Springe nei ynhâld

The Sons of Katie Elder (film)

Ut Wikipedy
The Sons of Katie Elder
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Henry Hathaway
produsint Paul Nathan
Hal B. Wallis
senario William H. Wright
Allan Weiss
Harry Essex
basearre op wiere foarfallen
kamerarezjy Lucien Ballard
muzyk Elmer Bernstein
filmstudio Wallis-Hazen Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen John Wayne
Dean Martin
byrollen Earl Holliman
Michael Anderson jr.
James Gregory
George Kennedy
Martha Hyer
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 juny 1965
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $6,5 miljoen
opbringst $23 miljoen (Noard-Amearika)

The Sons of Katie Elder is in Amerikaanske westernfilm út 1965 ûnder rezjy fan Henry Hathaway, mei yn 'e haadrollen John Wayne en Dean Martin. De titel betsjut "De Soannen fan Katie Elder". De film is, alteast foar in diel, basearre op wiere foarfallen. It ferhaal giet oer fjouwer fan harren mem ferfrjemde soannen dy't yn harren berteplak weromkomme as harren mem ferstjert. It docht bliken dat dêr net alles is sa't it liket. As de mannen de wierheid boppe wetter besykje te krijen omtrint de dea fan harren heit en de ferkeap fan syn ranch, meitsje se gefaarlike fijannen. Fan 'e filmkritisy krige The Sons of Katie Elder oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. De film Four Brothers, út 2005, is in remake fan The Sons of Katie Elder.

Fan 'e fjouwer soannen fan Katie Elder is John, de âldste, in revolverman; Tom, de twadde, in gokker; Matt, de trêde, in ûnsúksesfol izerwinkelman; en Bud, de jongste, dy't achttjin jier is, in studint oan 'e skoalle foar mynbou. It kwartet wurdt, nei jierren fan gjin inkeld ûnderling kontakt, weriene as yn 1898 harren mem komt te ferstjerren. Alle fjouwer reizgje se ôf nei harren berteplak Clearwater, yn noardeastlik Teksas, om 'e begraffenis by te wenjen. It muoit harren dat se net oan 'e ferwachtings fan harren mem foldwaan kinnen hawwe, mei't it minske de hoop hie dat har soannen in wolfarrend en respektabel bestean opbouwe soene.

De iennichste yn it stedsje dy't harren healhertich ferwolkommet, is de pleatslike hotelhâldster Mary Gordon, in jonge frou dy't Katie Elder yn har lêste jierren bystien hat. Foar de rest litte de ynwenners fan Clearwater goed blike dat se neat fan 'e bruorren Elder hawwe moatte. Harren mem wie eltsenien yn 'e mienskip tige leaf, want de minsken wiene harren skoan bewust fan har earmoede, har goederjouskens en har leafde foar de soannen dy't nea nei har omseagen. De bruorren fiele harren dêr no skuldich oer en wolle wat dwaan foar harren mem. Nei't se spul krigen hawwe oer hoe't in grêfmonumint der útsjen moat, beslute de trije âldere bruorren dat se harren mem better earje kinne troch derfoar te soargjen dat Bud syn oplieding ôfmeitsje kin. Bud sels hat dêr lykwols gjin boadskip oan, mei't er revolverman wurde wol, krekt as John.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As se Clearwater yn geane om te sjen oft harren mem noch skulden neilitten hat by de pleatslike ûndernimmers, ûntdekke se dat Katie alles lyk en mear as lyk makke hat. Oan 'e oare kant docht by in besyk oan 'e bank bliken dat se ek gjin reade sint neilitten hat. Hoe't dat mooglik is, begripe de bruorren net, mei't de opbringst fan 'e ferkeap fan harren heite ranch dochs perfoarst net samar oprekke wêze kin, de sobere libbenswize fan harren mem yn acht nommen. As se dêr neifraach nei dogge, komt oan it ljocht dat harren heit Bass Elder de ranch net ferkocht hat, lykas Katie harren wiismakke hie, mar dat er de ranch by in potsje poker mei hege ynset ferspile hat oan 'e pleatslike wapenhanneler Morgan Hastings. Dêr hearre de bruorren al nuver fan op, mar as dan ek nochris bliken docht dat harren heit dyselde nachts op 'e strjitte yn Clearwater fan efteren deasketten is, binne se der wis fan dat der wat net strykt.

Se sette nei sheriff Billy Wilson ta, dy't befêstiget dat it sa gien is, hoewol't alle tsjûgen fan 'e oerdracht fan 'e ranch fan Bass Elder oan Morgan Hastings tafalligerwize wurknimmers fan Hastings wiene. Wa't Bass neitiid fermoarde, hat Wilson nea ûntdekke kind. Mei't de sheriff harren fierders net helpe kin, begjinne de bruorren sels om te sneupen om 'e wierheid oangeande ien en oar boppe wetter te krijen. Hastings, dy't mei de dea fan Katie Elder en de ferwachte thúskomst fan har soannen it swurk al driuwen seach, hat ûnderwilens in revolverman yn 'e tsjinst nommen dy't bekend stiet as 'Curley' ("Krollebol"). De earste strategy fan Hastings is lykwols om te besykjen en bedraach de bruorren Elder troch mei harren te moaipraten en it ferhaal op te hingjen dat er nei de moard op Bass Elder oanbean hat om harren mem it folle pûn foar de ranch te beteljen, mar dat sy dat oanbod ôfstegere hat. It is lykwols daliks dúdlik dat fral John en Tom harren net foar de gek hâlde litte, dat Hastings begjint te risselwearjen foar oare metoaden om fan harren ôf te kommen.

In âldere, obese hynstefokker dy't fan Striker hjit, blykt troch Katie Elder oanskreaun te wêzen oer de mooglike oankeap fan in keppel hynders. It is dúdlik dat Katie dêrmei plannen makke foar har soannen, want sels koe se neat mei in keppel hynders. John, Tom, Matt en Bud, lykwols, soene de keppel nei Colorado driuwe kinne om se te ferkeapjen oan 'e goudsikers dêre. Om't se sels gjin jild hawwe om 'e hynders fan Striker te keapjen, prate se mei de hynstefokker ôf om him de helte fan 'e winst te jaan. Dat, se sette mei de hynders of fan Striker syn ranch yn Pecos. Underwilens komt helpsheriff Ben Latta, dy't in persoanlike wrok tsjin 'e bruorren Elder koesteret, ûnder begelieding fan Hastings op 'e lapen mei in oanhâldingsbefel foar Tom Elder, dy't yn New Orleans socht wurdt foar moard. De wize âlde sheriff Wilson, dy't de agressive hâlding fan Latta foar de Elders oer net stiet, giet sels nei de wente fan Katie Elder ta om 'e bruorren sûnder geweld oan te hâlden, mar hy komt foar de tichte doar. Dêr wurdt er troch Morgan Hastings yn 'e rêch sketten, wêrnei't de wapenhanneler de leffe moard op 'e lea fan 'e bruorren Elder skoot.

In posse ûnder lieding fan Latta wurdt útstjoerd om 'e fjouwer bruorren te sykjen en op te pakken. Se wurde mei harren keppel hynders ûnderweis ûnderskept en jouwe harren oer, nettsjinsteande de ûnnedich agressive behanneling dy't harren fan Latta en syn mannen ta diel falt. Werom yn Clearwater wurde de bruorren finzen set yn it selleblok fan it sheriffskantoar. Bûtendoar sammelet him in opsternate kliber folk dy't de arrestanten driget te lynchen. Latta wifket oer wat er dwaan sil, mar de pleatslike rjochter wegeret de berjochting yn Clearwater te hâlden, mei't dêromtrint gjin sjuery te finen is dy't ûnbefoaroardiele foar de bruorren oer stiet. Sadwaande wurde risselwaasjes troffen om harren ier de oare moarns út Clearwater wei nei in oanbuorjend plak te bringen.

It docht lykwols bliken dat de ynwenners fan Clearwater dy't troch Latta foar it finzenetransport tydlik ynsward binne as helpsheriff, allegearre op 'e hân fan Hastings binne. Underweis hâldt de karre mei de bruorren deryn ho midden op in brêge, wêrnei't Hastings-en-dy it fjoer op 'e bruorren Elder iepenje. De 'helpsheriffs', dy't de finzenen hearre te ferdigenjen, jouwe har ynstee by de oanfallers en Ben Latta wurdt troch harren finzen nommen en ûntwapene. De bruorren Elder ferskûlje harren ûnder de brêge en ferdigenje har mei de wapens út in kiste winchesters dy't efterop 'e karre ferfierd waard. Curley pleatst in pear steaven dynamyt ûnder de brêge en yn 'e dêrtroch feroarsake eksploazje wurdt de brêge opblaasd. Ien fan 'e mânske houten splinters fan it planken brêgedek speetst Matt Elder troch it boarst, dat er it bestjert. John Elder sjit Curley dea, mar Bud rekket slim ferwûne troch in kûgel. Ben Latta beslút him oan syn eed as helpsheriff te hâlden en jout him by de bruorren Elder, mar Morgan Hastings sjit de plysjeman dea wylst dy noch gjin wapen hat.

