Ewinken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
wenning fan Ewinken yn it etnografysk museum fan Oelan-Oede, Ruslân

De Ewinken is in nomadysk Toengoezysk folk út Noard-Aazje. Yn Ruslân (befolking 35.527, 2002) wurde se erkend as ien fan de ynhiemske folken fan it Russyske Noarden. Yn Sjina (befolking 38.701, 2000) as ien fan de 56 offisjeel erkende etnyske groepen yn Sjina. Yn Mongoalje wenje ek in pear tûzen Ewinken.

Ewinken yn Ruslân[bewurkje seksje | edit source]

De Ewinken wienen eartiids bekend as Toengoezen. Dizze beneaming waard ferspraat troch de Russen, dy't it oernomd hiene fan de Jakoeten en de Sibearyske Tataren yn de 17e ieu. De Ewinken neamden harsels lykwols Ewinken en dit waard nei 1931 ek harren offisjele namme. Se waarden ek Oroken (de bewenners fan de Oro(rivier), Orochon (rindierkweker) of Ile (in minsklik wêzen) neamd.

Neist Ewinken steane op de list fan ynhiemse folken fan Sibearje ek lyksa neamde groepen as de Evenen (earder Lamoeten). Hoewol't dizze groep linke is oan de Ewinken, wurden de Evenen tsjintwurdich beskôge as in aparte etnyske groep.

De Ewinken binne ferspraat oer in geweldich grut gebiet yn de Sibearyske taiga fan de Ob yn it westen oant de See fan Ochotsk yn it easten en fan de Noardlike Iissee yn it noarden oant Mantsjoerije en Sachalin yn it suden. It totale gebiet is ± 2.500.000 km², dat is (nei de dat fan de Russen) it grutste wengebiet. De Ewinken libje yn de Oblast Tjoemen, Oblast Tomsk, Kraj Krasnojarsk, Evenkië, Oblast Irkoetsk, Oblast Tsjita, Oblast Amoer, Boerjaatsje, Jakoetsje, Kraj Chabarovsk en de Oblast Sachalin. 3802 Ewinken libje yn Evenkië sels, mear as 18200 in Jakoetsje.

Antropologysk hearre de Ewinken ta de Paleosibearyske groep fan it Mongoalyske type dat afstammet fan de âlde Paleosibearyske folken oan de Jenisej oant de See fan Okhotsk. It Ewinks is de grutste fan de noardlike groep fan de Toengoezyske talen dêr't ek it Ewiens en it Negidaals ta hearre.

Ewinken fan Sjina[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de folkstelling fan 2000 libben 30505 Ewinken yn Sjina, as Soloanen of Kamniganen. 88.8% fan de Sjineeske Ewinken libbet yn it noarden fan Binnen-Mongoalje, tichtby de stêd Hailar. Der wenje ek 3000 Ewinken yn Heilongjiang.

Godstsjinst[bewurkje seksje | edit source]

Foar harren kontacten mei de Russen, wie de godstsjinst fan de Ewinken Sjamanisme. In soad fan har namen ek it Tibetaansk boeddisme oer. De Ewinken yn Ruslân én Sjina binne bekeard ta it Eastersk kristendom, krektas de buorfolken lykas Evenen en oare Sibearyske stammen. Se namen dizze godstsjinst oer trochr de kontakten by de Russyske ekspânsje yn Sibearje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • The Evenks (in) De Ewinken yn The Red Book of People of the Russian Empire