Haadstellingwerfsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
kt
Rigel 25: Rigel 25:


[[Kategory:Stellingwerfsk]]
[[Kategory:Stellingwerfsk]]
[[Kategory:Nedersaksysk dialekt]]

De ferzje fan 19 mrt 2019 om 01.06

Haadstellingwerfsk
algemien
oare namme(n) Standertstellingwerfsk
eigen namme Stellingwarfs
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ±32.000 (2009)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nedersaksysk
            ● Westnedersaksysk
              ● Westfaalsk
                ● Drintsk
                  ● Stellingwerfsk
                    ● Haadstellingwerfsk
dialekten

It Haadstellingwerfsk of Standertstellingwerfsk is de foarm fan it Stellingwerfsk sa't dat sprutsen wurdt yn 'e gemeente Weststellingwerf, it súdwestlike part fan 'e provinsje Drinte, it grutste part fan it Stienwikerlân yn 'e Kop fan Oerisel en de westlikste punt fan 'e gemeente Eaststellingwerf. Men soe dit de standertfoarm fan it Stellingwerfsk neame kinne, mei't it yn fierwei it grutste part fan it Stellingwerfske taalgebiet sprutsen wurdt. De namme 'Haadstellingwerfsk' wurdt yn taalkundige fermiddens wol brûkt om dizze fariant fan 'e oare Stellingwerfske taalfoarmen te ûnderskieden, mar yn it deistich spraakgebrûk sil hjirfoar gewoan de namme 'Stellingwerfsk' oanholden wurde.

It Haadstellingwerfsk ûnderskiedt him it meast fan 'e oangrinzjgende Nedersaksyske dialekten en de oare Stellingwerfske taalfarianten troch it foarkommen fan it lûd ae ([ɛ:]), yn it Frysk stavere as "ê". Men brûkt dan ek wol de sin Et waeter klaetert tegen de glaezen dat et daevert om it Haadstellingwerfsk te karakterisearjen. Yn 'e oare Stellingwerfske farianten komt dit lûd net foar en wurde de wurden yn 'e foarbyldsin útsprutsen mei de lange aa ([a:]; "aa" fan 'laad') of mei de ao ([ɔ:]; "ô" fan 'nôt'). In oare klank dy't karakteristyk is foar it Stellingwerfsk, is de i'j ([iʲ]; in 'i' mei in lichte 'j' derefteroan) ynstee fan of njonken de klank ie ([i]; de "y" fan 'byt'). De i'j komt lykwols ek wol foar yn oare Stellingwerfske taalfarianten, lykas it Eaststellingwerfsk en it Westhoeksk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)