Syrus de Jongere

Ut Wikipedy
Syrus de Jongere
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Perzysk
bertedatum nei 424 f.Kr.
berteplak Mesopotaamje?
stjerdatum 3 septimber 401 f.Kr.
stjerplak Kûnaksa (Mesopotaamje)
dynasty Achaimeniden
etnisiteit Perzysk
satraap fan Lydje, Frygje, Kappadoasje
en Ioanje
amtsperioade 4?? f.Kr. – 401 f.Kr.

Syrus de Jongere (yn Mesopotaamje?, nei 424 f.Kr.Kûnaksa, 3 septimber 401 f.Kr.) wie in prins fan it Achaimenidyske Perzyske Ryk en in jongere broer fan 'e Perzyske kening Artakserkses II. Hy waard ferneamd yn 'e skiednis fan 'e Aldheid fan it Heine Easten om't er it tsjin syn broer yn 'e kant sette en besocht himsels foar Artakserkses yn 't plak op 'e troan te bringen. Dêrta loek er leger gear dat foar in diel bestie út in kloft Grykske hierlingen. Yn 'e Slach by Kûnaksa, yn it hert fan it Perzyske Ryk, kaam Syrus lykwols om. De Griken, dy't neitiid bekend kamen te stean as de Tsientûzen, moasten har doe in wei nei de kust fan 'e Swarte See fjochtsje, in barren dat letter troch ien fan harren lieders, Ksenofon, fêstlein waard yn syn boek de Anabasis.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syrus de Jongere wie de soan fan kening Darius II fan Perzje en dy syn earste frou en keninginne Parysatis. Der is eins hielendal net safolle oer him bekend, útsein wat de Grykske skriuwer Ksenofon oer him fertelt yn 'e Anabasis, de beskriuwing fan 'e fjildtocht fan 'e Tsientûzen. In oare, folle minder bekende boarne oer it libben fan Syrus wie Efoarus, dy't syn kennis nei alle gedachten hie út in (letter ferlern gien) ferslach fan in Sofainetus fan Stymfalus. Fierders binne ek lytse stikjes ynformaasje oer Syrus oerlevere troch Fotios, dy't yn syn wurk sitaten oanhelle fan Ktesias, de liifdokter fan Artakserkses II; yn Plutarchus syn biografyen fan Artakserkses II en fan Lysander; en yn 'e Skiednis fan de Peloponnezyske Oarloch fan Tûsydides. Oare boarnen oer Syrus de Jongere binne der net.

Wannear't of wêr't Syrus berne waard, is net oerlevere, hoewol't Ksenofon úthâldt dat er nei de troansbestiging fan syn heit, yn 424 f.Kr., te wrâld kommen wêze soe. Hy hie in âldere broer, Arsikas (dy't letter as Artakserkses II op 'e troan kaam), en twa jongere bruorren, Ostanes en Oksatres. Neffens Ksenofon wie Syrus fan bern ôf oan in tige bejeftige jonge, dy't al ier in master wie yn hynsteriden, bôgesjitten en de jacht. As opslûpen jonge soed er ris in bear bejage hawwe, dy't op him ôfstoarme en him fan syn hynder ôf skuorde. Hy soe doe ûnferskrokken mei de bear wraksele hawwe en it bist deade hawwe, hoewol't er dêrby groeden yn it gesicht oprûn dy't er syn hiele libben hâlde soe. Plutarchus, lykwols, skreau dat Syrus as jong bern al in koppich en lumich karakter hân hie, wylst syn broer Arsikas (Artakserkses) sêftmoediger en freonliker wie.

Yn 408 f.Kr., nei de oerwinnings fan 'e Atener Alsibiades op 'e Spartanen yn it ramt fan 'e Peloponnezyske Oarloch, besleat Syrus syn heit Darius II om 'e oarloch tsjin 'e Grykske stêdsteat Atene fuort te setten en stipe te jaan oan Sparta. Hy stjoerde Syrus de Jongere nei it westen fan it Perzyske Ryk ta, dêr't de jonge satraap (gûverneur) waard fan 'e provinsjes Lydje, Frygje, Kappadoasje en Ioanje, en boppedat legeroerste fan alle Perzyske troepen yn Lyts-Aazje. Dêr mette Syrus de Spartaanske generaal Lysander, yn wa't er in man fûn dy't ree wie om him te helpen kening fan Perzje te wurden. Sels hie Lysander de ambysje om hearsker oer hiel Grikelân te wurden, mar dêrfoar wied er de help fan 'e Perzen nedich. Sadwaande holp Syrus Lysander yn 'e oangeande Peloponnezyske Oarloch hoe't er mar koe, mar wegere er om Lysander syn opfolger Kallikratidas op deselde wize te stypjen.

It wie om dyselde tiid hinne dat Darius II siik rekke en Syrus nei hûs ta rôp, yn 'e Perzyske haadstêd Sûsa. Neffens Plutarchus wie Syrus de leaflingssoan fan syn mem Parysatis, en die hja der alles oan om him op 'e troan te helpen. Har oare soan Arsikas wie âlder en hie dêrom mear rjochten, mar Parysatis soe tsjin Darius it argumint brûkt hawwe dat se him Arsikas skonken hie doe't er noch in ûnderdien wie, mar dat Syrus berne wie doe't er kening wie. Dat wie in argumint dat net folle om 'e hakken liek te hawwen, mar dat yn 'e Perzyske skiednis earder alris mei goed gefolch ynset wie. Diskear wurke it lykwols net, en Darius beneamde syn âldste soan Arsikas ta syn erfgenamt, wylst Syrus syn posysje as satraap behold.

