Lex Goudsmit
Lex Goudsmit | ||
akteur | ||
Lex Goudsmit yn Citroentje met suiker | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alexandre Joseph Goudsmit | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 maart 1913 | |
stoarn | 10 desimber 1999 (86 jier) | |
jierren aktyf | 1935-1999 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Alexandre Joseph (Lex) Goudsmit (Brussel, 15 maart 1913 – Amsterdam, 10 desimber 1999) wie in Nederlânske akteur.
Goudsmit syn heit wie in Joadske diamantbewurker, syn mem wie roomsk-katolyk. Yn 1966 waard er by it grutte publyk bekend om syn rol fan Tevje yn de musical Anatevka (Fiddler on the Roof). Hy spile Tevje sa'n 1100 kear yn Nederlân en yn Londen.
Goudsmit wie ek geregeldwei te sjen yn telefyzjeprogramma's. Hy spile ûnder mear Kening Sopromus yn de jeugdrige Flip de tovenaarsleerling yn 1961 en in rol yn de jeugdsearje Q & Q yn 1974. Yn in oare jeugdsearje, Thomas en Senior (1985-1988), spile er de rol fan Senior. Fan 1984 oant en mei 1999 wied er yn Sesamstraat Lex (de pakefiguer), sadat ek e jongere generaasje mei him yn de kunde kaam.
Goudsmit wie ek ien fan de artysten dy't it liet Shalom from Holland (skreaun troch Simon Hammelburg en Ron Klipstein) opnamen as teken fan solidariteit mei it Israëlyske folk, dat bedrige waard troch raketten út Irak ûnder de Earste Golfoarloch yn 1991.
Goudsmit stoar yn de âlderdom fan 86 jier yn in sikehûs yn Amsterdam oan de gefolgen fan in harsensblieding. Hy waard kremearre yn krematoarium Westerveld yn Driehuis. Syn jiske waard beïerdige op it urnefjild ûnder in soarte fan fitrinekastke mei foto's, tekeningen en oare objekten.
Goudsmit hat troud west mei Ans Adelaar (oant har dea yn 1989) en Erna Weiss.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) IMDb-profyl mei folsleine filmografy.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lex Goudsmit fan Wikimedia Commons. |