Springe nei ynhâld

Westerwâldske Aa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Westerwoldse Aa)
De Westerwâldske Aa
De Westwolder Aa op de kaart fan Pijnacker út 1634

De Westerwâldske Aa (Nederlânsk: Westerwoldse Aa, ferâldere: Westerwoldsche Aa, Dútsk: Westerwolder Aa) is in grinsrivier tusken Nederlân en Dútslân.

De Westerwâldske Aa ûntstiet by Wessinghuizen yn de gemeente Stedskanaal by de gearrin fan de Mussel Aa en de gruttere Ruiten Aa, dy't as de bopperin beskôge wurde kin.

De rin fan de Ruiten Aa begjint hjoed-de-dei oan de eastlike râne fan Ter Apel. Dêrnei rint er, yn bytsje kringeljend, nei it noarden. It doarp Sellingen leit tusken de rivier en de parallel lizzende Ruiten-Aa-kanaal beëasten it doarp yn. Tsien kilometer nei it noarden rint it wetter tusken Vlagtwedde en Onstwedde en rint gear mei de Mussel Aa. Op dat plak begjint de Westerwâldske Aa.

Dêrnei rint er troch Wedde en dan eastlik by Blijham del. By de útbuorren De Bult by Aldeskâns mûnet de Pekel A yn de rivier út. Dêr wei is skipfeart yn de rivier mooglik. Justjes foar Bad Nijeskâns komt it B.L. Tijdenskanaal út yn de rivier. Dêrnei rint it rivierke by Bad Nijeskâns del nei it noarden dêr't it yn de Doalert útmûnet. Fan Bad Nijeskâns ôf foarmet de rivier de ryksgrins tusken Nederlân en Dútslân.

Uterdyks, yn de Doalert, wurdt er Bûten Aa of Schanskerdiep neamd, en rint sa'n 2½ kilometer westlik by de Nederlânske ouwer del, foar't it nei it noarden yn de rjochting fan de Groote Gat rint, dat ek ta de rin fan de rivier rekkene wurde kin.

Yn de Midsiuwen waard de Westerwâldske Aa nei it binnenkommen fan de goa Reiderlân mooglik de Reider Ie neamd. Hy rûn ta oant de Punt fan Reide dêr't it yn de Iems útmûne. De grins tusken Westerwâlde en it Reiderlân lei tusken de karspels Blijham en Vriescheloo. Oare boarnen sizze dat dêrmei de Pekel A bedoeld waard.

Yn 1634 waard de namme Westwolder Aa foar it earst brûkt troch Cornelis Pijnacker op syn kaart fan Drinte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje