Springe nei ynhâld

Analog Science Fiction and Fact

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Analytical Laboratory Award)
Analog Science Fiction and Fact
algemiene ynformaasje
hist. namme Astounding Stories
Astounding Science Fiction
Analog Science Fact and Fiction
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
frekwinsje 1x de moanne
bestean 1930 – no
oprjochter William Clayton
plak haadred. Norwalk (Konnetikut)
útjouwer Penny Publications
oplaach 26.500 (2011)
ISSN 1059-2113
offisjele webside
www.analogsf.com

Analog Science Fiction and Fact, yn 'e regel ôfkoarte ta Analog Magazine of sljochtwei Analog, is in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan science fiction-literatuer, dat syn bestean begûn as in pulpblêd. It is in moanneblêd, dat yn 1930 oprjochte waard troch útjouwer William Clayton, as in pulpmagazine mei de titel Astounding Stories, mar yn 1938 sloech it mei as nije namme Astounding Science Fiction ûnder haadredakteur John W. Campbell in nije rjochting yn. Yn 1960 waard it omneamd ta Analog Science Fact and Fiction, en yn 1992 waard it lêste part fan 'e namme feroare fan Fact and Fiction yn Fiction and Fact. Mei in âlderdom fan krapoan 85 jier is it de âldste science fiction-útjefte dy't sûnder ûnderbrekking bestien hat. Boppedat is it it ynfloedrykste tydskrift út 'e skiednis fan syn sjenre, sasear sels dat it tsjinwurdich suver in ikoan fan 'e Amerikaanske science fiction wurden is.

Analog wie fan grutte ynfloed op 'e karriêres fan grutheden út 'e science fiction-literatuer, lykas Isaac Asimov en Robert A. Heinlein. Yn 1950 brûkte L. Ron Hubbard, de lettere oprjochter fan 'e scientologybeweging, it as foarum om syn iere teoryen bekend te meitsjen. Trochdat it blêd geregeldwei wurk fan nijynkommelingen publisearret, holp it yn 'e jierren santich de karriêres fan George R.R. Martin, Orson Scott Card en Joe Haldeman op 'e gleed, yn 'e jierren tachtich dy fan Harry Turtledove, Timothy Zahn, Lois McMaster Bujold en Elizabeth Moon, en yn 'e jierren njoggentich dy fan Paul Levinson en Michael A. Burstein. As wichtichste foarum út it saneamde Gouden Tiidrek fan de Science Fiction hat Analog letter in protte wurken fan skriuwers as Isaac Asimov, Robert A. Heinlein, H.P. Lovecraft en oaren werpublisearre.

Fan in hichtepunt fan sa'n 115.000 eksimplaren de moanne yn 1983 sakke de oplaach dêrnei werom ta 26.493 yn 2011. Lykwols begûn de sirkulaasje doe wer oan te winnen, fanwegen in groei yn digitale abboneminten. Elts jier hâldt Analog in opinypeiling ûnder syn lêzers, it Analytical Laboratory of AnLab, om fêst te stellen hokker koarte ferhalen, artikels en omslachkeunst, dy't it jiers tefoaren yn it tydskrift publisearre binne, oft de foarkar fan 'e lêzers hawwe. De winners krije dan de Analytical Laboratory Award of AnLab Award takend (dy't yn 1978 ynsteld waard).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Notes en Citations, op dizze side.