John en Tom lade de ferwûne Bud op 'e karre, dy't op 'e iene of oare manear alle trelit ûnskansearre trochstien hat, en ride him werom nei Clearwater om in dokter te sykjen. Dêr oankommen barrikadearje se har yn 'e smidterij. John fertelt de rjochter, dy't no de waarnimmend sheriff is, dat hy en syn bruorren yn Pecos wiene doe't sheriff Wilson deasketten waard, en dat se dat bewize kinne. Ek seit er dat hy en Tom harren oerjaan sille oan in U.S. marshal, mar dat se de pleatslike plysje net mear fertrouwe. Dêrop lit de rjochter dokter Isdell ta yn 'e smidterij en stjoert immen út om 'e U.S. marshal te heljen.

John Wayne.
Dean Martin.
Earl Holliman.
Michael Anderson jr.
Martha Hyer.

Dy nachts glûpt Tom ûnder dekking fan it tsjuster ta de smidterij út om Hastings syn soan Dave finzen te nimmen. Dat is in sloppe jongeman dy't syn oerhearskjende heit hatet en dochs tagelyk ek net sûnder him kin. Hastings folget it twatal en sjit Tom yn 'e rêch, mar de ferwûning hâldt him net tsjin. Werom yn 'e smidterij set John útein mei in hurdhannige ûnderfreging fan Dave. Hastings beslûpt it gebou en besiket John dea te sjitten, mar dy hat him krekt op 'e tiid troch en skuort Dave gau foar him. Dêrtroch sjit Hastings by fersin syn eigen soan del. Hastings flechtet werom nei syn wapenwinkel, wylst de stjerrende Dave yn oanwêzichheid fan John en de rjochter tajout dat syn heit de moardner is fan net inkeld sheriff Wilson en helpsheriff Latta, mar ek fan Bass Elder. Dêrop kringt de no fan alle skuld frijsprutsen John Elder de wapenwinkel fan Hastings binnen, dy't er nei in ûnbesliste sjitpartij opblaast mei Hastings der noch yn. Bud en Tom wurde nei it hotel fan Mary Gordon brocht, dêr't dokter Isdell gjin libbensbedriigjende ferwûnings by harren fêststelt.

haadrollen
personaazje         akteur/aktrise
John Elder John Wayne
Tom Elder Dean Martin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Matt Elder Earl Holliman
Bud Elder Michael Anderson jr.
Morgan Hastings James Gregory
Curley George Kennedy
Mary Gordon Martha Hyer
helpsheriff Ben Latta Jeremy Slate
sheriff Billy Wilson Paul Fix
Dave Hastings Dennis Hopper
Harry Evers Sheldon Allman
predikant John Litel
hierstâlhâlder Hyselman John Doucette
Vennar James Westerfield
Charlie Striker Rhys Williams
Charlie Biller John Qualen
Bondie Adams Rodolfo Acosta
Jeb Ross Strother Martin
winkelman Peevey Percy Helton
dokter Isdell Karl Swenson

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Sons of Katie Elder waard regissearre troch Henry Hathaway nei in senario fan William H. Wright, Allan Weiss en Harry Essex op basis fan in kladskript fan Talbot Jennings. It idee foar de film kaam fan Wright, dy't yn 1953 yn in boekhannel yn Los Angeles in eksimplaar fan Life of the Marlows fan auteur Glenn Shirley kocht, in beskriuwing fan 'e foarfallen omtrint de ferfolging fan 'e bruorren Marlow yn 1888 (sjoch: § Historisiteit). Hy tocht dat der yn it wierbarde ferhaal in goede western siet en betelle leden fan 'e famylje Marlow $1.000 de persoan foar de filmrjochten. It ferhaal waard gâns oanpast foar de film, fral wat de ein oanbelange.

