fral wyfkes en jonge mantsjes hawwe oanstriid ta graven, in ympuls dy't âldere mantsjes hast hielendal ferlieze.

In brune rôt yn in blommebak yn New York.

Brune rotten binne sosjale bisten, dy't inoars pels oanhâldend fersoargje en mei-inoar op in protsje sliepe, wat in ynstinktive foarm fan waarmtesparring is. Krekt as hûneridels hawwe ek rottetroepen in hierargyske opbou, en elts bist wit krekt wat syn posysje yn 'e rottemaatskippij is. Troepgenoaten wrakselje faak mei-inoar, wêrby't se inoar dan yn 'e hals besykje te biten; yn serieuze gefjochten bite se inoar krekt yn it efterein. Sokke serieuze gefjochten komme foar tusken leden fan ferskillende rottetroepen, mei't brune rotten territoriale bisten binne, en kinne fierders ek foarkomme tusken leden fan deselde troep ûnderinoar as der te min iten of wenromte ûntstiet. Agressive rotten sette har hier op, blaze, piipje en slane mei de sturt.

Rotten kommunisearje mei-inoar troch ultrasoane lûden, dy't foar minsken ûnhearber binne, mar opfongen wurde kinne mei flearmûsdetektors. Ien foarm fan sokke ultrasoane kommunikaasje is in tsjirpend lûd dat utere wurdt by it wrakseljen, foar it pearjen of as se kidele wurde, en dat wol ferlike is mei laitsjen. Dêrnjonken meitsje brune rotten ek foar minsken hearbere lûden, mei as meast foarkommende it toskeknarseljen dat ornaris in teken fan tefredenens is, mar dat ek bedoeld wêze kin om harsels gerêst te stellen as se senuweftich binne.

De brune rôt hat gjin fêste peartiid, mar kin him it hiele jier troch fuortplantsje, ynsafier't alteast de libbensomstannichheden dat talitte. Dêrby kinne wyfkes wol fiif nêsten jongen jiers produsearje. De draachtiid duorret 21 dagen, en de nêsten kinne út 1-15 jongen bestean, hoewol't it yn trochsneed in stik as 7, 8 binne. Yn sa'n 5 wiken binne de jongen sels ek wer geslachtsryp. Brune rotten kinne maksimaal 3 jier âld wurde, hoewol't se yn it wyld faak mar kwealk 1 jier folmeitsje. Folwoeksen brune rotten hawwe, alteast yn Nederlân, net in geweldich soad natuerlike fijannen. Foksen en losrinnende of spesjaal foar de rottejacht belearde hûnen binne datoangeande it wichtichst. Jonge eksimplaren rinne ek gefaar fan ûlen en katten.

Fretten[bewurkje seksje | edit source]

De brune rôt is in wiere omnivoar, dy't hast alles yt dat ytber is (en ferskate dingen dy't dat net binne, sa't dupearre hûseigners befêstigje kinne). It grutste part fan it fretten bestiet lykwols út sied, nôt, biten en oar plantaardich materiaal, ynsekten, ies, fûgelaaien, wjirms, piken, lytse kjifdieren, slakken, swietwettermoksels, amfibyen en alderhanne ôffalresten. In stúdzje út 1964 kaam ta de konklúzje dat domestisearre brune rotten it leafst rieraai, makaroany mei tsiis (in typysk Amerikaansk gerjocht) en searne nôtkerlen ieten. Rauwe byt, pjisken en rauwe selderij ieten se allinnich mar as it echt net oars koe. It menu fan spesifike populaasjes hinget trouwens faak ôf fan 'e beskikberens fan fretten; sa hawwe brune rotten dy't by in fiskkwekerij yn 'e Amerikaanske steat West-Firginia libje, leard om fisk te fangen, wylst de populaasje op it Noardfryske Waadeilân Noardereach protters en wylde einen beslûpt en opfret.

Status[bewurkje seksje | edit source]

De brune rôt hat de IUCN-status fan "net bedrige". Krektoarsom, it bist foarmet op plakken in wiere pleach, en kin dan in protte skea en oerlêst feroarsaakje. Dêrfandinne dat brune rotten troch de minske faak yntinsyf bestriden wurdt, û.m. mei rottestappen en mei gif en oare gemyske bestridingsmiddels. Yn it ferline waard dêrfoar fral arsenikum brûkt, dat sadwaande oan syn namme fan "rottegif" of "rottekrûd" kaam. (It spul wie blykber frijwat prizich, wat it Frysk oan 'e útdrukking "rottekrûddjoer" holpen hat.)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, J., It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.