Tongblier

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Tongblier by in baarch
Tongbliermonumint yn Nijbroek

Tongblier (Latyn: Aphtae epizooticae) is in slim besmetlike firussykte dy't foarkomme kin by evenhoevigen lykas kij, bargen, skiep, harten en geiten. In siik bist krijt blierren yn de mûle, benammen op de tonge en hat de koarts.

De sykte is foar bisten slim besmetlik, ferlykber mei de gryp by minsken. Dêrom jilde der yn gefal fan tongblier alderhanne maatregels. De sykte kin troch in ferskaat oan firussen feroarsake wurde.

De sykte is it slimst by kij. Ek dêr is dy lykwols mei goede fersoarging net deadlik; nei likernôch twa wike is de ko wer sûn. In ko dy't ien kear siik west hat, hat in oare kear wjêrstân tsjin de sykte. Sûnder fersoarging stjert 1 as 2 persint fan de bisten. Tsjintwurdich wurde bisten mei tongblier lykwols faak ôfmakke, omdat de eksport fan fee stagnearret as de sykte de kop opstekt. Om dyselde reden wurdt der yn de measte lannen ek gjin gebrûk mear makke fan faksinaasje. Dat hat ta gefolch it risiko op in epidemy by it útbrekken fan tongblier folle grutter is as wat dy oars wêze soe.

Oare bisten as kij stjerre ornaris net oan tongblier mar wurde al siik. Ek oare bisten as evenhoevigen en ek minsken kinne troch direkt kontakt mei in siik bist, of troch it ynnimmen fan rauwe molke of rau fleis fan in siik bist lichte sykteferskynsels oprinne, mar hja rinne gjin risiko.

Tongblier yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tongblier is in sykte dy't al iuwenlang ûnder evenhoevigen foar komt. Yn 1838 waaide de sykte út Dútslân oer nei Nederlân. Sûnt dy tiid is de Nederlânske feestapel geregeldwei troffen troch tongblier. Yn 1894 waard de sykte op mear as 15.000 bedriuwen fêststeld en trije jier letter wiene 45.000 bedriuwen besmet mei tongblier.

Yn 1911 wie sprake fan in echte epidemy: 71.518 boere-bedriuwen, sawat ien op de trije, hie lêst fan tongblier.

Om 1940 hinne waard it mooglik kij tsjin tongblier te intsjen. Nei op 'e nij twa epidemyen yn 1947 en 1951, waard yn 1953 de regel ynsteld dat ûninte bisten net mear ferfierd wurde mochten.

Yn 1961 stuts de sykte yn Nederlân op 'e nij de kop op. It wiene doe logyskerwize de net inte bisten as bargen, skiep en geiten dy't de sykte oprûnen. Oan it ein fan de 60-er jierren wie de sykte sawat folslein út Nederlân ferdwûn.

Yn 1991 is it intsjen fan de bisten troch de Jeropeeske Uny fanwege ekonomyske redenen ôfskaft: Lannen bûten de EU akseptearje gjin faksinearre fleis.

Yn 2001 wie der yn Europa op ferskate plakken sprake fan tongblier. Yn Nederlân waarden 26 bedriuwen besmet ferklearre, wêrfan in tal yn de omkriten fan Ie. Der waard besletten ta it ôfmeitsjen fan 260.000 bisten op likernôch 2.600 bedriuwen om de sykte wer ûnder kontrôle te krijen.