Portegal
| |||||
Offisjele taal | Portegeesk | ||||
Haadstêd | Lissabon | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
92.391 km² 0,5% | ||||
Ynwenners (2005) | 10.566.212 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 10 juny | ||||
Lânkoade | PRT | ||||
Ynternet | .pt | ||||
Tillefoan | 351 |
Portegal, offisjeel de Portegeeske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Lissabon en de presidint fan de republyk is sûnt 2016 Marcelo Rebelo de Sousa.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Portegal wurdt begrinzge troch:
- Spanje yn it noarden en easten;
- de Golf fan Cadiz yn it suden;
- de Atlantyske Oseaan yn it westen.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It totale oerflak fan Portegal is 92.391 km² grut. Mei Spanje hat it in lange mienskiplike grins fan 1214 km en de kustline mei de Atlantyske Oseaan is 832 km. By Portegal hearre ek de eilannengroep de Azoaren en it eilân Madeira, mei de eilannengroep fan de Ilhas Selvagens, allegearre lizzend yn de Atlantyske Oseaan.
De wichtichste rivier is de Taach, dy't by de haadstêd Lisabon yn de Atlantyske Oseaan útmunet en it lân midstroch snijt. Oare rivieren binne de Minho, dy't foar in de part de grins foarmet mei Spanje yn it noarden, de Douro, de Guadiana, Mondego en de Sado. It grutste mar fan Portegal is de Alqueva, in stowmar fan 250 km².
It heechste punt fan Portegal is de Ponta do Pico op de Azoaren, mei 2351 meter hichte. Op de fêstewâl is it heechste punt de Serra da Estrela mei 1993 meter.
It binnenlân yn it noarden is bercheftich mei platoën en rivierfalleien. It suden, tusken de Taach en de Algavere (de Alentejo), ûnderskiede him troch grutte flakten en in klimaat dat waarmer en drûger is dan it koele en reinich noarden. De Algarve, skieden fan de Alentejo troch bergen, beskikt oer in Mediterraan klimaat dat in soad wei hat fan Súd-Spanje.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It klimaat fan Portegal kin omskreaun wurde as hearende ta it Mediteraanske type en is ien fan de waarmste fan Jeropa. Oer it hiele jier mjitten is de temperatuur trochstrings 13 °C yn it noarden en 18 °C yn it suden, de maaitiid en simmer binne sinnich en hiet, de hjerst en winter reinich en winich.
Distrikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Portegal hat 18 distrikten (distritos):
Dêrnjonken binne der twa autonome regio's (regiões autónomas): Açorerne og Madeira.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Portegal is dat fan in âld Jeropeesk lân, wêr't de oarsprong tebek giet oant de iere Aldheid. It makke opgong ta in wrâldmacht yn de tiid fan de ûntdekkingsreizen en hie oeral grutte koloanjes. It hichtpunt lei yn de 15e en 16e iuw. Dêrnei ferlear Portegal in protte fan har macht, rykdom en status en soe stadichoan yn in spiraal nei ûnderen telâne komme, mei as djiptepunten de ferneatiging fan Lissabon tidens de ierdskodding fan 1755, de besetting troch Napoleon yn 1807, en it ferlies fan de Brazyljaanske koloanje yn 1822.
In revolúsje yn 1910 makke in ein oan de monargy. Portegal waard in republyk, wêr't nei korrupsjeperikelen en in grutte steatsskuld troch in militêre kûp in diktatuer festige waard, dy't oant en mei 1974 duorje soe, doe't in linkse militêre kûp demokratyske werfoarmingen trochfierde. It jier derop waarden de lêste Afrikaanske koloanjes ûnôfhinklik.
De nasjonale feestdei is alle jierren op 5 oktober ta eare fan de oprjochting fan de republyk yn 1910.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Portegal is sawol etnysk, taalkundich as religieus in homogeen lân. It Portegeesk wurdt rûnom praat útsein it noarden dêr't it Mirandeesk, in fariant fan it Asturysk, praten. Goed 97% fan de ynwenners neamt him Roomsk-Katolyk.
Yn 'e rin fan de histoarje binne in soad Portegezen nei oare lannen tein. Brazylje, dat in kolony wie, is in lân dêr't no noch in soad Portegezen wenje en dêr't fan âlds de Portegeeske taal praten wurdt. Frankryk hat ek grutte Portegeeske mienskippen, dêr wenje der wol 600.000.
Yn Portegal libje 250.000 minsken mei in oare nasjonaliteit as de Portegeeske. Mear as de helte fan de bûtenlanners yn Portegal komt út de âlde Portegeeske koloanjes. Likernôch in fearnspart fan de bûtenlanners binne minsken dy't mei pensioen binne en yn Portegal wenje.
Mear as de helte fan de bûtenlanners wennet yn Lissabon, en in oar grut part yn 'e stêdsgebieten by de kust lâns. Op it plattelân wennet minder as 0,5 % fan de bûtenlânske befolking.
Gearwurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Portegal is in stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949). It lân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1976 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1986 fan de Jeropeeske Uny.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BYP per persoan is $21.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,2% lânbou, 25,4% yndustry en 66,4% tsjinsten.
Militêr
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Struktuer
De Portugeeske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine.
- Mankracht
Yn 2008 wienen der 2.573.913 Portugeeske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 2.099.647 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 64.910.
- Budzjet
Militêr budzjet $3,5 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 2,3 % (2003).
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wichtichste havens binne Leixoes, Lissabon, Setubal en Sines. Lissabon hat it grutste fleanfjild fan Portegal. De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.
Portegal hat (2006):
82.900 km ferhurde dyk.
2.786 km spoardyk.
210 km farwetter.
Distrikten fan Portegal | ||
---|---|---|
Aveiro - Beja - Braga - Bragança - Évora - Faro - Guarda - Leiria - Lisboa - Portalegre - Porto - Santarém - Setúbal - Viana do Castelo - Vila Real - Viseu | ||
Autonome regio's: Azoaren - Madeara | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |