Springe nei ynhâld

The Homesman

Ut Wikipedy
The Homesman
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tommy Lee Jones
produsint Peter M. Brant
Brian Kennedy
Luc Besson
senario Tommy Lee Jones
Kieran Fitzgerald
Wesley Oliver
basearre op The Homesman fan
   Glendon Swarthout
kamerarezjy Rodrigo Prieto
muzyk Marco Beltrami
filmstudio EuropaCorp
Ithaca
The Javelin Film Co.
distribúsje Roadside Attractions (Fer. Steaten)
EuropaCorp (Jeropa)
spilers
haadrollen Hilary Swank
Tommy Lee Jones
byrollen Grace Gummer
Miranda Otto
Sonja Richter
John Lithgow
Meryl Streep
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Frankryk
premiêre 14 novimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 123 minuten
budget en resultaten
budget $16 miljoen
opbringst $3,4 miljoen

The Homesman is in Amerikaansk-Frânske westernfilm út 2014 ûnder rezjy fan Tommy Lee Jones, mei yn 'e haadrollen Jones sels en Hilary Swank. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Glendon Swarthout út 1988. De titel ferwiist nei de oantsjutting (homesman) dy't yn it Wylde Westen gebrûklik wie foar lju dy't ymmigranten wer nei hûs (home) brochten as se it yn it Westen om 'e iene of oare reden net roaie koene. The Homesman giet oer trije froulju dy't om útinoar rinnende redens harren ferstân ferlieze en dêrom werombrocht wurde moatte nei Iowa, dêr't in tsjerke is dy't foar sokken soarget. Hoewol't de filmkritisy oer it algemien loovjend oer de film wiene, flopte The Homesman yn 'e bioskopen.

Yn 1854 libbet Mary Bee Cuddy, in 31-jierrige frijfaam en eardere skoaljuffer út New York (steat) as boerinne yn it Territoarium Nebraska, midden op 'e Grutte Flakten, oan wat dan de foargrins fan 'e beskaving is. Hja is dêrhinne reizge om't se hope dêr mear kânsen te hawwen op it opbouwen fan in bestean. Cuddy is in aktyf lid fan 'e lytse mienskip fan Loup, dêr't se frijwat lân besit en ek aardich wat jild op 'e bank hat. Se liket sterk en selsstannich, mar se kampt mei depressiviteit dy't fuortkomt út har isolemint en út it feit se har mislearre fielt om't se gjin man fine kin om in gesin mei te stiftsjen, wat yn dy tiid de wichtichste besteansreden foar in frou is. As se har buorman Bob Giffen, mei wa't se soms gearwurket, freget om mei har te trouwen, jout dy har yn net mis te fersteane bewurdings te kennen dat se him te lilk en te bazich is. Koarte tiid letter set er ôf werom nei it easten, dêr't er in wiif hopet te finen dat mear nei syn smaak is.

Yn dyselde tiid begjinne ferskate froulju yn Loup tekens sjen te litten fan sljochtsinnigens. Dat wurdt feroarsake troch de drege libbensomstannichheden dêr't se yn Nebraska oanhâldend mei te krijen hawwe. De njoggentjinjierrige Arabella Sours hat yn koarte tiid al har trije bern oan diftery ferlern. Theoline Belknap bringt har eigen poppe om as har húshâlding nei in mislearre rispinge en de stjerte fan it fee driget te ferhongerjen. En Gro Svendsen, in Deenske ymmigrante, rekket nei it ferstjerren fan har mem geastlik paadbjuster troch it oanhâldende seksueel misbrûk troch har man. Dûmny Dowd docht in berop op 'e trije manlju om te lotsjen wa fan harren oft de froulju weromliede sil nei in tsjerke yn Hebron (Iowa), dêr't foar sokke minsken soarge wurdt. Mar Vester Belknap wegeret oan 'e lotting mei te dwaan. Dêrop nimt Cuddy syn plak yn, en it lot falt op har.

Dûmny Dowd, Garn Sours, Thor Svendsen en oare leden fan 'e mienskip dogge alles om Cuddy te helpen en risselwearje foar de reis. Sa keapje se in âlde feewein foar har, dy't troch Buster Shaver, de pleatslike smid, oanpast wurdt om 'e trije froulju yn te ferfieren. As se mei de wein ûnderweis is om 'e froulju op te heljen, komt Cuddy by in beam lâns, dêr't in man fêstbûn op syn hynder sit mei in strûpe om 'e hals hinne dy't oan in tûke fêstsit. It is George Briggs, dy't besocht hat him it lân fan 'e ôfwêzige Bob Giffen ta te eigenjen, en dêrfoar troch Giffen syn buorlju finzennommen en sa efterlitten is. Cuddy lit him ûnthjitte dat er har helpe sil by in putsje foar't se him lossnijt. It putsje dat se yn gedachten hat is fansels it oerbringen fan 'e trije sljochtsinnige froulju nei Hebron. As Briggs dat ûntdekt, is er der net bliid mei, mar hy seit dat er wurd hâlde sil. Om't him wat mear reden te jaan om dat te dwaan, seit Cuddy dat se in oan him rjochte brief mei trijehûndert dollar deryn nei de tsjerke yn Hebron stjoerd hat, hoewol't se dy eins gewoan yn 'e bûse by har draacht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis komt de ûnderfining dy't Briggs hat mei reizgjen yn it Wylde Westen goed fan pas. As se it paad kruse fan in groep Pâny-krigers, jout er harren in hynder om harren ôf te keapjen, sadat se him en Cuddy gewurde litte. Letter, as Arabella by harren kamp wei dwaalt en meinommen wurdt troch in passearjende frachtrider, is it Briggs dy't efter har oan set en in gefjocht mei de frachtrider oangiet om it fanke werom te krijen. De folle jongere frachtrider wurdt him lykwols oermânsk, en soe him smoard hawwe as Arabella him net yn 'e holle sketten hie. As se al in moai hoart ûnderweis binne, komme Cuddy en Briggs mei de feewein by it grêf lâns fan 'e alvejierrige dochter fan guon kolonisten op harren wei nei it westen ta. It grêf is om 'e klean útgroeven is troch Yndianen, wêrnei't it lyk opfretten is troch de prêrjewolven. Cuddy wol beslist de ferspraat lizzende bonken werbegrave, wylst Briggs troch wol. Uteinlik lit Cuddy him trochride mei de wein, wylst sy efterbliuwt mei it hynder fan 'e deade frachtrider om it grêf te beoarderjen. As se dêr klear mei is, wurdt it al tsjuster. Se rekket paadbjuster en doarmet twa dagen allinnich om foar't se úteinlik Briggs en de feewein weromfynt.

Tsjin dy tiid is Cuddy danich oanslein en alhiel yn triennen. Letter dy jûns freget se Briggs om mei har te trouwen, mar dy seit dat er gjin boer is, en dat er alris besocht hat him by in frou nei wenjen te setten, en dat dat gjin súkses wurden is. Noch wer letter ferskynt Cuddy neaken by syn tekkenrôle en freget him om seks mei har te hawwen. Nei't er koart besocht hat har dat te ûntpraten, giet Briggs dêrop yn. De oare moarns, as er wekker wurdt, fynt er Cuddy hingjend oan 'e beam dêr't se har oan ophongen hat. Briggs is dan raar gesteld, en hy snijt har los en begraaft har, en fynt dêrby it kefert mei de trijehûndert dollar yn har bûse. Nei de begraffenis seit er tsjin 'e trije sljochtsinnige froulju dat se harrensels no fierder mar rêde moatte en dat hy him ôfjaan sil. As er fuortby harren kamp lykwols in rivierke oerstekt, folgje de trije froulju him it wetter yn, en moat er Arabella mei lasso en hynder fan 'e drinkeldea rêde. Hy beseft dat er harren sa net oan har lot oerlitte kin, en beslút de reis nei Hebron te ferfetsjen.

As se al ferskate dagen net iten hawwe, komme Briggs en de froulju by in leechsteand hotel fan fjouwer ferdjippings lâns fan in Aloysius Duffy. Briggs sjocht dat dêr in wier gastmiel oanrjochte wurdt, mar as er oanstekt om iten en in sliepplak, makket Duffy him dúdlik dat dêr gjin sprake fan wêze kin, mei't er mei de earstfolgjende trein in groep ynvestearders ferwachtet. As dy komme, kin er sokken as Briggs fansels net yn syn hotel brûke. Under bedriging mei gewearen moat Briggs him ôfjaan, mar let dy jûns keart er werom en kringt de koken fan it hotel binnen om in roastere baarch te stellen. Hy stjoert de jonge kokkinne fuort en stekt dan de hiele begeane grûn fan it hotel yn 'e brân. As Duffy besiket de trep del te kommen, sjit Briggs him yn 'e foet. As er fuortriidt, springe út 'e finsters fan 'e boppeste ferdjipping fan it hotel brânende en kritende figueren.

