Springe nei ynhâld

Wilhelmina-oard (bosk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wilhelmina-oard bosk)
Wilhelmina-oard
lokaasje
neiste plak Sint Nyk
oare ynformaasje
oerflak 6 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

Wilhelmina-oard is in bosk oan de eastkant fan Sint Nyk.

Wilhelmina-oard is yn 1845 oanlein as kuierbosk. Dat doel is dúdlik wer te kennen oan de lange rjochte ikebeammen dy't by de paden lâns steane. Jonkhear fan Beyma, boargemaster fan Lemsterlân, wie de stifter fan de bosk. Yn 1903 hat de freule fan Eijsinga hjir it bûtenferbliuw Wilhelmina-oard stifte. It gebou is yn de rin fan de jierren brûkt as sanatoarium, as rêsthûs en as in opfangsintrum foar psycho-sosjaal swakke minsken. De bosk is yn 1986 yn it besit kaam fan it Fryske Gea. It Fryske Gea hat der sûnt foar soarge dat der in ferbining kaam mei de Vegelinsbosken.

Yn de bosk libje dassen. Midden yn de bosk hat in dassefamylje in boarch makke. Dassen binne net útsûnderlik yn Fryslân, se komme ek foar yn Gaasterlân. Yn de bosk binne ek moaie dinnebeammen te sjen. Fierders falle de prachtige hulsebeammen op. Yn de bosk is in ferskaat oan fûgels te hearren.

It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard