Springe nei ynhâld

The Mountains of Mourning

Ut Wikipedy
The Mountains of Mourning
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre science fiction
1e publikaasje 1989, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
bondel Borders of Infinity
Dreamweaver's Dilemma
prizen Hugo Award 1989
Nebula Award 1989
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel The Warrior's Apprentice
● folgjend diel The Vor Game
kodearring
ISBN 0 67 16 98 419

The Mountains of Mourning is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Mountains of Mourning, dêr't Bujold sawol in Hugo Award as in Nebula Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 1989, as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel Borders of Infinity. Yn 1996 makke it ek diel út fan 'e bondel Dreamweaver's Dilemma. The Mountains of Mourning is ûnderwilens oerset yn trettjin ferskillende talen.

Lois McMaster Bujold hie yn 1987 de novelle The Borders of Infinity skreaun, en dat wie har sa goed befallen (want in novelle koe se yn twatrêde fan 'e tiid skriuwe dy't se oan in roman kwyt wie), dat se as ûnderdiel fan har folgjende kontrakt foar trije boeken mei har útjouwer Jim Baen betinge dat se The Borders of Infinity recyclje mocht en der twa oare novelles oan tafoegje soe, sadat dy trije mei-inoar langernôch wêze soene om as ien gehiel út te jaan. As earste fan 'e beide nije novelles ûntstie doe The Mountains of Mourning, wêrfan't Bujold de titel, dy't "De Bergen fan 'e Rou" betsjut, liende fan in freondinne fan har, dy't ien fan har eigen boeken earst The Mountains of Morning ("De Bergen fan 'e Moarntyd") neame woe, mar dêr letter fan ôfseach.[1]

The Mountains of Mourning is skreaun yn it personele perspektyf en is in, sij it nochal a-typysk, detektiveferhaal. It ferskynde yn 1989 foar it earst yn Analog Magazine en waard datselde jiers noch útjûn troch Baen Books as ûnderdiel fan 'e bondel Borders of Infinity, yn 'e mande mei twa oare novelles, The Borders of Infinity en Labyrinth, en mei in ferbinend ramtferhaal deromhinne. Al yn 1990 makke it, as ûnderdiel fan Borders of Infinity, diel út fan 'e omnibus Vorkosigan's Game, dêr't ek de roman The Vor Game ta hearde. Yn 1997 waard The Mountains of Mourning werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Young Miles, mei de romans The Warrior's Apprentice en The Vor Game. Young Miles is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn 2008.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Op 'e planeet Barrayar binne poppen mei oanberne lichaamlike brekmen net ûngewoan, yn it earste plak troch de minskfijannige planetêre natoer dêre, en oard fanwegen de radioaktive strieling dy't in oanhâldend gefolch is fan 'e wapens dy't brûkt binne troch de Cêtagandyske besetters yn 'e tiid fan 'e Earste Cêtagandyske Oarloch, yn harren fergese besykjen om 'e Barrayarezen derûnder te krijen. Om't it libben op Barrayar yn it ferline dreech wie en de helpboarnen beheind, waarden sokke poppen tradisjoneel deade, al is dat tsjin 'e tiid dat The Mountains of Mourning spilet al tweintich jier strang ferbean. Mar likegoed wurde sokke "múttys" (koart foar "mutanten") noch altiten ferachte en mijd, wylst yn sletten mienskippen yn ôfhandige kriten sels ynfantiside noch wol foarkomt.

Miles Vorkosigan, de soan fan 'e minister-presidint fan Barrayar, is troch de gefolgen fan in gifgasoanslach op syn âldelju doe't er noch mar in foetus yn syn memme limoer wie, lichaamlik hendikept te wrâld kommen. Hy is mar 1.45 m., mei in yn ferliking te grutte holle, in bochel en tige brekbere bonken, dy't him needsaakje ta it dragen fan skonkbûgels. Hoewol't der op genetysk mêd neat mei him mis is, hat er dochs altiten tsjin foaroardielen opbokse moatten. Mar likegoed hat er oan it begjin fan The Mountains of Mourning krekt syn oplieding oan 'e Barayarreeske Militêre Akademy ôfrûne, wat er oprêden hat om't er syn fysike beheinings kompensearret mei in goed ferstân, besieling en klearebare stiifsinnigens. No is op ferlof, dat er trochbringt mei syn âldelju te Vorkosigan Surleau, it bûten fan 'e Vorkosigan-famylje oan in mar yn harren distrikt. Hy is fan doel om nei de swiere militêre trening syn tiid dêre te ferslampamperjen, mar op 'e earste dei fan syn ferlof komt der in jonge frou, Harra Mattulich Csurik, oan 'e poarte, dy't bleatfoets en rinnende yn fjouwer dagen hielendal út 'e bergen dêrhinne kommen is en har rjocht as ûnderdien ynropt om foar har greve ferskine te meien mei in beskuldiging fan moard.

Miles syn heit, dy't behalven minister-presidint ek greve fan it Vorkosigan-distrikt is, heart har oan. Har ferhaal is dat har poppe, dy't berne wie mei in hazzelippe en in spjalten ferwulft deadien is troch har man, in Lem Csurik. De greve beslút dêrop Miles as syn fertsjintwurdiger nei har berchdoarp te stjoeren, om 'e misdie te ûndersykjen en dan yn syn heite namme rjocht te sprekken, mar dêrnjonken, mei it each op syn uterlik, teffens as in net sa subtyl boadskip fan 'e greve oan 'e doarpsbewenners. Boppedat is it in test foar Miles sels, en ien dêr't er net oermjitte wiis mei is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sa reizget Miles mei syn kriichsman Pym, de legerdokter luitenant Dea en Harra Csurik nei it earmtlike doarpke Silvy Vale, heech yn it Dendarii-berchtme, dêr't moderne gemakken as streamend wetter, elektrisiteit, ûnderwiis en — foar in grut part fan 'e lju — skuon noch ûnbekend binne. Hoewol't se der mei in lichtfleaner yn in pear oerkes wêze kinnen hiene, liket it Miles syn heit better ta om yn dizzen tradisjonele ferfiermiddels te brûken: hynders. As Miles-en-dy op 'e moarn fan 'e trêde deis nei harren ôfsetten út Vorkosigan Surleau yn Silvy Vale oankomme, is nimmen dêr tige bliid mei harren. De "doarpssprekker" (in soarte fan boargemaster en fjildwachter tagelyk) dêre is de ienearmige feteraan Karal. Dizze man hie eins Harra Csurik har beskuldiging registrearje en oan 'e justysjele autoriteiten rapportearje moatten, mar hie dat wegere. No besiket er Miles fan syn ûndersyk ôf te bringen. Ynstee fan nei him te harkjen, stjoert Miles him der mei Pym opút om Lem Csurik yn te rekkenjen, mar de fûgel blykt flein te wêzen en is grif yn 't foar warskôge. In lykskôging op it lichem fan 'e poppe, Raina Csurik, ferrjochte troch luitenant Dea, wiist út dat it bern de nekke brutsen is. Dy deis wurdt der fierders neat mear bedijd, of sa liket it alteast; in syktocht nei Csurik, útfierd troch Karal en konsorten, smyt neat op. Dy jûns komt suver it hiele doarp del om 'e "mútty-hear" te besjen en sa komt Miles mei ferskate lju yn 'e kunde, wêrûnder frou Csurik, de mem fan Lem, en frou Mattulich, de mem fan Harra.

Miles, Pym en Dea bringe de nacht troch op 'e souder fan Karal syn hûs, benammentlik om 'e gastfrijens fan dy syn frou net te beskamjen. Karal syn trije jonge soannen, dy't dêrtroch fan harren plak ferballe binne en útwike moatte soene nei de weranda, biedt Miles ynstee ûnderdak yn syn legertinte, wat se mei gragens oannimme. Twaris dy nachts wurdt it hiele hûs wekker makke en yn ûnstjoer brocht, de earste kear as immen besiket de legertinte yn 'e brân te stekken (wat net slagget om't dy makke is fan ûnbrânber materiaal) en de twadde kear as immen besiket Miles syn oernuete hynder de kiel troch te snijen (wat mar krekt mislearret en dêr't it bist in lange djippe en pynlike jaap yn 'e hals oan oerhâldt).

