Hudsonbaai

Ut Wikipedy
Hudsonbaai

De Hudsonbaai (Ingelsk: Hudson Bay, Frânsk: Baie d'Hudson) is in grutte binnensee yn noardlik Kanada, oerflak sa'n 1.200.000 km². Troch de Strjitte Hudson is er mei de Atlantyske Oseaan ferbûn.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfwettering fan in tige grut gebiet, mei dielen fan Ontario, Quebec, Saskatchewan, Alberta, grutste part fan Manitoba, súd-east Nunavut, en parten fan Noard Dakota, Súd Dakota, Minnesota en Montana, giet fia de Hudsonbaai. In lytsere ynholte fan de baai, de Jamesbaai, stiket út nei it suden. De eastlike Cree-yndianen neame Hudson- en Jamesbaai Wînipekw (súdlik dialekt) of Wînipâkw (noarlik dialekt), dat 'muddy of brak wetter' betsjut.

Foar de eastkust fan de baai lizze in protte eilannen. Sy hearre allegear ta it Nunavut-terrirorium. Ien eilannekloft hjit Belchereilannen, in oare groep binne de Ottawa-eilannen.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iisfoarming begjin novimber.

De hiele regio hat it hiele jier troch lege trochsneed temperaturen. Yn Churchill op 59°N is de trochsneed temperatuer -5 °C; Archangelsk yn Noard-Ruslân, dat op 64°N leit is it trochstrings 2 °C.[1]) De wettertemperatuer leit yn de lette simmer op 8°-9 °C. De baai is fan mids desimber oant mids juny foar it grutste part beferzen. Stadichoan wurdt de temperatuer yn de regio heger, metten oer de lêste 100 jier, wat blykt út in langere iisfrije perioade, dy't yn de 17e iuw mar fjouwer moanne duorre.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hudsonbaai waard ûntdutsen troch Henry Hudson yn 1610, en yn de neikommende jierren fierder ferkend troch oaren dy't sochten nei de Noardwestlike Trochfeart. Yn 1670 waard de Hudson's Bay Company oprjochte, dy't fanôf de ouwers fan de Hudsonbaai mei de Yndianen hannele yn bont. De kompanjy hie it hannelsmonopoalje yn en de eigendomsrjochten foat it gebiet om de Hudsonbaai; dizzen waarden op 9 april 1869 tsjin in finansjele fergoeding troch de steat Kanada oernaam.

Mienskippen oan de kust[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kust fan de Hudsonbaai is tige tinbefolke; dêr binne mar in stik as tolve doarpen. Guon waarden stifte yn de 17e - en 18e iuw as hannelspost troch de Hudson's Bay Company; dêrmei hearre se wol ta de âldste delsettingen fan Kanada. Doe't yn de twadde helte fan de 20e iuw in soad winkels en HBC posten de doarren sletten, wurde in protte kustdoarpen allinne noch bewenne troch de Cree en de Inuit.

De wichtichste plakken oan de Hudsonbaai binne:

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Arktyske Brêge

Arctic Bridge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hudsonbaai is tusken july en oktober befarber, winterdeis kin dit fanwege iis foar normale skippen net. De wichtichste haven is Churchill.

No't parten fan it Arktysk gebiet langer iisfrij bliuwe troch klimaatferoarings, hawwe Kanada en Ruslân in tanimmende ynteresse foar de baai, mei it each op potinsjele hannelsrûtes troch de Artyk en yn de Hudsonbaai. De saneamde "Arctic Bridge" soe Churchill, Manitoba en de Russyske havenstêd Moermansk sa meiinoar ferbine kinne.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. GHCN climatic monthly data, GISS, using 1995–2007 annual averages
  2. General Survey of World Climatology, Landsberg ed., (1984), Elsevier.
  3. [1] The Globe and Mail, Toronto, 18 oktober 2007, Russian ship crosses 'Arctic bridge' to Manitoba