Springe nei ynhâld

Winterfair Gifts

Ut Wikipedy
Winterfair Gifts
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre science fiction
1e publikaasje 2004, New York
oarspr. útjwr. NAL
bondel Irresistible Forces
prizen nom. Hugo Award 2004
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel A Civil Campaign
● folgjend diel Diplomatic Immunity
kodearring
ISBN 0 45 12 11 111

Winterfair Gifts is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Winterfair Gifts waard foar it earst útjûn yn 2004 (d.w.s. yn it Ingelsk; frjemdernôch kamen twa oersettings earder út as it Ingelsktalige orizjineel) en is ûnderwilens oerset yn seis talen.

Bujold skreau Winterfair Gifts, dat oerset wurde kin as "Wintermerkegeskinken", yn 2002, fuort nei't se Diplomatic Immunity ôf hie. Yn it neiwurd fan 'e omnibus Miles in Love fertelt se dat se doedestiden al in hoartsje omrûn mei in pear ideeën dy't te beheind lieken om in hiele roman ûnderstypje te kinnen. Mar doe't se troch Catherine Asaro frege waard om in novelle, foar in bondel dy't dy oan it gearstallen wie, foelen alle puzelstikjes teplak. Sa krige se de kâns om te sjen wat der fan serzjant Taura wurden wie en dêrnjonken om better yn 'e kunde te kommen mei kriichsman Roic, dy't har yn Diplomatic Immunity yntrigearre hie.[1]

Winterfair Gifts is skreaun yn it personele perspektyf en kaam (yn it Ingelsk) foar it earst út yn febrewaris 2004, as ûnderdiel fan 'e bondel Irresistible Forces, gearstald troch Catherine Asaro en mei novelles fan harsels en Bujold en fierders fan Mary Jo Putney, Jo Beverley, Jennifer Roberson en Deb Stover. Irresistable Forces waard publisearre troch de útjouwerij New American Library (NAL). Dêrby moat oantekene wurde dat, fanwegen fertragings fan 'e útjefte fan 'e bondel, de earste publikaasje fan Winterfair Gifts yn it Kroätysk (2002) wie, folge troch de Russyske oersetting (2003). Yn 2004 waard Winterfair Gifts útjûn as (Ingelsktalich) e-boek en yn 2008 as audioboek. Datselde jiers kaam ek de omnibus Miles in Love út (in titel dy't de skriuwster oernaam fan 'e Hollywood-spylfilm Shakespeare in Love), dy't behalven Winterfair Gifts ek de nau besibbe romans Komarr en A Civil Campaign omfet.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Yn Winterfair Gifts sil Miles Vorkosigan, de haadpersoan yn it grutste part fan Bujold har Vorkosigan Saga, trouwe mei Ekaterin Vorsoisson, de frou dy't er minder as in jier tefoaren kennen learde (sjoch: Komarr) en doe op kneukelhouwerige wize it hof makke (sjoch: A Civil Campaign). Mar ynstee fan út Miles syn eigen eachpunt wurdt it ferhaal diskear ferteld fanút dat fan syn kriichsman (liifwacht anneks butler anneks sjauffeur) Roic. Dy is noch mar frij koart yn dy funksje wurksum en kampet wat mei in brekme oan selsfertrouwen. Koartby rekke er bûten syn eigen skuld om behelle yn in befeiligingsflater yn 'e Vorkosigan-residinsje (sjoch: A Civil Campaign), mar hy liket himsels dat mear kwea-ôf te nimmen as dat syn superieuren en kollega's it him neidrage.

De brulloft sil plak fine op 'e Barrayareeske winterhjeldei Wintermerke en gasten komme fan fier en hein, guon sels fan oare planeten. Ien fan dylêsten is serzjant Taura, in eardere ûnderhearrige en minneresse fan Miles doe't dy noch de Frije Dendarii Hierlingen oanfierde en no in goede freondinne fan him. Taura begûn har libben as in genetysk eksperimint om 'e ideäle soldaat te skeppen, mar waard troch Miles befrijd (sjoch: Labyrinth). Hja hat in meunsterlik uterlik fan hast reuseftige grutte, mei klauwen en slachtosken. Troch har flugge metabolisme is se ûnbidige sterk, mei refleksen as de wjerljocht, mar dy flugge stofwikseling makket ek dat se folle hurder ferâlderet as normale minsken. Roic kriget no as opdracht om har op ferskate útstapkes te begelieden om derfoar te soargjen dat har uterlik op it fan mutaasjes grizende Barrayar net foar opskuor soarget. Hoewol't se him earst mear frijwat yntimidearret, begjint er har geandewei hieltyd aardiger te finen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens liket Ekaterin tsjin har houlik oan te skytskoarjen. Se hat swiere pineholle en ûnferklearbere gûlbuien. De deis foar de brulloft is se sels sa siik dat se de hiele dei it bêd hâlde moat. Dy jûns trappearret Roic, dy't dy wyks nachtwekker is yn 'e Vorkosigan-residinsje, Taura op it stellen fan ien fan 'e brulloftsgeskinken, of sa liket it alteast. It is in trijfâldich pearelkoljee dat stjoerd is troch in goede freon fan Miles. Lykwols, Taura leit út dat ien fan har genetyske modifikaasjes is dat se justjes fierder as gewoane minsken yn it ultrafiolette spektrum sjen kin; en de pearels sjogge der foar har eagen smoarch út. Boppedat hat se opmurken dat Ekaterin har swierrichheden begûn binne nei't se it koljee bewûndere hie. Mei't Miles Vorkosigan in ryksauditeur en persoanlike freon fan 'e keizer is, beslút Roic om kontakt op te nimmen mei de Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec en it koljee oan harren oer te dragen.

In pear oeren letter komt fan ImpSec it berjocht dat de pearels oerdutsen binne mei in spesjaal ûntwurpen senuwgif, dat by langere bleatstelling deadlik west hie. De oare deis al kinne se ek sizze wa't de dieders binne: hear Vorbataille en syn Jacksoniaanske sakepartners, wa har kriminele organisaasje oft Miles yn syn funksje fan ryksauditeur koartby oprôle hat. Ekaterin hat net langernôch mei it gif yn oanrekking west om bliuwende gefolgen te feroarsaakjen; de brulloft kin trochgean. Ynstee fan Martya Koudelka, dy't earst har tsjûge wêze soe, freget Ekaterin no Taura foar dy earefunksje. Jûns, op 'e brulloft, meldt haadkriichsman Pym, dy't eigenhandich alle brulloftsgeskinken kontrolearre hie mar yn it gefal fan 'e pearels dus in rare flater slein hat, oan Roic dat hysels de kommende wike de nachttsjinst oernimme sil; Roic is fan no ôf oan mei dûbelbetelle ferlof. Letter dy jûns grypt Roic einlik de kâns dêr't er al in stikmannich dagen omhinne daiket, nammentlik om oan Taura blike te litten dat er fereale op har wurden is. De novelle einiget mei harren begjinnende românse.

  • Kroätysk (Zimoslavni Darovi), fert. Martina Aničić, 2002;
  • Russysk (Podarki k Zimnjeprazdniku), fert. T. Čerjezova, 2003;
  • Italjaansk (Festa d'Inverno a Barrayar), fert. Elisabetta Vernier, 2006;
  • Spaansk (Regalos de Feria de Invierno), fert. ?, jier fan útjefte ?;
  • Dútsk (Geschenke zum Winterfest), fert. Michael Morgental, 2006;
  • Bulgaarsk (Podarăci za Zimnija Praznik), fert. Z. Petkov, 2011.[2]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Nominearre foar de Hugo Award foar de bêste novelle fan 2004;
  • twadde plak foar de Sapphire Award (útrikt troch de Science Fiction Romance Newsletter) foar de bêste koarte fiksje fan 2004;
  • útroppen ta e-boek fan it jier 2005 troch www.fictionwise.com.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 862.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen