Ethan of Athos
Ethan of Athos | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1986, New York | |
oarspr. útjwr. | Baen Books | |
rige | ||
rige | The Vorkosigan Saga | |
● foarich diel | Cetaganda | |
● folgjend diel | Labyrinth | |
kodearring | ||
ISBN | 0 67 16 56 04X |
Ethan of Athos is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Ethan of Athos waard foar it earst útjûn yn 1986 en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bujold skreau Ethan of Athos yn 1985. It wie har trêde boek, nei Shards of Honor en The Warrior's Apprentice, al wiene dy doedestiden noch net útjûn. Yn Ethan of Athos is Miles Vorkosigan, oars as yn it meastepart fan The Vorkosigan Saga, nèt de haadpersoan; om't Bujold doe noch gjin útjouwer fûn hie, besocht se om troch te brekken mei in koarteftige roman dy't wol bannen hie mei har oare wurk, mar der dochs ek grutdiels los fan stie.[1]
In wichtich motyf yn 'e roman is it gebrûk fan 'e "uterusreplikator" (uterine replicator), in keunstmjittige limoer dy't it mooglik makket om minsklike fuortplanting folslein bûten it lichaam ôf te hanneljen. Bujold wie net de betinker fan dat apparaat, want al yn 1932 fierde Aldous Huxley it op yn syn Brave New World, dêr't it brûkt waard om in genetysk klassesysteem op te lizzen. Yn Shards of Honor hie Bujold de uterusreplikator sydlings behannele as in medyske tapassing en in feministyske foarútgong. Mar hja wie har derfan bewust sa'n helpmiddel ek it monopoalje trochbrekke koe dat froulju histoarysk sjoen altiten op it fuortplantingsproses hân hawwe. Ek yn ús wrâld besteane der folslein manlike maatskippijen (legers, finzenissen en kleasters), mar dy binne foar harren fuortbestean ôfhinklik fan oanfolling fan har populaasje fan bûtenôf. Wat no as dat net mear it gefal wêze soe? Bujold sette legers en finzenissen oan 'e kant as te abnormaal gewelddiedich en konsintrearre har op in monastyske maatskippij, dy't se sitewearre op in planeet mei de namme Athos, in dúdlike ferwizing nei de Autonome Monastyske Republyk fan 'e Hillige Berch (better bekend as de Berch Atos of Hagion Oros), in selsbestjoerende kleasterrepublyk op 'e eastlikste "finger" fan it Noardgrykske Galkidike-skiereilân, dêr't froulju út noch yn net komme meie.[2]
Ethan of Athos, wêrfan't de titel ienfâldichwei "Ethan fan Athos" betsjut, is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn troch Baen Books yn desimber 1986. Yn 2001 foarme it ûnderdiel fan 'e omnibus Miles, Mystery & Mayhem, yn 'e mande mei de roman Cetaganda en de novelle Labyrinth. De trêde printinge (oftewol de twadde paperbackprintige) dêrfan kaam út yn 2006.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ethan of Athos fertelt it ferhaal fan dr. Ethan Urquhart, dy't ôfkomstich is fan Athos, in planeet dy't twahûndert jier earder kolonisearre is troch in eksodus fan religieuze skerpslipers mei augustynske tinkbylden, om in beskûl te bieden tsjin 'e ferlieding fan 'e man ta sûnde, sa't froulju dat foar de moade hawwe. Athos is dan ek in folslein manlike maatskippij wurden, dêr't froulju yn gjin gefal wolkom binne en dêr't se sûnt de stifting mytologisearre binne ta demoanyske wêzens dy't manlju ta sljochtsinnigens driuwe. De planeet is (op ien ding nei) folslein selsfoarsjend; hannel mei de rest fan 'e minskheid komt suver net foar en kontakten mei bûtenwrâldske beskavings binne beheind ta ien jierliks ynterstellêr koeriersskip fan Stasjon Kline ôf. Boppedat wurdt alle ynformaasje fan bûtenôf sinsurearre op ferwizings nei en ôfbyldings fan froulju, en leit der op it hiele ûnderwerp "frou" sa'n swier maatskiplik taboe dat sljochtwei Athosianen der net iens in flau idee fan hawwe hoe't froulju derút sjogge. Fuortplanting fynt op Athos plak yn saneamde "reproduksjesintra", dêr't spermasellen fan 'e oankommende heit kombinearre wurde mei aaisellen út aaistôkweefselkultueren, en dêr't de poppen (sûnder útsûndering jonkjes, fansels) foldroegen wurde yn uterusreplikators. It iennichste probleem foar Athos is, dat nei twahûndert jier de aaistôkweefselkultueren dy't de Froede Foarfaars meibrocht hiene, it ien foar ien ôflizze.
De Befolkingsrie hat nije aaistôkweefselkultueren besteld by Hûs Bharaputra, op 'e planeet Jackson's Whole, mei't dat de leechste bieder wie. Mar as dy arrivearje, docht bliken dat de lading bestiet út in ûnbrûkber mingsel fan deade en dierlike aaistokken, wylst guon doazen hielendal leech binne. Ethan Urquhart, it haad fan 'e ôfdieling biology fan it reproduksjesintrum fan it distrikt Severin, wurdt der dan troch de Befolkingsrie op út stjoerd om ferhaal te heljen en/of nije aaistôkweefselkultueren te besetten. Dat wurdt beskôge as in gefaarlike en net te fergunnen opdracht, mei't it betsjut dat er grif fan dy ysbaarlike froulju moetsje sil.
Ethan reizget nei Stasjon Kline, in reuseftich romtestasjon mei sa'n hûnderttûzen bewenners dat boud is op in krúspunt fan wjirmgatrûtes yn in stjerrestelsel sûnder bewenbere planeten. As er dêr oankomt, ûntdekt er al gau dat der bûten Athos in hiel oar byld fan syn planeet bestiet as dat Athosianen miene: it wurdt net sjoen as in paradyslik taflechtsoard, mar as "de Planeet fan 'e Flikkers". Ethan komt op Stasjon Kline ek al daliks yn kontakt mei in frou, as er sûnder euvelmoed immen oansprekt om 'e wei te freegjen. Dy persoan blykt Elli Quinn te wêzen, in ofsier by de Frije Dendarii Hierlingen dy't mei ferlof is op Stasjon Kline, dêr't se hikke en tein is. Troch mei har om te gean, komt Ethan derefter dat froulju net de meunsters binne dy't er ferwachte hie dat se wêze soene. Sterker noch, Elli rêdt him as er himsels yn 'e swierrichheden bringt mei in kneukelhouwerich besykjen om ymmigranten foar Athos te rekrutearjen yn in ytgelegenheid foar dokwurkers.
Koart dêrnei nimt syn missy in ûnferwachtse kear as Ethan oerfallen en ûnderfrege wurdt troch in tiim fan Cêtagandyske geheim aginten, dy't sawol efter de útnaaide Terrence Cee, as efter de ferdwûne aaistôkweefselkultueren oan sitte. Ethan kin harren lykwols neat fan wearde fertelle en se beslute him út 'e wei te romjen om't er no tefolle wit. Mar ear't se him om hals bringe kinne, wurdt er lokkigernôch op 'e nij rêden troch Elli Quinn.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid siket Terrence Cee kontakt mei Ethan om asyl op Athos oan te freegjen. Hy blykt de lêste oerlibbene te wêzen fan in Cêtagandysk genetysk projekt om lju mei telepatyske eigenskippen (en dêrmei de perfekte spion) te kreëarjen. Hoewol't syn telepaty betrouber is, is it kwa berik tige beheind en kin it inkeld opwekke wurde troch konsumpsje fan grutte doses fan it aminosoer tyramine. Terrence syn froulike wjergader Janine is omkommen by harren ûntsnapping út it Cêtagandyske Ryk, mar hy hat har lichem mei witten te smokkeljen nei Jackson's Whole, dêr't er Hûs Bharaputra omkocht hat om har genen te fermingen mei de troch Athos bestelde aaistôkweefselkultueren. It wie syn bedoeling om dêrnei it spul nei Athos te eskortearjen, mar troch opûnthâld ûnderweis nei Stasjon Kline mislearre dat en no is er ûntset om te hearren dat de kultueren nea oankommen binne.
Nei't Terrence Jackson's Whole ferlitten hie, foelen syn Cêtagandyske efterfolgers Hûs Bharaputra oan, fermoarden de ûndersikers dy't mei him wurke hiene en ferrinnewearren alle ynformaasje dy't men dêr noch oer him en Janine hie. Dêrnei folgen se him nei Stasjon Kline, al waarden se op har beurt wer folge troch Elli Quinn, dy't dochs net op ferlof blykt te wêzen, mar ynstee yn opdracht blykt te wurkjen fan sawol Hûs Bharaputra as Dendarii-admiraal Miles Vorkosigan.
Nei withoefolle yntriizjes en wederwarichheden docht úteinlik bliken dat in mindere oerheidsfunksjonaris op Stasjon Kline ferantwurdlik is foar it ferdwinen fan 'e aaistôkweefselkultueren, poer en allinne út wrok en frustraasje, om't har (folwoeksen) soan útnaaid is nei Athos en de Athosiaanske autoriteiten al har besykjen om mei him yn kontakt te kommen tsjinkeare. De oarspronklike ynhâld fan 'e doazen hat se fuortsmiten. Koarte tiid nei't dat dúdlik wurden is, komme de oerbleaune Cêtagandyske aginten om by in konfrontaasje mei in befeiligingstiim fan Hûs Bharaputra.
Hoewol't Elli Quinn besiket om Terrence Cee te rekrutearjen foar de Dendarii, fielt dy him folle mear oanlutsen ta in ienfâldich bestean op Athos. Wol jout er Elli in lyts genetysk meunster om mei werom te nimmen nei de Dendarii (dy't it daliks trochspylje sille oan Barrayar). Ethan is ûnderwilens sa fan Elli Quinn ûnder de yndruk rekke dat er har om in aaistôkweefselmeunster freget om mei werom te nimmen nei Athos. Elli, dy't net fan doel is sels ea bern te krijen, stimt dêryn ta.
Nei Elli har ôfreis dûke de oarspronklike weefselkultueren ûnferwachts dochs noch ûnskeind op. Ethan keapet likegoed in nije sinding oan, en brûkt dan de ferpakking dêrfan om 'e oarspronklike kultueren fan nije labels te foarsjen. Neitiid keart er werom nei Athos mei Terrence, de genetysk modifisearre aaistôkweefselkultueren en Elli Quinn har donearre aaistôkweefselmeunster, dat er fan doel is om te brûken foar syn eigen soan.
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dútsk (Ethan von Athos), fert. Michael Morgental, 1995;
- Poalsk (Ethan z Planety Athos), fert. Marzena Polak, 1995;
- Russysk (Etan s Planjety Ejtos), fert. Alina Astova, 1995;
- Italjaansk (La Spia dei Dendarii), fert. Gianluigi Zuddas, 1996;
- Frânsk (Ethan d'Athos), fert. Geneviève Blattmann, 1997;
- Spaansk (Ethan de Athos), fert. Rafael Marín Trechera, 1998;
- Bulgaarsk (Idan ot Atos), fert. Georgi Stojanov, 2003;
- Japansk (Idenshi no Shimei), fert. Ayako Ogiso, 2003;
- Kroätysk (Ethan od Athosa), fert. Dubravka Petrović, 2006.[3]
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Japanske oersetting Idenshi no Shimei, fan Ayako Ogiso, waard nominearre foar de Seiun-priis (de Japanske ekwifalint fan 'e Hugo Award) foar de bêste oersetting fan in bûtenlânske roman fan 2004.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|