Uteinlik berikt Briggs Hebron, dêr't er de trije froulju oerdraacht oan 'e soargen fan Altha Carter, de frou fan 'e pleatslike metodistyske predikant. Hy fertelt har dat Cuddy dea is, mar beart dat se beswykt is oan koarts. Om't er him noch skuldich fielt oer hoe't er Cuddy behannele hat, lit Briggs neitiid in houten grêfsark foar har meitsje, dy't er op har grêf sette wol. Foar Tabitha Hutchinson, it moaie, mar strjitearme sechstjinjierrige keamerfamke yn it hotel dêr't er ferbliuwt, keapet er in pear skuon. As er har dy jout, drukt er har op it hert om nea mei in jongfeint te trouwen dy't derfan dreamt om in boerespultsje yn it Wylde Westen te begjinnen. Ek freget er har om mei himsels te trouwen, dêr't sy op antwurdet mei: "Miskien." Briggs lit himsels yn in nij pak stekke. As er him lykwols by in pleatslik pokerspul jaan wol, wurdt er wegere om't er net fan deselde maatskiplike klasse is as de oare spilers.

Briggs hie eefkes it idee dat er himsels en syn libben feroarje koe, en mooglik in better man wurde, ien dy't Cuddy har goedkarring weidrage koe. Mar troch dy ôfwizing beseft er dat in dûbeltsje nea in kwartsje wurde kin. Hy set yn westlike rjochting ôf út Hebron en lit him troch in fearboat de Missouri wer oersette. Oan dek begjint er healdronken lûdroftich in ferske te sjongen en der entûsjast by te dûnsjen wylst twa oare passazjiers him begeliede op muzykynstruminten. As immen op 'e igge klaget oer it lawaai, lûkt er syn revolver en sjit in pear kûgels yn dy rjochting ôf foar't er wer trochgiet mei sjongen en dûnsjen. Underwilens skopt ien fan 'e fearlju ûnder it wurk tsjin 'e grêfsark fan Cuddy oan, dy't Briggs tsjin 'e reling fan 'e boat oanset hie. It ding rûgelet oerboard en driuwt ûngemurken fuort.

Hilary Swank.
Tommy Lee Jones.

Yn The Homesman wurdt it drege libben fan 'e iere blanke kolonisten yn it Wylde Westen beljochte. De film is wol omskreaun as in "feministyske western", mei't yn oare films oer dy tiid de libbens fan froulju mar komselden oan bod komme.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mary Bee Cuddy Hilary Swank
George Briggs Tommy Lee Jones


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Arabella Sours Grace Gummer
Theoline Belknap Mirando Otto
Gro Svendsen Sonja Richter
dûmny Dowd John Lithgow
Altha Carter Meryl Streep
Garn Sours Jesse Plemons
Vester Belknap William Fichtner
Thor Svendsen David Dencik
Aloysius Duffy James Spader
Tabitha Hutchinson Hailee Steinfeld
Netti Nordstog Caroline Lagerfelt
Buster Shaver Barry Corbin
Bob Giffen Evan Jones
frou Polhemus Jo Harvey Allen
frou Linens Karen Jones
frachtrider Tim Blake Nelson

The Homesman waard regissearre troch Tommy Lee Jones, dy't yn 'e mande mei Kieran Fitzgerald en Wesley Oliver ek it senario skreau. Dat wie basearre op 'e roman The Homesman, fan Glendon Swarthout, út 1988. As produsinten wiene by de film belutsen Peter M. Brant, Brian Kennedy en Luc Besson, foar de studio's EuropaCorp, Ithaca en The Javelin Film Company. De kamerarezjy waard fierd troch Rodrigo Prieto, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Marco Beltrami.

Foar The Homesman wie in budget fan $16 miljoen beskikber. De film waard foar it earst fertoand op 18 maaie 2014, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Neitiid draaide er ek op it Filmfestival fan Telluride en op it filmfestival fan it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI). De distribúsje fan The Homesman waard yn 'e Feriene Steaten dien troch Roadside Attractions, en yn Jeropa troch Besson syn EuropaCorp. De film gie op 14 novimber 2014 yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

The Homesman krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, benammen oangeande de aktearprestaasje fan Hilary Swank, de kamerarezjy, de filmmuzyk en de kostúms. Sa skreau Andrew O'Hehir op 'e webside Salon: "Swank jout in manjefyk optreden as in frou fan wa't it kalme en feardige uterlik net alhiel har oanboazjende wanhope ferbergje kin." En: "Rodrigo Prieto syn wrede, horizontale lânskippen binne – krekt as de spûkeftige, ûntrêstgjende filmmuzyk fan Marco Beltrami – alhiel net pittoresk en gerêststellend, en tsjinje om in oangripend somber portret te ûnderstypjen fan it libben oan 'e 19e-iuwske Amerikaanske frontier.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Homesman in heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 148 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 43 resinsjes.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes waard The Homesman yn 2014 nominearre foar de Gouden Palm. Hoewol't de filmkritisy oer it algemien loovjend wiene oer de film, brocht The Homesman yn 'e bioskopen mar $3,4 miljoen byinoar. Ofset tsjin in budget fan $16 miljoen komt dat del op in ferlies fan $12,6 miljoen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.