De oare moarns betiid komt Lem Csurik opdaagjen om himsels oan te jaan; hy hâldt út dat er ûnskuldich is. Tatsjinning fan it wierheidssearum fluch-penta wiist út dat dat yndie sa is. Foartiid hie Csurik betinge dat him ûnder ynfloed fan it searum net frege wurde soe oft er ek wist wa't de dieder dan al is (om't er perfoarst net wol dat de beskuldiging út syn mûle komme sil), mar foar Miles falle alle puzelstikjes no likegoed teplak. Hy ûntbiedt de ûnderskate belanghawwenden by Karal thús foar in klassike ûntknoping fan in detektiveferhaal. As earste komt Harra Csurik oan, dy't Miles oertsjûget fan 'e ûnskuld fan har man en sa mei him fermoedsoenet. Dan arrivearret de rest fan 'e famylje Csurik, Lem syn mem en ferskate fan syn jongere bruorren. Fan harren wol Miles witte wa't de fakkel dy nachts op syn tinte smiten hat. De jongste broer lûkt fuort wyt wei en it is foar Miles in kâld keunstke om in bekentenis út him los te krijen. Miles drukt de jonge ûnferstân op it hert dat op in oanslach op 'e erfgenamt fan in distriktsgreve, al hoe kneukelhouwerich oft dy ek útfierd wurdt, eins de deastraf stiet, mar dat er yn dit gefal de bestraffing oan syn mem oerlitte sil (wêrmei't er de jonge net echt bliid makket).

As lêste komt frou Mattulich, Harra har mem, oan en sadree't se troch de doar is, lit Miles har ynjektearje mei fluch-penta. Under de folgjende ûnderfreging komt oan it ljocht dat se net inkeld ferantwurdlik is foar de dea fan har beppesizzer (en de oanfal op Miles syn hynder), mar tweintich jier earder ûnder druk fan har eigen mem en fanwegen ûnderstelde mutaasjes ek noch twa fan har eigen poppen ombrocht hat. Nei lang berie beslút Miles oer de traumatisearre en ferbittere âldfrou net de deastraf út te sprekken dy't eins op har dieden stiet, mar om har folslein ûnder kuratêle fan har dochter te stellen. Se wurdt dan wol net ta de dea brocht, mar se sil tenei foar de wet dea wêze; se mei gjin eigendommen mear besitte, gjin oerienkomsten oangean, gjin oanklachten yntsjinje, noch Silvy Vale sûnder tastimming ferlitte. Nei har dea sil it boppedat ferbean wêze om offers foar har te ferbaarnen, sa't op Barrayar wenst is.

Neitiid ûnhjit Miles dat er derfoar soargje sil dat der yn Silvy Vale in skoaltsje opset wurde kin, mei in tydlike learkrêft út it leechlân; hy stelt foar om dat skoaltsje de "Raina Csurik Legere Skoalle" te neamen. Fierders hellet er Harra oer om yn 'e distriktshaadstêd Hassadar foar skoaljuffer te learen, wylst er taseit dat er dêre foar timmerman Lem Csurik in baan by in boubedriuw regelje sil. Yn ruil dêrfoar moatte se oer trije jier, as Harra de oplieding ôfrûne hat, werom nei Silvy Vale, sadat sy dêr de lieding oer it skoaltsje op har nimme kin.

Op 'e fraach fan luitenant Dea hoe't er wist dat frou Mattulich de dieder wie, antwurdet Miles dat Dea grif syn pake, de âlde greve Piotr Vorkosigan, nea kennen hat. "Hy waard de lêste fan 'e âlde Vor [de Barrayareeske aristokrasy] neamd, mar eins wied er de earste fan 'e nije. [...] Hy feroare, en paste him oan en bûgde mei de wyn fan 'e tiden. En doe, op hege jierren, [...] krige er my te ferduorjen. En moast er op 'e nij feroarje. En koed er it net mear." Miles syn pake hie him ferskate kearen besocht om te bringen.

  • Italjaansk (Le Montagne del Dolore), fert. Rita Botter Pierangeli, 1991;
  • Spaansk (Las Montañas de la Aflicción), fert. Margara Auerbach, 1992;
  • Japansk (?), fert. Ayako Ogiso, 1994;
  • Poalsk (Lamentowe Góry), fert. Doróta Malinowska, 1994;
  • Russysk (Gory Skorbi), fert. T. Čerjezova, 1995;
  • Dútsk (Die Berge der Trauer), fert. Michael Morgental, 1996;
  • Bulgaarsk (?), fert. Georgi Stojanov, 1998;
  • Frânsk (Les Montagnes du Deuil), fert. Bernadette Emerich, 1998;
  • Kroätysk (Planine Korote), fert. Martina Gračanin, 2000;
  • Tsjechysk (?), fert. Hana Volejníková, 2002;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Estysk (Leinamäed), fert. Allan Eichenbaum, 2011;
  • Koreaansk (?), fert. ?, jier fan útjefte ?.[2]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 834-835.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen