Fredrik Hjalmar Johansen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fredrik Hjalmar Johansen
Nansen (lofts) en Johansen op Kaap Flora nei harren tocht oer it pakiis.

Fredrik Hjalmar Johansen (Skien, 15 maaie 1867Oslo, 4 jannewaris 1913 ) wie ien fan de bekendste turners yn Noarwegen. Hy naam diel oan Fridtjof Nansens poalekspedysje mei de Fram yn 1893, en gie mei Nansen op ski's noch fierder rjochting noarden yn 1895. By it weromkommen yn Noarwegen waarden se as helden ûnthelle.

Johansen waard promovearre ta kaptein by de ynfantery, mar koe dy rang net lang behâlde. Hy rekke oan de drank en ferliet it leger. Hy slagge yn it ôfkicken op Spitsbergen fan 1907-1909. Dêrnei folge rehabilitaasje.

Yn 1910 wie er lid fan Roald Amundsens ekspedysje nei Antarktika. Amundsen begûn earder oan dy tocht om Robert Falcon Scott foar te wêzen yn de race nei de Súdpoal. Johansen en in oar lid fan de ekspedysje rekken troch dit beslút yn gefaar by min waar. Diskusjes mei Amundsen folgen, Johansen waard degradearre en krige úteinlik dien doe't hja op weromreis Tasmaanje oandiene. Johansen fielde him tige krinke troch Amundsen, rekke depressyf en hat yn 1913 selsmoard dien.