Paramount Pictures kocht it senario yn 1955 oan. Oarspronklik soe Alan Ladd de haadrol spylje, wylst John Sturges de rezjy fiere soe nei in skript dat werskreaun wie troch Frank Burt en letter troch Noel Langley. Dy plannen kamen allegearre op losse skroeven te stean doe't Ladd, dy't by Paramount noch foar ien film fêstlein wie, syn kontrakt yn july 1956 ôfkocht foar de priis fan $135.000 (of $250.000, sa't Hathaway letter hawwe woe). De produksje fan 'e film kaam doe in oantal jierren muorrefêst te sitten, oant Paramount yn 1959 Dean Martin foar in rol wist te bestrûpen, en yn 1964 ek John Wayne.

As produsinten wiene Paul Nathan en Hal B. Wallis by it projekt belutsen foar de filmstudio Wallis-Hazen Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $6,5 miljoen, dat finansierd waard troch Paramount. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lucien Ballard, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elmer Bernstein. Hoewol't countrysjonger Johnny Cash yn 1965 in liet song dat ek The Sons of Katie Elder hiet, makke dat gjin ûnderdiel út fan 'e soundtrack fan 'e film.

De nammen fan 'e Marlows en alle oare belutsenen by de rige wiere ynsidinten út 'e njoggentjinde iuw waarden yn 'e film feroare. Dat is in praktyk dy't frij standert is yn 'e filmyndustry fan Hollywood. It is lykwols ûndúdlik hoe't de senarioskriuwers by de namme "Katie Elder" kamen. "Kate Elder" wie ien fan ferskate skûlnammen dy't yn it echt brûkt waarden troch Mary Katherine Horony Cummings, dy't úteinlings de skiednis yngien is ûnder har bynamme "Big Nose Kate". Hja krige yn it Wylde Westen bekendheid as prostituee en as de libbenspartner fan toskedokter/gokker/revolverman Doc Holliday. Mar om't Big Nose Kate pas yn 1940 stoar, kin it ferhaal fan 'e film alhiel neat mei har te krijen hawwe.

De opnamen foar The Sons of Katie Elder soene yn septimber 1964 úteinsette, mar rûnen fertraging op oant jannewaris 1965 doe't John Wayne yn it sikehûs bedarre foar in operaasje wêrby't in troch kanker oantaaste long en twa ribben ferwidere waarden. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e studio's fan Paramount Pictures yn Hollywood. De measte bûtendoarsênes waarden lykwols filme yn 'e noardlike Meksikaanske steat Durango.

De iepeningsbylden fan 'e film mei de steamtrein wiene fan 'e Denver and Rio Grande Western Railroad yn Colorado (no in toeristyske spoarline troch skildereftige lânskippen). De sêne op it spoarstasjon dêr't de trije jongere bruorren oan it begjin fan 'e film omdôch wachtsje op 'e net ferskinende John Elder (John Wayne), waard opnommen yn Perkinsville (Arizona). Wayne, dy't nettsjinsteande syn swake sûnens beslist syn eigen stunts dwaan woe, rûn suver longûntstekking op by it filmjen fan 'e sêne wêryn't syn 'trije bruorren' him al gekjeiend yn 'e rivier slepe.

It lânskip yn 'e Meksikaanske steat Durango, dêr't The Sons of Katie Elder foar it meastepart filme waard.

De distribúsje fan The Sons of Katie Elder waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 24 juny 1965 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

The Sons of Katie Elder wie loskes basearre op in rige wiere foarfallen út 1888, dy't plakfûnen yn Graham (Teksas). It gie om 'e fiif (ynstee fan fjouwer) bruorren Marlow: George, Boone, Alfred ("Alf"), Llewelyn ("Ep") en Charles (dy't trouwens ek noch in ier stoarne broer Wilburn hiene en trije susters: Charlotte, Elizabeth en Nancy Jane). De bruorren waarden beskuldige fan it stellen fan njoggentjin hynders. Harren arrestaasje rûn troch tadwaan fan 'e dronken helpsheriff Tom Collier út op in sjitpartij, wêrby't de populêre sheriff Marion DeKalb Wallace deasketten waard. Neitiid joegen de bruorren harsels oan, útsein Boone, dy't it needlottige skot lost hie en fan rutens spile.

In lulke kliber folk bestoarme op 17 jannewaris 1889 it selleblok dêr't de bruorren fêstsieten, mar dy wisten foar te kommen dat se lyncht waarden troch de lju fan harren ôf slaan. Op 19 jannewaris waarden se nei tsjuster foar harren eigen feilichheid oerbrocht nei Weatherford (Teksas), mei keatlings fêstmakke oaninoar en oan twa oare finzenen (William D. Burkhart en Louis Clift). Likernôch 3 km bûten Graham rûn it konfoai yn in yn 't foar ôfsprutsen mûklaach, wêrby't de helpsheriffs dy't de finzenen beskermje moasten, har by de oanfallers joegen. It slagge de bruorren om wapens te bemachtigjen, dekking te sykjen en de oanfal ôf te slaan, mar Alf en Ep kamen dêrby om. George en Charles wiene allebeide ferwûne rekke, mar wisten fuort te kommen, holpen troch Clift. Se sochte beskûl op it boerespultsje fan harren mem oant der plysje fan bûten de eigen Young County delkaam oan wa't se har oerjaan woene.

Boone wie ûnderwilens ûnderdûkt by syn faam en har famylje, de Harbolts, mar de broer fan 'e faam, in William G.E. Harbolt, fergiftige him mei rottekrûd, dat er it bestoar. Neitiid wurke Harbolt gear mei de preemjejagers Martin Beavers en John E. Derickson om it lykje te litten as wiene se Boone Marlow oer it mad kommen en hiene se him deasketten by in sjitpartij. Op dy wize besochten se de preemje fan $1.700 te ynkassearjen dy't him op 'e holle set wie. De patolooch-anatoom, in dokter R.N. Price, stelde lykwols fêst dat Boone al dea west hie doe't er "deasketten" wie en dat er eins oan fergiftiging stoarn wie. Harbolt en ko. waarden oppakt. Harbolt sels waard deasketten ear't er berjochte wurde koe, mar Beavers en Derrickson draaiden elts foar fyftjin jier it tichthûs yn.

George en Charles waarden yn Dallas (Teksas) berjochte foar it stellen fan 'e hynders en it delsjitten fan sheriff Wallace, en waarden op beide punten ûnskuldich befûn. In fraachpetear dat ien fan 'e dieders fan 'e mûklaach oan in pleatslike krante joech, foarme oanlieding foar de U.S. marshals om it spul nochris goed tsjin it ljocht te hâlden, wêrnei't sechstjin dieders arrestearre waarden, ûnder wa fjouwer helpsheriffs, ofsier fan justysje Phlete A. Martin en pleatsferfangend belestingynder John Levell. Yn njoggen gefallen kaam it ta in berjochting, mar twa fan 'e beklagen stoaren foar't de saak syn berin krigen hie. Uteinlik waarden trije manlju (de helpsheriff Eugene Logan, Sam Waggoner en Marion A. Wallace) feroardiele foar gearspanning. Se krigen in boete fan $5.000 en tsien jier finzenisstraf oplein.

Fan 'e filmkritisy krige The Sons of Katie Elder oer it algemien positive resinsjes. Yn The New York Times neamde Howard Thompson de film "in goede, taaie, pretinsjeleaze en bloedige lytse western". It tydskrift Variety murk op: "Wayne leveret ien fan syn gebrûklike robúste portrettearrings ôf, in bytsje âld, miskien, om sa'n jonge broer as Anderson te hawwen, mar net sa âld dat er net foar in revolverman trochgean kin. Martin, dy't syn rol mei wat mear humor spilet as de oaren, is like effektyf in syn taaie karakterisearring." Joan Didion skreau yn it blêd Vogue: "Dit is in âlderwetske aksjewestern. Hiel âlderwetsk […]. Ik hâld fan it lânskip fan it Wylde Westen en Ik hâld fan John Wayne en ik hâld fan Dean Martin en ik hâld fan sjitpartijen. As jo dêr net fan hâlde, hoege jo [hjirfoar] net [nei de bioskoop] te kommen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Sons of Katie Elder in net te klopjen goedkarringspersintaazje fan 100%, mar dat komt om't dy basearre is op net mear as 12 ûnderskate resinsjes, en om't Rotten Tomatoes resinsjes yndielt as postityf of negatyf mei neat dêrtuskenyn. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Sons of Katie Elder in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 7 resinsjes.

The Sons of Katie Elder brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $23 miljoen op. Hoewol't de opbringst wrâldwiid net bekend is, helle de film dêrmei al in winst fan $16,5 miljoen as it ôfset wurdt tsjin it budget fan $6,5 miljoen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.