Westhoek Búttendyks
Westhoek Búttendyks | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | De Westhoek | |
datum | 11 1/2 14 septimber 2018 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | LF 2018 | |
soarte evenemint | kultureel / sportyf | |
offisjele webside | ||
www.friesland.nl/.../westhoekbuttendyks |
Westhoek Búttendyks (de offisjele namme is Biltsktalich) wie in fjouwerdeisk kultureel en sportyf evenemint dat fan tongersdei 11 oant en mei snein 14 septimber 2018 op It Bilt efter de seedyk by De Westhoek organisearre waard. It waard holden yn it ramt fan it bredere projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, mar fral mei it each op 'e gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018, dy't It Bilt nei goed fiif iuwen syn bestjoerlike selsstannigens ûntnommen hie.
Mei Westhoek Búttendyks waard de krite noch ien kear grutskalich op 'e kaart set. It evenemint wie sadwaande net inkeld bedoeld om in feestje te bouwen, mar ek om 'e skiednis, monuminten, taal en kultuer fan It Bilt ûnder de oandacht te bringen en dêrmei te hoedzjen en noedzjen. Sa waard neffens de organisaasje fan it festival besocht om ferline, hjoed en takomst fan It Bilt te ferbinen.
It programma fan Westhoek Búttendyks omfette muzyk, teäter (wêrûnder it iepenloftspul Silte Liefde), tentoanstellings, poëzij en ferhalen. Ek wie der in grutte reüny foar Bilkerts en âld-Bilkerts. Fierders organisearre Sportferiening Fryslân fan Sint-Jabik de Rabomarathon Om 't Bildt en Estafette Plus. Dêrby koe men in maraton drave om It Bilt hinne, dy't begûn yn Sint-Jabik en dêrwei oer Moaie Peal, Wier, Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Froubuorren, Alde Leie, Aldebiltsyl, Nijebiltsyl, Swarte Harne, Nij Altena en de Aldebiltdyk en sa wer werom nei Sint-Jabik. Oan 'e folsleine maraton diene mar inkele tsientallen dravers mei, mar men koe ek in estafette dwaan mei foar eltse dielnimmer in ôfstân fan 5 of 10 km. Dêr wie folle mear belangstelling foar.
Begjin novimber 2018 waard oan Westhoek Búttendyks de Bildtse Kultuurpriis takend. It evenemint liet neffens de sjuery de Bilske "kultuur op syn bêst sien." De priis waard op 14 desimber útrikt yn Ons Huis yn Sint-Anne.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|