Ferskil tusken ferzjes fan "The Vor Game"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
Mei't de eksploaten fan Miles Vorkosigan troch [[resensint|resensinten]] dochs al omskreaun waarden as behearrende ta it subsjenre fan 'e [[militêre science fiction]], besleat Bujold om diskear mei sin sa'n soarte ferhaal te skriuwen. Ien ding dat se dêryn ferwurke wie in aspekt fan har eigen heit, Robert Charles "Bob" McMaster ([[1913]]-[[1986]]), [[heechlearaar]] oan 'e Steatsuniversiteit fan [[Ohio]] en in grutte namme yn 'e Amerikaanske wittenskiplike wrâld, dy't teffens in bybaantsje hie as de twadde tillevyzjewaarman yn 'e Feriene Steaten, op ''Channel 10 Columbus'' ([[1950]]-[[1964]]). Ek hie útjouwer Jim Baen har in eksimplaar fan it boek ''Strategy'' fan 'e ferneamde [[Grut-Brittanje|Britske]] [[militêr histoarikus]] [[Basil Henry Liddell Hart|B.H. Liddell Hart]] stjoerd, dêr't se tankber gebrûk fan makke. Oare ynfloeden wiene it boek ''The Mint'', fan [[Thomas Edward Lawrence|T.E. Lawrence]], better bekend as ''Lawrence of Arabia'', wêryn't dy syn basistrening beskriuwt doe't er nei de [[Earste Wrâldoarloch]] ûnder in [[skûlnamme]] op 'e nij tsjinst naam yn it Britske leger, en ''De Fjirtich Martelders fan Sebastiani'', in ier kristlik [[marteldersferhaal]] oer fjirtich kristlike leden fan in [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] [[legioen]] dy't neaken op it iis opsteld waarden oant se har nije [[leauwe]] opjaan soene, mar harsels ynstee deafrieze lieten. Fierders waard Bujold holpen troch ferhalen fan Charles Marshall, in freon fan har mem, dy't yn [[1941]] belutsen west hie by de oanlis fan 'e Amerikaanske [[loftmachtbasis Thule]], yn it uterste noardeasten fan [[Grienlân]], en kommentaar fan William Melgaard, in marine-architekt dy't har ferskate militêre anekdoates en oare nijsgjirrichheden trochdie.<ref>Bujold, Lois McMaster, ''Author's Afterword'', yn 'e omnibus ''Young Miles'', s. 835-837.</ref><ref>Bernardi, Michael, ''Lois's Dedications'' (www.dendarii.com).</ref>
 
Ut al dy eleminten distillearre Bujold úteinlik de roman ''The Vor Game''. Yn it neiwurd fan 'e omnibus ''Young Miles'' merkt se trouwens op dat se mar frijwat muoite hie om it ferhaal yn 'e stringen te hâlden, mei't it alderdusdanichste graach in militêr [[moardmystearje]] wurde woe. ''The Vor Game'' [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]]. De earste seis haadstikken derfan, dy't in frij ôfrûne gehiel foarmje, waarden yn febrewaris [[1990]] yn ''[[Analog Magazine]]'' publisearre ûnder de titel ''The Weatherman''. Sûnt wurdt derfan grute dat Bujold ''The Weatherman'' earst as in op himsels steande [[novelle]] skreaun hie en pas letter besleat om him út te wreidzjen ta ''The Vor Game'', mar dat wurdt troch Bujold sels ûntkrêfte. Yn it neiwurd fan ''Young Miles'' hâldt hja út dat hja it boek fan it begjin ôf oan al yn 'e holle hie sa't it úteinlik wurden is. ''The Vor Game'' as gehiel kaam yn septimber 1990 yn romanfoarm út by ''[[Baen Books]]''. Neitiid waard ''The Weatherman'' yn 'e mande mei ferhalen fan oare auteurs werprinte as ûnderdiel fan 'e [[blomlêzing]] ''The Space Opera Renaissance'', útjûn troch ''[[Orbit]] US'' yn [[2006]], en as [[e-boek]] (titele ''Weatherman'', sûnder lidwurd), yn [[2011]] troch ''[[Amazon Digital Services]]''. ''The Vor Game'' foarme noch yn 1990 ûnderdiel fan 'e omnibus ''Vorkosigan's Game'', tegearre mei de novellebondel ''[[Borders of Infinity]]''. Yn [[1997]] makke it diel út fan in nije omnibus, mei as titel ''Young Miles'', yn 'e mande mei de roman ''[[The Warrior's Apprentice]]'' en de novelle ''[[The Mountains of Mourning]]''. ''Young Miles'' is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn [[2008]].<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Author's Afterword'', yn 'e omnibus ''Young Miles'', s. 837.</ref><ref>Bernardi, Michael, ''Full English Bibliography'' (www.dendarii.com).</ref>
 
==Plot==

Navigaasjemenu