Springe nei ynhâld

Cetaganda

Ut Wikipedy
Cetaganda
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1995, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel The Vor Game
● folgjend diel Ethan of Athos
kodearring
ISBN 0 67 18 77 011

Cetaganda is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Cetaganda waard foar it earst útjûn yn 1995, yn fúljeton-foarm, en is sûnt oerset yn fjirtjin talen.

Bujold skreau Cetaganda yn 1995 mei as doel fral om in yngeander byld te jaan fan 'e Cêtagandiërs en harren kultuer, dy't se oant doe ta benammen brûkt hie as de smjunten efter de skermen wa har kweawillige yntriizjes de nuveraardige eksploaten fan har haadpersoan Miles Vorkosigan needsaaklik makken. Mar sa't de skriuwster sels yn it neiwurd fan 'e omnibus Miles, Mystery & Mayhem seit: "Nimmen is in smjunt yn syn eigen eagen." Wat neier oft hja de Cêtagandiërs beseach, wat yngewikkelder en foar mearderlei útlis fetber oft se blieken te wêzen. Bujold: "Ik wie hiel ynnommen mei it effekt."[1]

Cetaganda is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst publisearre yn in fjouwerdielich fúljeton yn it tydskrift Analog Magazine, fan oktober oant desimber 1995. As roman waard it yn 1996 útjûn troch Baen Books. Yn 2001 waard Cetaganda werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles, Mystery & Mayhem, yn 'e mande mei de roman Ethan of Athos en de novelle Labyrinth. De trêde printinge (oftewol de twadde paperbackprintige) dêrfan kaam út yn 2006.

Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde mar oerenerzjike soan fan 'e minister-presidint fan 'e planeet Barrayar, wurdt mei syn neef Ivan nei Eta Cêta ta stjoerd, de thúswrâld fan it acht sinnestelsels omfetsjende Cêtagandyske Ryk, om Barrayar dêre te fertsjintwurdigjen op 'e steatsbegraffenis fan 'e Cêtagandyske keizerinne-dûairiêre. Om 'e sitewaasje goed te begripen, is it fan belang om te witten dat de Cêtagandiërs goed tachtich jier earder besocht hawwe om Barrayar te feroverjen, wat in tweintichjierrige oarloch ta gefolch hie. Uteinlik wisten de Barrayarezen de besetters te ferdriuwen, mar sûnt dy tiid is de relaasje tusken de beide ynterstellêre riken tige spand. Dat is der net better op wurden nei't Barrayar en Cêtaganda twa jier foàr de foarfallen fan Cetaganda in koarte oarloch útfochten hawwe (sjoch: The Vor Game). Miles is him der dan ek fan bewust dat er op syn tellen passe moatte sil.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Yn it Cêtagandyske Ryk is genetyske manipulaasje oan 'e oarder fan 'e dei, sij it foar guon befolkingsgroepen mear as foar oaren. Der bestiet in soarte fan genetysk kastestelsel, mei ûnderoan it gewoane folk, dêrboppe de ghem, in militêre aristokrasy, en oan 'e top de haut, in genetysk modifisearre elite dy't hurd ûnderweis is nei it punt dat se net mear as hearrend ta it minsklik ras beskôge wurde kinne. De haut-dames hawwe it foar de moade om harren op in sweefstoel te ferpleatsen yn in saneamde bûl, in bolfoarmich krêftfjild dat inkeld fan binnenút trochsichtich is. Njonken de ghem en de haut besteane der ek noch de geslachtsleaze ba, dy't trochgeane foar in ienfâldich tsjinstfolk fan paleiseunuchen mar eins sterile eksperiminten mei it haut-genoom binne (en dus earder beskôge wurde kinne as de healbruorren en -susters fan 'e haut).

As Miles en Ivan yn in shuttle fan it Barrayareeske romteskip dat harren nei Eta Cêta ferfierd hat, oerbrocht wurde nei in romtestasjon, kringt nei it oanlizzen in âldere man (dy't letter in ba yn momkapte west blykt te hawwen) harren shuttle yn. Der ûntstiet in wrakseling, wêrby't Miles de ba in steaf ûntnaderet dy't er oansjocht foar in wapen. De ba naait dêrop út. De gefoelige diplomatike sitewaasje (en syn eigen nijsgjirrigens) yn acht nommen, beslút Miles om neat oer it foarfal te oppenearjen oant de Cêtagandyske befeiliging him deroer ûnderstiet. Dat bart lykwols nea.

Miles en Ivan bejouwe har (mei de steaf) nei de Cêtagandyske haadstêd op it planeetoerflak, dêr't se útfanhûzje yn 'e Barrayareeske ambassade. De earste jûns besykje se in resepsje yn 'e Marilacaanske fertsjintwurdiging, dêr't Miles licht ferwûne rekket by it besichtigjen fan in 3D-skulptuer fan ghem-hear Yenaro. In ûngelok, hâldt Yenaro út; Miles fermoedet opsetsin. De oare deis, by in plechtichheid yn 'e Himelske Tún (it keizerlik paleis), wurdt Miles ûntbean foar in ûnderhâld mei in haut-dame yn in bûl, dy't harsels foarstelt as de haut Rian Degtiar, de Tsjinstfaam fan 'e Stjerrekres. De Stjerrekres is de genbank fan 'e haut, dêr't se al harren feroarings oan it minsklik genoom yn fêstlizze; dejinge dy't dêroer giet (dat wie de ferstoarne keizerinne-dûairiêre) hat beslissingsfoech oer alle genetyske oanpassings fan 'e haut en moat tastimming jaan foar eltse krusing fan haut-bloedlinen. Rian wol fan Miles de steaf weromhawwe, dy't de Grutkaai fan 'e Stjerrekres blykt te wêzen, mar Miles hat dy fansels net yn 'e bûse. Koart nei harren ûnderhâld wurdt der oan 'e foet fan 'e bier fan 'e keizerinne-dûairiêre in lyk fûn. De galaktyske gesanten wurde derby wei holden, mar Miles glûpt tusken it befeiligingspersoneel troch en stelt fêst dat de deade deselde is dy't er de Grutkaai ôfkrigen hat; no docht bliken dat it de ba Lura is, ien fan 'e heechste tsjinners fan 'e keizerinne-dûairiêre silger. De offisjele lêzing is selsmoard, mar Miles leaut dêr neat fan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy jûns geane Miles en Ivan nei in feest by hear Yenaro thús, en op 'e nij is der in ynsidint, diskear mei Ivan. Underwilens hat Miles temûk in moeting mei Rian, wêrby't er har de Grutkaai weromjout. It blykt lykwols in duplikaat te wêzen. Rian leit dan út dat de keizerinne-dûairiêre fan doel wie om foar de feilichheid duplikaten fan 'e genbank en de Grutkaai (in datakaai dy't tagong jout ta de genbank) yn bewarring te jaan oan elts fan 'e acht planetêre satrapen, wat rjocht tsjin 'e wil fan 'e Cêtagandyske keizer yngie, dy't, ek foar de feilichheid, de genbank en kaai sintralisearre hâlde wol. De genbank sels is al stikem achtris kopiëarre en oan 'e satrapen oerdroegen, mar de keizerinne stoar ear't se itselde mei de Grutkaai dwaan koe. Sadwaande binne der no acht non-funksjonele duplikaten yn omrin. Lura wie derfan oertsjûge dat it de wil fan syn masteresse útfierde doe't it kontakt lei mei ien fan 'e satrapen om mei dy syn help de plannen fan 'e keizerinne te foltôgjen. Mar de ba hat Rian nea ferteld hokker fan 'e acht satrapen oft dat wie.

Miles wit no dat men fan doel is om him de sûndebok spylje te litten. Hy begrypt nammentlik dat Lura altyd al de bedoeling hie om him it duplikaat fan 'e Grutkaai op te kringen, en it dêrmei foar him ûnmooglik te meitsjen om te bewizen dat hy, in erffijân fan Cêtaganda, nèt mei it ding omknoeid hat ear't er it weromjoech. Mar Miles lêst út in oar skript as syn noch ûnbekende tsjinstanner en is wisberet om dyselde in stôk yn it tsjil te stekken. Hy redenearret no dat Lura de echte Grutkaai al by de oangeande satraap ôflevere hawwe moat ear't it Miles mei it duplikaat opskipe. De "selsmoard" by de bier wie hoe't de satraap him fan syn iennichste tsjûge ûntdie.

De deis dêrnei bringt ghem-kolonel Dag Benin in besyk oan 'e Barrayareeske ambassade om Miles te ûnderstean oer wat er sjoen hat fan it plak-delikt. Miles fertelt him mar in bytsje, mar befreget him nammenste mear. Benin hat fan hegerhân de opdracht krigen om de hiele saak yn 'e dôfpôt te stopjen, mar Miles merkt al gau dat soks de man alhiel net sinniget. Miles riedt him oan om streekrjocht nei de keizer te stappen en dy syn beskerming te freegjen, sadat er nei ear en gewisse syn ûndersyk útfiere kin. Underwilens hat Miles troch logysk redenearjen (hokker satrapen soene der astro-polityk sjoen profyt fan hawwe as Cêtaganda en Barrayar mei-inoar yn oarloch rekken?) it tal fertochten werombrocht ta fjouwer. Nei't er harren allegear met hat op in resepsje nei alwer in seremoanje yn 'e Himelske Tún, fertinkt er prins Slyke Giaja, de satraap fan Xi Cêta.

Wer in dei letter besykje Miles en Ivan in tentoanstelling op it mêd fan genetyske manipulaasje fan floara en fauna, dêr't se mar kwealk oan in moardoanslach troch hear Yenaro ûntkomme. De man soe lykwols sels ek omkommen wêze en dat hied er net foar it ferstân, dat Miles leit him út wêr't de ein fêst sit en dat er in stik ark is yn 'e hannen fan lju dy't oer liken geane. Yenaro, dy't no einlik de earnst fan 'e sitewaasje ynsjocht, dûkt dêrnei ûnder. De jûns wurdt Miles temûk by in túnfeest ôfhelle en nei in gearkomste fan Rian en de acht gemalinnen brocht. De gemalinnen binne de pleatsferfangsters fan 'e keizerinne op 'e acht planeten dy't it Cêtagandyske Ryk foarmje (en wurde beskôge as gemalinnen fan 'e planeten, net fan 'e satrapen). Miles wurdt ûnderfrege oer syn earste moeting mei Lura. Hy riedt harren oan om 'e satrapen harren kopyen fan 'e genbank wer ôf te nimmen, sadat syn mysterieuze fijân wol in kaai, mar gjin slot hat, om it samar te sizzen. De gemalinnen stimme dêryn ta.

De oare deis wurdt Ivan fuortlokke fan in resepsje yn 'e Himelske Tún en dêrnei yn in bûl ûntfierd. Miles wit op 'e tiid kontakt op te nimmen mei Rian en sa de ûntfiering te dwerseidzjen. De dieder blykt de haut Vio d'Chilian te wêzen, út it gefolch fan Ilsum Kety, de satraap fan Sigma Cêta: einlik wurdt dúdlik wa't Miles syn tsjinstanner is. (Tagelyk wurdt dan trouwens dúdlik dat de Tsjinstfaam fan 'e Stjerrekres hielendal gjin tsjinneresse is, mar in barokke oantsjutting foar de ynterim-keizerinne fan it hiele Cêtagandyske Ryk.) De bûl dy't Vio brûkte foar de mislearre ûntfiering wie dy fan Nadina, de gemalinne fan Sigma Cêta, en dat is de iennichste fan 'e gemalinnen dy't nei de moeting fan 'e foargeande jûns net by Rian weromkeard is mei de weromfrege kopy fan 'e genbank.

Miles kringt dêrop mei de haut Pell Navarr, de gemalinne fan Eta Cêta, yn dyselde bûl it romteskip fan Ilsum Kety binnen, dêr't se Nadina befrije en ek de Grutkaai witte op te spoaren, mar dan trappearre wurde ear't se ûntkomme kinne. Foar't se oermastere wurde, sjogge Miles en Pell lykwols kâns om 'e ynformaasje út 'e datakaai te ferstjoeren oer de needkanalen, sadat elts skip en stasjon yn it sinnestelsel fan Eta Cêta de ynhâld fan 'e Grutkaai ûntfangt. Mei't de wearde fan 'e kaai krekt yn 'e totale eksklusiviteit fan dy ynformaasje lei, hat Kety op dy manear dus ferlern, ek al fermoardet er harren no allegear. Mar dat bart net, want Miles-en-dy wurde rêden troch kolonel Benin. Kety en syn mei-gearspanners wurde oppakt en moatte krekt as Miles, Rian, Pell, Nadina en Yenaro rekkenskip ôflizze oan 'e Cêtagandyske keizer, de haut Fletchir Giaja. De echte gearspanners geane in raar gat yn (útsein Kety, dy't beskerme wurdt troch syn rang), mar de lju dy't temûk ompield hawwe (Miles, Rian en de gemalinnen) of mar in ûnwittend stik ark wiene (Yenaro), krije ferjeffenis. Neitiid wurdt Rian ferheft ta de nije keizerinne fan Cêtaganda, kolonel Benin wurdt promovearre ta generaal, Yenaro kriget in posysje oan it hof oanbean en Miles sels kriget de heechste Cêtagandyske ûnderskieding, de Oarder fan Fertsjinste, opspjelde.

  • Italjaansk (Cetaganda), fert. Gianluigi Zuddas, 1996;
  • Russysk (Cjetaganda), fert. N. Kudrjašov, 1996;
  • Spaansk (Cetaganda), fert. Margara Auerbach, 1996;
  • Litousk (Cetaganda), fert. Nomeda Berkuvienė, 1997;
  • Dútsk (Cetaganda), fert. Michael Morgental, 1998;
  • Frânsk (Cetaganda), fert. Bernadette Emerich en Alfred Ramani, 1998;
  • Bulgaarsk (Setaganda), fert. Vencislav Bojilov, 1999;
  • Kroätysk (Cetaganda), fert. Milena Benini-Getz, 1999;
  • Poalsk (Cetaganda), fert. Lukasz Praski, 2000;
  • Japansk (Tenkū no Isan), fert. Ayako Ogiso, 2001;
  • Tsjechysk (Cetaganda), fert. Hana Volejníková, 2001;
  • Hebriuwsk (Sitagana), fert. David Chanoch, 2004;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Estysk (Cetaganda), fert. Piret Marvet, 2012.[2]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1995;
  • de Reader's Chair-ûnferkoarte audioproduksje fan Cetaganda waard beneamd ta ien fan 'e bêste science fiction-audioboeken fan 1999 troch it tydskrift Library Journal;
  • de Japanske oersetting Tenkū no Isan, fan Ayako Ogiso, waard nominearre foar de Seiun-priis foar de bêste oersetting fan in bûtenlânske roman fan 2002.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles, Mystery & Mayhem, s. 555.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen