Springe nei ynhâld

HOMer Award

Ut Wikipedy
HOMer Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction- en fantasyliteratuer
útrikt troch Science Fiction and Fantasy
   Literature Forum
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1991
opheft 2001
offisjele webside
gjint

De HOMer Awards wiene in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt waarden foar de bêste science fiction- en fantasywurken fan it foargeande jier. De útrikking waard dien troch it Science Fiction and Fantasy Literature Forum op 'e CompuServe Information Service, wrâlds âldste kommersjele kompjûternetwurk. Yn 'e iere dagen fan CompuServe stie dat foarum ek wol bekend as it Home and Hobby Forum Number 9, en om it te selektearjen moast men "HOM-9" yntoetse. Sûnt neamden de leden fan it foarum harsels "HOMers". De namme fan 'e HOMer Awards gie dêrop werom, wylst er ek ferwiisde nei de Aldgrykske dichter Homêros (dy't yn it Ingelsk Homer neamd wurdt).

Alle leden fan it foarum (fluktuëarjend tusken 18.000 en 40.000) mochten nominaasjes dwaan en op 'e nominearre kandidaten stimme. Sels yn tiden dat it ledetal fan it foarum ta it minimum ôfnommen wie, hie it dêrmei noch fierwei it grutste tal stimmers fan alle science fiction- en fantasypublyksprizen. De winners waarden yn maaie bekendmakke yn twa wichtige tydskriften fan it sjenre, Locus en Science Fiction Chronicle. Der wie gjin útrikkingsseremoanje; de prizen, yn 'e foarm fan sertifikaten, waarden de winners tastjoerd. De HOMer Awards bestiene fan 1991 oant 2001, en waarden útrikt yn fiif ûnderskate kategoryen: bêste roman, bêste novelle, bêste koarte novelle, bêste koarte ferhaal en bêste dramatyske presintaasje. Under de winners fan 'e prizen wiene skriuwers as Raymond E. Feist, Janny Wurts, Anne McCaffrey, Lois McMaster Bujold en Catherine Asaro.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: