Springe nei ynhâld

Tarzan of the Apes (roman)

Ut Wikipedy
Tarzan of the Apes
De omslach fan 'e earste edysje.
De omslach fan 'e earste edysje.
algemiene gegevens
auteur Edgar Rice Burroughs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre aventoerefiksje
1e publikaasje 1912, fúljeton
oarspr. útjwr. The All-Story
rige
rige Tarzan
● folgjend diel The Return of Tarzan

Tarzan of the Apes is in aventoereroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. De titel betsjut: "Tarzan fan 'e Apen". It wie it boek dêr't it personaazje fan Tarzan yn yntrodusearre waard. Tarzan of the Apes fertelt it ferhaal fan 'e aventoeren fan Tarzan, de soan fan Britske eallju dy't yn 1888 strâne reitsje op 'e kust fan Sintraal-Afrika. Nei de dea fan syn âlden wurdt er yn it tropysk reinwâld grutbrocht troch minskapen. Pas jierren letter komt er foar it earst yn 'e kunde mei de Westerske maatskippij en oare minsken, ûnder wa Jane Porter, op wa't er fereale rekket.

Tarzan of the Apes waard yn 't earstoan fan oktober 1912 ôf as fúljeton publisearre yn it pulpblêd The All-Story, mar ferskynde yn juny 1914 yn romanfoarm by útjouwerij A.C. McClurg fan Chicago. It wie it earste diel fan 'e Tarzan-romansearje. It boek sloech yn as in bom. Sà populêr wie it personaazje fan Tarzan, dat Burroughs oant yn 'e 1940-er jierren mear as 25 ferfolchromans skreau. Fan Tarzan of the Apes sels binne troch de jierren hinne withoefolle werprintingen ferskynd, en teffens is de roman adaptearre ta in grut tal oare media, lykas films, harkspullen en strips.

De Ingelsman John Clatyon, boarchgreve Greystoke, en syn frou Alice reitsje yn 1888 strâne yn 'e jungle oan 'e westkust fan Sintraal-Afrika, dêr't se oan lân set binne nei't harren skip troch seerôvers oernommen is. Net folle letter wurdt harren soan John Clayton II* berne. As it jonkje ien jier âld is, komt syn mem te ferstjerren oan in sykte (mooglik malaria) en koarte tiid letter wurdt syn heit deamakke troch de ûnmeilydsume Kerchak, de hearsker oer de Mangani.
*) Yn syn roman Tarzan, Lord of the Jungle, út 1928, lit Edgar Rice Burroughs der gjin twifel oer bestean dat John Clayton II, boarchgreve Greystoke de eigentlike namme fan Tarzan is. Lettere, minder kanonike boarnen (yn 't bysûnder de films Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984, en The Legend of Tarzan, út 2016) wolle ynstee hawwe dat er John Clayton III, greve fan Greystoke wie, wylst John Clayton II dan de namme is dy't oan syn heit jûn wurdt.

De Mangani binne in soarte fan minskapen dy't semy-yntelligint binne en harren eigen taal hawwe. Hja wurde yn 'e boeken fan Burroughs beskreaun as lykjend op gorilla's fan lichem, mar mear op 'e folle agressivere sjimpansees wat hâlden en dragen oangiet. Nei de dea fan syn heit wurdt de poppe adoptearre troch de apinne Kala. It neffens de mjitstêven fan 'e apen mar tergjend stadich opgroeiende bern kriget de namme "Tarzan", dat "Wythûd" betsjut yn 'e taal fan 'e Mangani-apen. Hy wurdt grutbrocht yn folsleine ûnwittendheid fan syn minsklik erfskip.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As jonge fielt Tarzan him ferfrjemde fan syn leeftydsgenoaten mank de Mangani omreden fan harren lichaamlike ferskillen. Hy is sadwaande in protte op himsels, en op ien fan syn ferkenningstochten ûntdekt er de hutte dy't syn wiere âlden boud hawwe. Dêre kriget er út 'e efterbleaune boeken foar it earst foar it ferstân dat der oaren binne dy't der krekt sa útsjogge as hysels. Troch ienfâldige abc-boeken mei plaatsjes te brûken, leart er himsels om Ingelsk te lêzen, hoewol't er gjin idee hat hoe't dy taal útsprutsen wurdt, om't er it noch nea (bewust) heard hat. De taal dy't er op 't lêst floeiend lêst, kin er sadwaande net sprekke.

Op in kear, as er weromkeart fan in besyk oan 'e hutte, wurdt Tarzan oanfallen troch in ûnbidich grutte gorilla, dy't er wit te deadzjen mei it mês fan syn heit, hoewol't er dêrby sels swierferwûne rekket. Hy wurdt neitiid fersoarge troch Kala, dy't fan him begûn is te hâlden as wied er har bloedeigen jong. Wat âlder Tarzan wurdt, wat better syn jachtfeardichheden har ûntjouwe. Dat ropt de oergeunstigens op fan Kerchak, de lieder fan 'e Mangani. Op 't lêst wurdt syn jaloerskens Kerchak oermânsk en falt er Tarzan oan. Mar yn it gefjocht ferslacht Tarzan Kerchak en deadet him, wêrnei't er syn plak ynnimt as lieder fan 'e Mangani.

Net folle letter fêstiget in ynlânske stamme fan swarte Afrikanen him yn 'e neite fan it territoarium fan 'e Mangani. Kala, de iennichste mem dy't Tarzan him tebinnenbringe kin, wurdt deade troch ien fan 'e jagers fan 'e stamme. Tarzan nimt wraak op 'e dieder en fermoardet him, wêrnei't er in antagonistyske relaasje begjint mei de rest fan 'e stamme. Hy oerfalt harren delsetting om harren wapens te stellen en makket wrede grappen yn harren neidiel. De byleauwige Afrikanen, dy't noch nea in blanke man sjoen hawwe, beskôgje him as in kweageast en besykje him te fermoedsoenjen.

Inkele jierren letter, wannear't Tarzan 21 jier is, rekket der in nij selskip fan Westerske reizgers yn it territoarium fan 'e Mangani strâne op 'e Afrikaanske kust. Under dyselden binne Jane Porter, in njoggentjinjierrige Amerikaanse, dy't de earste blanke frou is dy't Tarzan ea sjoen hat, en syn eigen neef William Cecil Clayton, dy't sûnder dat er it sels wit usurpator is fan it lângoed en de aadlike titel dy't fan rjochten oan Tarzan takomme. Ut it beskûl fan beammen en strewelleguod wei begluorket Tarzan de groep en helpt er harren sûnder dat se it merke. Yn 't bysûnder soarget er dat Jane de gefaren fan 'e jungle oerlibbet.

Mank it selskip is ek de Frânske marine-ofsier Paul d'Arnot. Dyselde wurdt finzen nommen troch de ynlanners. Wylst Tarzan him oan it rêden is, arrivearret der by de kust in skip dat de rest fan 'e groep oan board nimt en mei harren ôfset. D'Arnot, dy't sadwaande allinne efterbliuwt, ûntdekt dat Tarzan Ingelsk lêze en ek in bytsje skriuwe kin. Op dy wize kinne se kommunisearje. Hy leart Tarzan om Frânsk te sprekken en biedt him oan om him mei te nimmen nei it lân fan 'e blanken. Dat is oanloklik foar Tarzan, mei't er dêre Jane weromfine kin, op wa't er hopeleas fereale rekke is. Op harren reis leart D'Arnot oan Tarzan hoe't er him hâlde en drage moat as er mank de blanken is. Yn 'e moannen dêrnei leart Tarzan ek om Ingelsk te sprekken.

Uteinlik berikt Tarzan op syn omdoarmings de Amerikaanske steat Wisconsin, dêr't er Jane weromfynt. Hy rêdt har libben by in brân, mar it wersjen wurdt foar him in bittere pil as bliken docht dat Jane har ûnderwilens ferloofd hat mei William Clayton. Tarzan wit no dat hysels eins de rjochtlike boarchgreve Greystoke is, want hy hat D'Arnot meinommen nei de hutte fan syn âlden, en de Frânsman koe harren identiteit fêststelle oan 'e hân fan 'e besittings dy't dêr efterbleaun wiene. Mar ynstee dat er syn erfskip weromeasket fan syn neef, kiest er derfoar om te ferberjen wa't er is om't er it gelok fan Jane net bedjerre wol.

Edgar Rice Burroughs swalke mei koarte tuskenskoften troch de Feriene Steaten oant er 36 jier wie, wêrby't er santjin opienfolgjende wurkpaden folge ear't er besleat om skriuwer te wurden. Sa wied er kavalerist yn it Amerikaanske Leger, goudsiker yn Oregon, cowboy yn Idaho, spoarplysje yn Salt Lake City en de eigner fan ferskate mislearre bedriuwen. Hy besleat om pulpfiksje te skriuwen nei't er teloarsteld rekke wie oer de kwaliteit fan it materiaal fan oare skriuwers. Hy sette mei syn nijste karriêre útein yn 1910 en publisearre syn wurk as fúljetons yn pulpblêden. Syn earste roman dy't sa útkaam, wie it ta it science fiction-sjenre hearrende Under the Moons of Mars (1912) it earste diel fan 'e Barsoom-searje, dat yn 1917 yn boekfoarm útkomme soe as A Princess of Mars.

Tarzan of the Apes, dat Burroughs syn bekendste en ynfloedrykste wurk wurde soe, waard fan it oktobernûmer fan 1912 ôf as fúljeton yn it pulpblêd The All-Story publisearre. Yn 1914 kaam de roman yn boekfoarm út (it earste wurk fan Burroughs dat soks barre mocht) by útjouwerij A.C. McClurg yn Chicago. It personaazje fan Tarzan wie in kulturele sensaasje doe't er yntrodusearre waard, en it boek foarme foar Burroughs de trochbraak as skriuwer. Hoewol't letterkundigen syn wurk desennia lang negearren, foel it der wakker yn by de gewoane man. In twadde roman yn 'e Tarzan-rige, The Return of Tarzan, folge sadwaande al yn 1913 as fúljeton en yn 1915 as boek. Noch 22 oare romans oer Tarzan kamen by Burroughs syn libben út, en dêropta wiene der twa dy't postúm ferskynden. Tarzan wie Burroughs syn súksesfolste romansearje.

Hoewol't The Jungle Book (1894) fan Rudyard Kipling gauris neamd wurdt as in ynfloed op Edgar Rice Burroughs by it skriuwen fan Tarzan of the Apes, hold Burroughs sels út dat syn iennichste ynspiraasje foar it boek de Romeinske myte fan Romulus en Remus wie (oer de legindaryske stifters fan Rome, dy't troch wolven grutbrocht waarden). Kipling skreau yn it autobiografyske Something of Myself (1937) dat Burroughs "it motyf fan The Jungle Book ferfraaid hat, en, sa stel ik my foar, himsels dêrby kostlik fermakke hat."

Letterkundigen, dy't geandewei de twadde helte fan 'e tweintichste iuw einlings belangstelling foar it wurk fan Edgar Rice Burroughs krigen, hawwe de oanwêzigens fan ferskate wichtige tema's yn Tarzan of the Apes fêststeld. It wichtichste is nei alle gedachten de ynfloed fan erflikheid op minsklik hâlden en dragen, mei't Tarzan, nettsjinsteande it feit dat er net wit dat er fan adel is en noch nea in Ingelsman met hat, dochs in soarte fan Ingelske hear bliuwt en net ferfalt ta barbarij, al hoe'n bytsje helpmiddels oft er ek hat.

Problematysk foar in protte moderne lêzers is de rasiale superioariteit fan 'e blanke oer de swarte dy't út it boek nei foarren komt. It is lykwols net botte ferrassend dat soks foarkomt yn in boek út in tiid dat de grutte mearderheid fan 'e Westerske wrâld fan miening wie dat Afrika kolonisearre wurde moast út goederbêst foar de ynlânske befolking, dy't ferlet hie fan 'e blanken om har te fertellen hoe't se har maatskippij ynrjochtsje moasten en hokker religy se oanhingje moasten.

Oare wichtige tema's binne seksualiteit (yn Tarzan syn relaasje foar Jane oer), en eskapisme.

Tarzan of the Apes is ferskate kearen ferfilme. De earste beide filmadaptaasjes wiene de stomme films Tarzan of the Apes en The Romance of Tarzan, allebeide út 1918. Allebeide hiene se Elmo Lincoln yn 'e titelrol, hoewol't Gordon Griffith yn it earste stikje fan Tarzan of the Apes de jonge Tarzan spilet, sadat hy eins beskôge wurde kin as de earste Tarzan-fertolker. De beide films wiene basearre op 'e earste en twadde helte fan it boek fan Edgar Rice Burroughs. De folgjende en folle bekendere ferfilming dêrfan wie Tarzan the Ape Man, út 1932, de earste film mei Johnny Weissmüller yn 'e rol fan Tarzan. Weissmüller soe neitiid deselde rol spylje yn noch alve ferfolchfilms. De film út 1932 waard twaris in remake fan makke: Tarzan, the Ape Man (1959), mei Denny Miller yn 'e titelrol, en Tarzan the Ape Man (1981), in mear seksualisearre ferfilming mei Miles O'Keeffe as Tarzan, dy't benammen bekend is om 'e rol fan sekssymboal Bo Derek as Jane.

Tagelyk mei de Weismüller-films waard yn 1935 de searjefilm The New Adventures of Tarzan as fjirde filmadaptaasje fan Tarzan of the Apes makke, mei Herman Brix yn 'e titelrol. Neitiid ferskynden nochris fjouwer ferfilmings fan 'e roman. Greystoke: The Legend of Tarzan, Lord of the Apes (1984) wie in adaptaasje mei Christopher Lambert as Tarzan, dy't folle trouwer is oan it boek as de oare films. Dêrnei folgen twa lange tekenfilms: Tarzan of the Apes (1999), in relative lowbudgetproduksje dy't direkt-op-fideo útbrocht waard, en Tarzan (1999), it begjin fan 'e Disney-franchise mei deselde namme. The Legend of Tarzan (2016), mei Alexander Skarsgård as Tarzan en Margot Robbie as in opmerklik selsrêdige Jane, wie in mear histoarysk kontekstualisearre update dêr't ek histoaryske persoanen yn opfierd wurde, lykas de Afro-Amerikaanske abolisjonist George Washington Williams (spile troch Samuel L. Jackson) en de ûnmeilydsume Belgyske funksjonaris Léon Rom (spile troch Christoph Waltz).

Fan 1932 oant 1935 waard op 'e Amerikaanske radio it harkspul Tarzan of the Apes útstjoerd, dat basearre wie op 'e roman fan Burroughs. De rol fan Tarzan waard oant 1934 spile troch James Pierce en dêrnei troch Carlton KaDell, wylst Burroughs syn dochter Joan de rol fan Jane op har naam. Fan 1951 oant 1953 wie der in nij harkspul te hearren, Tarzan, mei Lamont Johnson yn 'e titelrol.

Tarzan of the Apes is ek ferskate kearen adaptearre ta stripferhaal. De earste kear dat soks barde, wie mei de adaptaasje fan it boek troch Hal Foster. Oare adaptaasjes binne dy fan Gold Key Comics yn Tarzan nû. 155 (septimber 1966, werôfprinte yn nû. 178, oktober 1969); fan DC Comics yn Tarzan nû. 207-210 (april-july 1972); en fan Marvel Comics yn Tarzan Super Special nû. 1 (werôfprinte yn Tarzan of the Apes nû. 1-2, july-augustus 1984). It measte prestiizje hat nei alle gedachten de adaptaasje fan 'e earste helte fan it boek troch striptekener Burne Hogarth út 1972 as in grafyske roman mei de titel Tarzan of the Apes. Fierders adaptearre Dynamite Entertainment it ferhaal fan 'e roman fan Burroughs foar de earste seis nûmers fan Lord of the Jungle, sij it tige loskes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.