Auwerk (distrikt): ferskil tusken ferzjes
Rigel 87: | Rigel 87: | ||
[[Kategory:Distrikt yn East-Fryslân]] |
[[Kategory:Distrikt yn East-Fryslân]] |
||
[[Kategory:Distrikt yn Nedersaksen]] |
[[Kategory:Distrikt yn Nedersaksen]] |
||
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977]] |
De ferzje fan 23 jul 2017 om 17.58
Auwerk is in distrikt (Landkreis) yn it úterste noardwesten fan East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en omfettet de populêre Waddeeilannen Baltrum, Júst en Nordeneach. It grinzget oan (út it noarden wei mei de klok mei) de Noardsee, de distrikten Wittmund en Lier en it stedsdistrikt Emden.
Skiednis
Sjoch foar mear ynformaasje: Skiednis fan East-Fryslân
It hjoeddeistige distrikt Auwerk is foarme yn 1977 troch de gearfoeging fan it âlde distrikt Auwerk mei it distrikt Norden.
Bestjoerlike yndieling
Yn 2005 is yn hiel Nedersaksen in nije bestjoersstruktuur ynfierd. Dêrby is foar de gemeenten it ferskil tusken de stêden en (frije) gemeenten ferfallen. Dy wurde no oantsjutten mei ienheidsgemeenten. Dat wol sizze dat de oanbelangjende gemeente alle gemeentlike taken selsstannich útfiert. Yn it distrikt lizze twa Samtgemeinden dy fiere foar 11 Mietgliedsgemeinden (letterlik: dielnimmende gemeenten) in tal fan alle gemeentlike taken út. De dielnimmende gemeenten binne faak te lyts of te tinbefolke om alle gemeentlike taken oan te kinnen (fral finansjeel is dat in probleem). Yn de "Nederlânske" foarm is in Samtgemeinde in soarte fan mienskiplike regeling fan ynterkommunale gearwurking tusken in tal gemeenten. Yn it distrikt Auwerk leit ek ien gemeentefrij, in ûnbewenne Wadde-eilân.
Ieheidsgemeenten | |
---|---|
|
Samtgemeenten mei de dielnimmende gemeenten:
- Memmert (5,17 km², ûnbewenne)
Polityk
Gearstalling rie
Auwerk is polityk sjoen in SPD-bolwurk. Yn it ferline hie de partij hast altiten in absolute mearderheid yn de Kreistag. By de lêste ferkiezings, yn 2006, gie dy ferlern. De Kreistag hat 58 keazen leden en in streekrjocht keazen foarsitter (Landrat). De hjoeddeistige gearstalling:
Partij | Sitten |
---|---|
SPD | 29 |
CDU | 17 |
Freie Wähler Gemeinschaft | 4 |
Bündnis 90/Die Grünen | 3 |
FDP | 2 |
Kreis-Freise Wähler | 2 |
Die Linke | 1 |
Landrat is Walter Theuerkauf fan de SPD.
Keppeling om utens
- Offisjele webstee (Dútsk)
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel Kreisfreie Städte |