Springe nei ynhâld

Science Fiction Chronicle

Ut Wikipedy
Science Fiction Chronicle
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
frekwinsje 1x de moanne,
letter 1x de 2 moanne
bestean 19782006
oprjochter Andrew I. Porter
plak haadred. New York (New York)
útjouwer DNA Publishing Group
oplaach 10.000 (2001)
ISSN 0195-5365
offisjele webside
n.f.t.

Science Fiction Chronicle wie in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan science fiction, dat bestie fan 1978 oant 2006. Under insiders stie it bekend as SF Chronicle, wat ûnder bûtensteanders út en troch betizing feroarsake mei de folle bekendere krante de San Francisco Chronicle.

Science Fiction Chronicle waard yn 1978 oprjochte troch de Newyorkske útjouwer Andrew I. Porter, as in ûnderdiel of spin-off fan syn omfangrikere tydskrift Algol, dat lykwols yn 1984 opdoekt waard. Science Fiction Chronicle waard yn 1979 in selsstannige publikaasje as in algemien nijsmagazine oer science fiction. Wat dat oanbelanget wie it de wjergader oan 'e Amerikaanske eastkust fan it yn Oakland, oan 'e westkust útjûne blêd Locus. Hoewol't de ferslachjouwing fan Science Fiction Chronicle net sa breed wie as dy fan Locus, befette it materiaal dat by de konkurrint bûten beskôging bleau, lykas materiaal skreaun troch fans, in filmkollem en in fêste reportaazje út Londen.

Science Fiction Chronicle wie, fral de earste tolve oant fyftjin jier, grutdiels in ienmansprojekt fan Porter, waans bjusterbaarlike trochsettingsfermogen yn 1991 beleanne waard mei in spesjale priis op 'e World Science Fiction Convention fan 1991. Neitiid ûntskuldige er him yn it tydskrift foar syn no net drekt grasjeuze ynûntfangstname fan dy priis, dy't er as in treastpriis beskôge. Pas yn 1993 en 1994 wûn Science Fiction Chronicle einlings en te'n lêsten de sa begeare Hugo Award foar semy-profesjoneel tydskrift, dy't foartiid sûnt de ynstelling fan dy priis, yn 1984, hieltyd troch Locus wûn wie. Science Fiction Chronicle joech ek syn eigen prizen út, de Science Fiction Chronicle Awards of SF Chronicle Awards, dy't basearre wiene op in opinypeiling ûnder de lêzers.

Yn 2000 waard Science Fiction Chronicle oankocht troch de gruttere útjouwerij DNA Publications, fan Warren Lapine. Yn 't earstoan waard Porter oanholden as haadredakteur, mar yn 2002 waard er ferfongen troch John R. Douglas, dy't yn 2005 sels opfolge waard troch Ian Randal Strock. Yn 2001 groeide de oplaach oant mear as 10.000 eksimplaren. Oarspronklik hie Science Fiction Chronicle in moanneblêd west, mar letter ferskynde it iens yn 'e twa moannen; DNA Publications makke der koart nei de oankeap wer in moanneblêd fan, mar yn 2005 liet men dat publikaasjeskema fannijs slûpe. Uteinlik rûn de oplaach safier werom dat it blêd yn septimber 2006, nei 267 edysjes, mar hielendal opdoekt waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: