Arktis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De reade line is de 10°C july-isoterm, dy't ornaris brûkt wurdt as de grins fan de Arktis.

De Arktis is it gebiet om de Noardpoal fan de Ierde. Dielen fan Ruslân, Alaska, Kanada, Grienlân, Laplân, Spitsbergen en de Noardlike Iissee lizze binnen de grinzen fan de arktis. De 10 °C july-isoterm grins wurdt ornaris brûkt as grins fan de Arktis.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

De Arktis hat kâlde winters en koele simmers. De delslach komt meast as snie. De jierlikse delslach yn de Arktis is lykwols leech, yn it grutstepart falt mar in lytse 50 cm. It liket wol dat it dêr faak sniejaget, mar dat is opwaaide snie troch de hurde winen dy't faak yn it gebiet hearskje. De trochsneed wintertemperatuer kin sa'n -40 °C wêze; de leechste temperatuer ea metten, hat sa'n -68 °C west. De kustgebieten fan de Arktis hawwe in mylder klimaat troch de ynfloed fan de oseaan; dêr lizze de temperatueren trochstrings heger en falt mear snie as yn de kâldere en droegere ynlânske gebieten. De opwaarming fan de ierde is goed te fernimmen yn de Arktis, iisfjilden wurde lytser en troch it ranen fan de toendra komt hieltiten mear metaangas frij.

Meidat de isotermen fan de ierde nei it noarden opskowe (goed 60 km de tsien jier), krimpt it Arktysk gebiet (neffens de definysje fan temperatuer en beamgrins) op it heden.[1] Dit proses is faaks it bêst te fernimmen oan it jierliks ferlies fan seeiis. Guon modellen foarsizze dat it iis yn de moanne septimber (benei) hielendal fuort wêze sil yn 2040, oare foarsizzende kompjûtermodellen hâlde it op in flink skoft nei 2100. Likernôch 50% fan de analyses foarseit it hast hielendal, of sels folsleine, ferdwinen fan it seeiis, yn de moanne septimber, yn it jier 2100.

Arktyske kultueren[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hansen, Jim: The Planet in Peril – Part I; Yale Center for the Study of Globalization; 19 oktober 2006
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arktis fan Wikimedia Commons.