Frâns Joazeflân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje yn de [[Noardlike Iissee]]

Frâns Joazef(s)lân (Russysk: Земля Франца Иосифа, Zemlja Frantsa Iosifa) is in kloft fan sa'n 187 (of 191?) fulkanyske eilannen noardeastlik fan Spitsbergen, bewesten fan de eilannegroep Severnaja Zemlja (Noardlân) en benoarden Nova Sembla en de Barentssee. Hja binne part fan de Russyske oblast Archangelsk. De eilannen hawwe in totaal oerflak fan 20.700 km² (neffens oare boarnen 16.090 km²) en binne it noardlikst gebiet fan sawol Europa as Ruslân. Kaap Fligely (August fan Fligely) op it Rudolfeilân (ostrov Roedolfa) is de meast noardlike punt fan de kloft. De eilannen lizze yn de tiidsône fan de oblast Archangelsk (MSK/MSD).

De eilannen waarden yn 1873 tafallich ûntdekt yn de Eastenryksk-Hongaarske Noardpoalekspedysje troch poalûndersikers Julius von Payer en Karl Weyprecht en neamd nei Keizer Frans Jozef I.

Allinne at men spesjale tastimming hat kin men de eilannen besykje.

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

De eilannen besteane út fjorden, ynholten en meastal beferzen seeïngtes. It noardlikste punt fan Frâns Joazeflân leit op sa'n 900 kilometer fan de noardpoal. It súdlikste eilân leit op likernoch 370 kilometer fan it eilân Nova Sembla.

Kaart fan Frâns Joazeflân.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Der hearsket in strang arktysk kilmaat op de arsjipel en stoarmje docht it der faak. Oan de ein fan de koarte simmer is it faak mistich. De temperatuer is simmers trochsneed +2 °C en -22 °C yn de winter. De lêste jierren wiene de temperatueren útsûnderlik, fan +10 °C en -48,9 °C. Dizze feiten komme fan it waarstasjon Nagoerskoje op Alexander-Lân yn it westen fan de arsjipel.

De eilannen lizze oan de râne fan de pakiisgrins. Dat betsjut dat it iis benoarden fan de arsjipel ek simmerdeis net raant.

Floara en fauna[bewurkje seksje | edit source]

Sa ticht by de noardpoal waakst net folle. Op Frâns Joazeflân binne ferskillende soarten moas en gers. Der komme in stik as wat simmerbloeiers foar mei in koarte libbenssyklus. Op guon fan sinne beskynde sniefjilden waakse iisalgen dy't opfallende kleuren hawwe, sa as skarlekkenread en gersgrien.

De meast foarkommende bistesoarten binne walrussen, seehûnen, poalfoksen, iisbearen en ferskate ynsektesoarten. De kliffen en strannen wurde troch seefûgels befolke dy't hjir ek harren jongen krije. Allinne de iisbeer oerwintert op de arsjipel.

De arsjipel (kar út)[bewurkje seksje | edit source]

  • Alexandralân (Zemlja Aleksandry) hat in waarstasjon en it fleanfjild Nagoerskoje. Yn de Kâlde Oarloch wie dêr ek in radarstsjon.
  • Georg-eilân (ostrov Georga) mei it skiereilân Armitidsj is it grutste eilân.
  • Graham Belleilân hat de langste lanningsbaan fan de arsjipel (2.100 meter), gaadlik foar swiere frachtfleanmasines.
  • Hall-eilân mei de typearjende rots Kaap Tegethoff. Hjir seagen Peyer en Weyprecht foar it earst wer lân, nei't hja tsien moannen troch it iis ynsletten west hiene.
  • Northbrook is betreklik goed tagonklik.
  • Rudolfeilân (Ostrov Roedolfa) is it meast noardlike eilân en dêrwei setten de poalekspedysjes ein 19e ieu en begjin 20e ieu útein. Dit barde fanút de Teplitz-baai, dêr is in koarte lanningsbaan op it iis oan de foet fan de gletsjer.
  • Wiener Neustadteilân (Ostrov Viner Nejsjtadt) hat de heechste berch fan de eilannekloft.
  • Ziegler-eilân (ostrov Ziglera), hjir wie it Eastenrykske observaasjestasjon "Payer-Weyprecht".
Kaap Tegetthoff
Northbrook-eilân

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It seegebiet om Frâns Joazeflân hinne waard yn de 17e ieu troch robbejagers en walkisjagers ûntdekt. Oanwizings dêrfoar foarmje de dokuminten fan de Nederlânske seefarder Cornelis Roule út 1675. Yn 1868 met de Noar Nils Fredrik Rönnebeck in oantal eilannen en easke it lân foar Noarwegen op. Hy neamde it Rönnebecks-lân. Op 30 augustus 1873 ûntduts de Eastenrykse ekspedysje fan Karl Weyprecht en Julius von Payer it eilân Gallia (ostrov Gallja) op'en nij. De arsjipel, dy't doe noch ta Noarwegen hearde, waard doe earst nei keizer Frans Jozef I ferneamd. It súdlik gebiet waard foar en nei de oerwintering fan 1873/74 ferkend. De poalûndersikers Fridtjof Nansen en Hjalmar Johansen oerwinteren yn 1895/96 op Kaap Noarwegen op it Jacksoneilân (ostrov Dzjeksona) nei't it harren net slagge wie om de noardpoal te berikken. De folgjende simmer moeten hja de Britske poalûndersiker Frederick Jackson.

Op it plak fan de earste ûntdekking op Kaap Tegetthoff (Mys Tegetchof) waard by de Walter Wellman-Ekspedysje (1898-1899) in tinkstien oprjochte. Op Kaap Geller op Wilczeklân (Zemlja Viltsjeka; neamd nei Johann Nepomuk Graf Wilczek) oerwinteren yn 1899 ek in oantal leden fan de Welle-Ekspedysje. Yn 1901 moasten de ekspedysjeleden fan de Amerikaanske Evelyn Baldwin op it Algereilân (ostrov Aldzjer) oerwinterje. Op it Northbrook-eilân waard yn 1904 stienkoal dold troch in expedysje dêr't it skip fan letter by it Rudolf-eilân sonk.

Yn 1926 kaam Frâns Joazeflân oan de Sovjet-Uny en tusken 1929 en 1963 wie de Tichajabaai op Hookereilân (ostrov Goekera) it wichtichste begjinpunt foar poalekspedysjes. Yn 1931 fleach LZ 127 "Graf Zeppelin" oer de arsjipel oant oer de noardlikste lânpunt (Kaap Fligeli).

Yn de Twadde Wrâldkriich wie der tusken augustus 1943 en july 1944 in geheim Dútsk waarstasjon mei de koadenamme "Schatzgräber" op Aleksanderlân. It personiel moast der lykwols wei út reden fan sykte. De materialen waarden yn oktober 1944 troch ûnderseeboaten fuorthelle.

Yn de Kâlde Oarloch wie de hiele arsjipel ôfsletten gebiet fanwege syn strategyske lizzing. Op Graham Belleilân (ostrov Greem Bell) wie in bommewerpereskader stasjonearre.

Op 23 desimber 1996 ferûngelokke in Russyske fleanmasine (Antonov An-72) by de lanning op fleanfjid Nagoerskoje. Yn april/maaie 2005 waard de Payer-Weyprecht-betinkingsekspedysje mei spesjale tastimming nei Frâns Joazeflân makke. De modern útriste groep bestie út twa Eastenrikers, twa Russen en in poalhûn.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Payer, Julius, Die österreichisch-ungarische Nordpol-Expedition in den Jahren 1872-1874
  • Andreas Umbreit: Spitzbergen mit Franz-Joseph-Land und Jan Mayen, Conrad Stein Verlag 7de druk 2004 ISBN 3-89392-282-2
  • Andreas Pöschek, Geheimnis Nordpol. Die Österreichisch-Ungarische Nordpolexpedition 1872-1874. - Wenen: 1999
  • H. Straub, Die Entdeckung des Franz-Joseph-Landes, Styria-Verlag 1990.
  • Christoph Ransmayr: Die Schrecken des Eises und der Finsternis - Roman, Wenen 1984 en 1998 Fischer Taschenbuch: ISBN 3-596-25419-1

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Kaarten