The Jungle Book (film út 1967)

Ut Wikipedy
The Jungle Book
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Wolfgang Reitherman
produsint Walt Disney
senario Larry Clemmons
Ralph Wright
Ken Anderson
Vance Gerry
Floyd Norman
Bill Peet
basearre op The Jungle Book
   fan Rudyard Kipling
muzyk George Bruns
Terry Gilkyson
Richard M. Sherman
Robert B. Sherman
filmstudio Walt Disney Productions
distribúsje Buena Vista Distribution
spilers
haadrollen Bruce Reitherman
Sebastian Cabot
Phil Harris
byrollen Louis Prima
George Sanders
Sterling Holloway
J. Pat O'Malley
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 oktober 1967
foarm lange animearre musical
sjenre aventoerekomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 78 minuten
budget en resultaten
budget $4 miljoen
opbringst $205 miljoen
filmsearje
filmsearje The Jungle Book
● folgjend diel The Jungle Book 2

The Jungle Book, yn Nederlân útbrocht as Jungle Boek, is in Amerikaanske aventoerekomeedzjefilm út 1967 yn 'e foarm fan in lange animearre musical foar bern. De film waard regissearre troch Wolfgang Reitherman, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Bruce Reitherman, Sebastian Cabot en Phil Harris. The Jungle Book wie basearre op 'e bekende ferhalebondel mei deselde namme fan 'e ferneamde Britske skriuwer Rudyard Kipling út 1894. De titel betsjut "It Oerwâldboek". It ferhaal giet oer it wylde bern Mowgli, in jonge dy't yn it oerwâld grutbrocht wurdt troch wolven. Syn freonen, de panter Bagheera en de bear Baloo, besykje him oer te heljen om him by oare minsken te jaan foar't de boasaardige tiger Shere Khan arrivearret en him ferslynt. Fan 'e filmkritisy krige The Jungle Book oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen groeide er út ta in grut kommersjeel súkses. Yn 1994 waard in live action-remake makke, en yn 2003 in animearre ferfolchfilm, The Jungle Book 2. Yn 2016 ferskynde fan 'e film in twadde live action-remake.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mowgli, in minsklike weesjonge, wurdt yn in koer djip yn it oerwâld fan Britsk-Ynje oantroffen troch de swarte panter Bagheera, dy't him nei in wolvinne ta bringt dy't koartby jongen krigen hat. Dy bringt it minskebern grut tagelyk mei har eigen welpkes. Yn 'e ridel, dy't ûnder lieding stiet fan 'e wolf Akela, groeit Mowgli op en rekket er goed fertroud mei it libben yn it oerwâld. Tsjin 'e tiid dat er tsien jier is, makket er noch altyd diel út fan deselde wolveridel.

Op in jûn berikt de ridel it nijs dat Shere Khan, de minskeslinende Bingaalske tiger, dy't ek de âlden fan Mowgli deade hat, weromkeard is nei dit diel fan it oerwâld. Syn freonen beseffe dat Mowgli foar syn eigen feilichheid nei it minskedoarp moat. Bagheera nimt de taak op him om 'e jonge dêr te bringen. Se sette noch deselde jûns ôf, mar Mowgli sjocht de needsaak fan syn flecht net yn en is wisberet om yn it oerwâld te bliuwen. As se har foar de nacht yn in beam deljouwe, besiket de roppige tigerpyton Kaa om Mowgli te hypnotisearjen, sadat er de jonge opfrette kin, mar Bagheera stekt dêr in stokje foar.

De oare moarns besiket Mowgli om him by de patrûlje fan Yndyske oaljefanten te jaan dy't ûnder lieding stiet fan kolonel Hathi en syn oarehelte Winifred. Bagheera spoart de jonge wer op, mar nei't se spul krigen hawwe, beslút Mowgli om op eigen manneboet it oerwâld yn te tsjen. Al rillegau moetet er de loaie, fan willemeitsjen hâldende lippebear Baloo, dy't Mowgli ûnthjit om 'e jonge sels grut te bringen, sadat er nea nei it minskedoarp ta hoecht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Koarte tiid letter wurdt Mowgli lykwols by Baloo wei ûntfierd troch in groep apen, dy't him by harren lieder bringe, de orang oetan kening Louie, dy't residearret yn 'e ruïne fan in timpel. Dyselde biedt oan om Mowgli te helpen yn it oerwâld te bliuwen as er him it minsklike geheim ferklappe wol fan hoe't men fjoer makket. Om't Mowgli net troch minsken grutbrocht is, wit er lykwols net hoe't dat moat. Dat wol kening Louie net oan, en de sfear nimt in grimmitige kear. As Mowgli besiket te ûntsnappen, brekt der trelit út. Underwilens hat de beskrobjende Bagheera him by de mei skuldgefoelens oanhelle Baloo jûn, en tegearre arrivearje se om Mowgli te rêden, wat de gaos noch grutter makket. Uteinlik wurdt it hiele paleis fan kening Louie mei de grûn lyk makke, mar Bagheera en Baloo ûntkomme mei Mowgli.

De nachts, wylst Mowgli sliept, praat Bagheera in hoart op Baloo yn en oertsjûget him derfan dat Mowgli nea feilich wêze sil yn it oerwâld salang't Shere Khan dêr húsmannet. De oare moarns leit Baloo mei tsjinnichheid oan 'e jonge út dat it foar syn eigen goederbêst is dat er nei it minskedoarp giet. Mowgli ynterpretearret dy ommeswaai lykwols as ferrie, en naait út. Baloo set him efternei, en Bagheera freget kolonel Hathi en syn patrûlje om help by it weromfinen fan 'e jonge. Shere Khan harket it petear tusken Bagheera en Hathi lykwols ôf en komt sa oan 'e weet wat der geande is. Hy nimt him foar om Mowgli sels it earst te finen en de jonge te deadzjen en op te fretten.

Underwilens rint Mowgli op 'e nij yn in mûklaach fan Kaa, mar tanksij de ûnbedoelde tuskenkomst fan in erchtinkende Shere Khan moat de pyton de jonge gean litte en wit Mowgli te ûntsnappen. Wylst der swierwaar op komst is, moetet in deprimearre rekke Mowgli in groep freonlike gieren, dy't him akseptearje as in ferstjitling krekt as sysels. Koarte tiid letter ferskynt Shere Khan wer op it toaniel, dy't de gieren fuortjaget en Mowgli yn it nau driuwt. Baloo arrivearret krekt op 'e tiid om 'e jonge te rêden, mar rekket yn 'e striid mei Shere Khan ferwûne. As in wjerljochtslach in beam yn 'e lôge set, fleane de gieren leech oer om Shere Khan ôf te lieden, sadat Mowgli de kâns hat om brânende tûken te sammeljen en dy oan 'e sturt fan 'e tiger fêst te binen. Mei't Shere Khan spûkbenaud foar fjoer is, flechtet er yn panyk fuort, efterfolge troch de brânende tûken oan syn sturt.

Bruce Reitherman yn 2007.
Sebastian Cabot.
Phil Harris.

Neitiid bringe Bagheera en Baloo Mowgli, dy't no ynsjoen hat dat it oerwâld yndie net feilich foar him is, nei de râne fan it minskedoarp ta. Hy sjocht der noch altyd tsjin op om nei it doarp ta, mar feroaret fan gedachten as er op slach fereale rekket op in tsjep famke dat by de rivier komt om wetter te heljen. As se Mowgli opmerkt, lit se "by ûngelok" har wetterpot falle, sadat Mowgli har it ding weromjaan kin. Hy folget har nei it minskedoarp ta. Neitiid keare Bagheera en Baloo werom nei hûs yn it oerwâld, gerêst yn 'e wittenskip dat Mowgli no feilich en gelokkich is by syn eigen soarte.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Mowgli de wylde jonge Bruce Reitherman Michiel Geelen
Bagheera de swarte panter Sebastian Cabot Johan Remmelts
Baloo de lippebear Phil Harris Coen Flink


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
kening Louie de orang oetan Louis Prima Willem Duyn
Shere Khan de tiger George Sanders Jules Croiset
Kaa de tigerpyton Sterling Holloway Arnold Gelderman
kolonel Hathi de Yndyske oaljefant J. Pat O'Malley Lex Goudsmit
Winifred de Yndyske oaljefant Verna Felton ?
Junior de Yndyske oaljefant Clint Howard ?
Flaps de gier Chad Stuart ?
Buzzie de gier J. Pat O'Malley ?
Dizzie de gier Lord Tim Hudson ?
Akela de wolf John Abbott ?
Rama de wolf Ben Wright ?
it famke dat wetter hellet Darleen Carr Helen Shepherd
Flunkey de langoer Leo De Lyon ?

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Jungle Book wie de twadde ferfilming fan 'e ferneamde ferhalebondel The Jungle Book fan Rudyard Kipling út 1894, nei de live action-film The Jungle Book, út 1942. De animaasjefilm waard makke troch Walt Disney Productions (no de Walt Disney Animation Studios), mei Wolfgang Reitherman as regisseur en Walt Disney sels as produsint. It wie de lêste film dy't Disney produsearre foar syn ferstjerren yn 1966.

Der wie foar The Jungle Book in budget beskikber fan $4 miljoen. It senario foar de film waard skreaun troch Larry Clemmons, Ralph Wright, Ken Anderson, Vance Gerry, Floyd Norman en Bill Peet, hoewol't dy lêste beide mannen net op 'e begjintitels fernijd waarden. De filmmuzyk waard skreaun troch George Bruns, wylst Terry Gilkyson en de bruorren Richard M. Sherman en Robert B. Sherman ferantwurdlik wiene foar de ferskes.

The Jungle Book is mar hiel loskes op 'e ferhalen fan Kipling basearre. Iere ferzjes fan sawol it skript as de soundtrack folgen Kipling folle sekuerder, mar dat late ta in dramatyske, tsjustere en bytiden sinistere toan dy't Disney net yn syn famyljefilm brûke koe. Dêrom waarden sawol senarioskriuwer Bill Peet as lietsjeskriuwer Terry Gilkyson ûntslein en ferfongen. Uteinlik sieten der yn 'e film fiif ferskes: fjouwer fan 'e bruorren Sherman en ien fan Gilkyson (The Bare Necessities).

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De cast fan stimakteurs fan The Jungle Book omfette de ferneamde akteurs en muzikanten Phil Harris, Sebastian Cabot, George Sanders en Louis Prima, mar ek minder bekende akteurs dy't hast oan eltse Disney-produksje meiwurken, lykas Sterling Holloway, J. Pat O'Malley en Verna Felton. De haadrol fan 'e jonge Mowgli waard ynsprutsen troch Bruce Reitherman, de soan fan 'e regisseur Wolfgang Reitherman.

Walt Disney.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Jungle Book waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. De film gie op 18 oktober 1967 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Neitiid waard The Jungle Book yn 'e Feriene Steaten en Kanada noch trije kear op 'e nij yn 'e bioskopen brocht, yn 1978, 1984 en 1990. Ek yn ferskate Jeropeeske lannen kaam de film yn 'e 1980-er jierren op 'e nij yn 'e bioskoop. The Jungle Book waard yn 1991 foar it earste útbrocht as VHS-keapfideo, ferskynde yn 1999 foar it earst op dvd en kaam yn 2014 foar it earst út op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Jungle Book krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't men tsjintwurdich ornearret dat dêrby grif ek de nostalgyske reäksje meispile hat, dy't him fan 'e Feriene Steaten master makke nei it ferstjerren fan Walt Disney, tsien moannen foar't de film yn 'e bioskopen kaam. It tydskrift Time murk op dat The Jungle Book fier ôfdwaalde fan 'e ferhalen fan Kipling, mar "it resultaat is alderhearlikst," wylst it blêd Life de film ferliek mei Dumbo. Ek de resinsje dy't ferskynde yn it tydskrift Variety wie fierhinne posityf, mar de kritikus dêre murk mei gefoel foar understatement wol op: "de ferhaalûntwikkeling is behearske".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Jungle Book in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 40 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei ekspressive animaasje, leuke personaazjes en oansteklike lieten beklibbet [de film] as in publyksfavorite Disney-klassiker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Jungle Book in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 8 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Jungle Book brocht, de fjouwer kearen dat er yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada draaide, yn totaal $141 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $64 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $205 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $4 miljoen betsjut dat in winst fan $201 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Jungle Book de op trije nei meast opbringende film fan 1967 en (anno 2011) nei oanpassing foar ynflaasje de op 28 nei meast opbringende film aller tiden.

It liet The Bare Necessities waard yn 1968 nominearre foar de Oscar foar bêste liet, mar ferlear fan Talk to the Animals út Doctor Dolittle. Gregory Peck, de foarsitter fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences, de organisaasje dy't de Oscars útrikt, lobbyde fûleindich om The Jungle Book nominearre te krijen foar de Oscar foar Bêste Film, mar rêde dat net op.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.