Laptevsee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Laptevsee
Laptevzee.PNG
Lokaasje Noard fan Ruslân
See Arktyske Oseaan
Koördinaten 75°25'NB 125°44'EL
Oerflakte 672.000
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte
Maks. breedte
Maks. breedte {{{breedtemax}}}
Lingte
Oer
Laptev Sea map.png

De Laptevsee (Russysk: мóре Лáптевых) is in binnensee fan de Arktyske Oseaan. It leit tusken de eastkust fan Sibearje, it Taimyr Skiereilân, Noardlân en de Nij Sibearyske Eilannen. De noardlike grins rint fan de Arktyske Kaap oant Kaap Anisi. De Karasee leit nei it westen, de East-Sibearyskesee leit nei it easten. De Laptevsee is likernôch 672.000 kante kilometer grut. It is te befarren yn augustus en septimber.

De namme fan de see komt fan de Russyske ûntdekkingsreizgers Dmitry Laptev en Khariton Laptev. Earder hie de Laptevsee de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда), nei ûntdekkingsreizger Adolf Erik Nordenskiöld.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De grutste rivier dy’t yn de Laptevsee útkomt is de Lena. Oare wichtige wetterleveransiers binne de Khatanga, de Anabar, de Olenyok, de Omoloy en de Yana.

De grutte baaien fan de see binne de Khatanga Baai, de Olenyok Baai, de Buor-Khaya Baai en de Yana Baai.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Iere ekspedysjes[bewurkje seksje | edit source]

Yakov Permyakov en Merkury Vagin ferkenden it eastlike part fan de Laptevsee yn 1712, se ûntdekten doe Bolshoy Lyakhovsky Eilân. Spitigernôch waarden Permyakov en Vagin fermoarde op de wei werom troch harren eigen bemanning dy’t in oproer makken.

Yn 1735 sylde de Russyske ûntdekkingsreizger Vasili Pronchishchev fan Jakutsk de Lena by del yn in sloep mei de namme Yakutsk. Hy ferkende de eastkust fan de Lena delta en stoppe yn de winter oan de mûning fan de Olenyok. Spitigernôch kaam in grut part fan syn bemanning om it libben nei dat se siik, benammen oan skuorbúk, wurden wienen. Nettsjinsteande dizze swierrichheden kaam hy yn 1637 oan op de eastkust fan it Taymyr Skiereilân, wêrnei hy fierder nei it noarden tôch lâns de kustline. Pronchishchev en syn frou Maria krigen ek skuorbúk en kamen op harren wei werom om it libben.

Untdekkingsreizen fan de neven Laptev[bewurkje seksje | edit source]

Fan 1739 oant 1742 waard de Twadde Kamtsjatka Ekspedysje dien, ien fan de minsken dy’t mei wie, wie Dmitry Laptev, dy’t de kustline fan de mûning fan de Lena Rivier, lâns de Buor-Khaya Baai en de Yana Baai, nei de seestrjitte dy’t hjoed de dei syn namme hat, de Dmitry Laptev Strjitte. Ek de neef fan Dmitry Laptev wie mei, Khariton Laptev, dy’t de lieding hie oer in ekspedysje dy’t de kust fan it Taimyr Skiereilân ferkende, startende fan de mûning fan de Khatanga.

Yn 1892 oant 1894 en wer fan 1900 oant 1902 ferkende Baron Eduard Von Toll de Laptevsee. Toll dy’t geologysk en geografysk ûndersyk foar de Russyske Ymperialistyske Akademy fan de Keunsten. Yn syn lêste ekspedysje rekke Toll op frjemde wize fuort fan de Nij Sibearyske Eilannen.

Sovjettiid[bewurkje seksje | edit source]

Yn de tiid fan de Sovjet-Uny ûntstie der ekonomyske foarútgong trochdat iisbrekkers de Noardlike Seerûte frij makke. It plak Tiksi krige in aktive fleanfjild en Nordvik wie in havenplak dy’t flink groeie koe, alhoewol’t it sletten waard yn 1956.

Nei it stilfallen fan de kommersjele skipfeart yn de Sovjet-Uny waard der kwealik farre yn de Laptevsee. Allinnich fan Moermansk nei Dudinka yn it westen en fan Vladivostok nei Pevek yn it easten wurdt út en troch fart.

Namme feroarings[bewurkje seksje | edit source]

De namme fan de Laptevsee is mear dan iens feroare. Yn de 16e ieu wie it bekend as de Tatarensee (Russysk: Татарское мо́ре), yn de 17e ieu wie it bekend as de Lenasaa (Russysk: Ленское мо́ре), yn de 18e ieu wie de namme de Sibearyskesee (Russysk: Сибирское мо́ре) en yn de 19e ieu stie it bekend as de Iissee (Russysk: Ледовитое мо́ре). Yn 1893 krige it de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда). Yn 1913 krige it de hjoeddeiske namme: Laptevsee.

De lêste werneaming komt nei alle gedachten fan de Russyske geograaf Yuly Shokalsky.