It Perzyske Ryk om 400 f.Kr. hinne en de rûte fan 'e De Tsientûzen.

De opstân fan Syrus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei't Darius yn 404 f.Kr. stoarn wie en Arsikas ûnder de keningsnamme Artakserkses II op 'e troan kommen wie, brocht Tissafernes (eins Ciθrafarna), de satraap fan Kaarje, in plan fan Syrus út om syn âldere broer út 'e wei te romjen. Syrus waard oppakt en yn 'e hechten set, mar troch tuskenkomst fan Parysatis krige er fan Artakserkses graasje, en waard er weromstjoerd nei syn satrapyen. Neffens Plutarchus makke de fernedering fan syn arrestaasje him wrokkich en begûn er noch mear op 'e troan fan it Perzyske Ryk te longerjen as tefoaren. Om dyselde tiid hinne fersloech Lysander de Ateners yn 'e Slach by Aigospotami, en fan gefolgen krige Sparta mear ynfloed mank de Grykske stêdsteaten. Stipe troch Lysander begûn Syrus in grut leger gear te bringen, sabeare om't er yn oarloch rekke wie mei Tissafernes oer de Ioanyske stêden. Hy die ek as risselwearre er foar in strafekspedysje tsjin 'e Pisidiërs, in folk yn it Taurusberchtme dat nea folslein troch de Perzen ûnderwurpen wie.

Yn 'e maityd fan 401 f.Kr. brocht Syrus al syn troepen gear yn in leger dat neffens Ksenofon wol 100.000 man telde, hoewol't moderne histoarisy it op likernôch 30.000 man hâlde. Sa'n 20.000 dêrfan wiene leden fan Perzyske rezjiminten, mar hy hie ek goed 10.000 Grykske hierlingen (ûnder wa in soad Spartanen) yn 'e tsjinst nommen, dy't letter bekend komme soene te stean as de Tsientûzen. Mei dat leger sette er út Sardis, de haadstêd fan Lydje, ôf sûnder it doel fan 'e fjildtocht bekend te meitsjen. Pas doe't se al by it Syryske Tarsus kommen wiene, djip yn it Perzyske Ryk, kaam de moard út dat it om in opstân tsjin kening Artakserkses sels gie. Dêrop ferlieten twa fan 'e Grykske legeroersten, Ksenias fan Arkaadje en Pasion fan Megara, it leger fan Syrus mei 2.600 fan harren mannen. De rest fan 'e Griken waard lykwols troch de Spartaanske generaal Kleärchus ta in fierdere opmars oerhelle.

Artakserkses wie pas let troch Tissafernes op 'e hichte steld fan 'e opstân, en hy brocht mei tûzen hasten in troepemacht fan sa'n 40.000 man gear. Op 3 septimber 401 f.Kr. troffen de beide legers inoar yn Mesopotaamje by in hichte oan 'e lofterigge fan 'e rivier de Eufraat dy't Kûnaksa hiet (Gryksk: Κούναξα, Kounaxa; latinisearre foarm: Cunaxa). It slachfjild lei likernôch 70 km benoarden Babylon, deunby it plak dêr't tolve iuwen letter Bagdad stifte wurde soe. Yn 'e Slach by Kûnaksa, dy't dêr op dy dei útfochten waard, makken de Grykske hierlingen harren reputaasje it bêste fuotfolk fan 'e wrâld te wêzen, sûnder mear wier. It hie skoan kind dat Syrus de fjildslach troch harren ynset wûn hie, mar de ferdylging troch de Grykske hopliten fan 'e lofterflank fan it leger fan Artakserkses die der net mear ta doe't Syrus sels yn 'e striid kaam te sneuveljen.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Ksenofon soe Syrus yn 'e Slach by Kûnaksa eigenhandich in kavalerysjarzje oanfierd hawwe op syn broer Artakserkses en dy syn liifwachten. Dêrby kaam er lykwols om foar't er syn broer berikke kinnen hie. Neffens Plutarchus soe in jonge Perzyske soldaat dy't fan Mitridates hiet, sûnder it te witten Syrus rekke hawwe mei in werpspeetse. De prins foel doe ferwûne fan syn hynder. In pear eunugen fûnen him en besochten him yn feilichheid te bringen, mar wylst se him meitôgen waard Syrus troch in pylk yn it holle fan 'e knibbel rekke wêrby't in ier trochsnien waard. Hy knoffele doe del en foel mei de plasse op in stien en stoar.

De Goer-e-Dochtar, mooglik de tombe fan Syrus de Jongere.

Mitridates soe letter (op 'e nij neffens Plutarchus) ûnferstannigernôch opsprutsen hawwe oer syn die, mei as gefolch dat Syrus syn mem Parysatis derfan hearde. Hja liet him doe terjochtstelle troch skafisme. Se naam ek wraak op 'e eunuch (en slaaf) Masabates, dy't nei Syrus syn dea syn hân en holle ôfhoud hie om dy by Artakserkses te bringen. Parysatis wûn Masabates fan Artakserkses doe't se har soan beprate om 'e eunuch ta ynset fan in dobbelspul te meitjsen, en liet him doe libben strûpe. Wat der nei syn dea mei it stoflik omskot fan Syrus de Jongere barde, bleau lang ûnbekend, mar oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw stelden argeologen nei bestudearring fan 'e izerne eleminten fan 'e Goer-e-Dochtar fêst dat dy grêftombe mooglik it lêste rêstplak fan Syrus de Jongere is.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It libben en de dea fan Syrus de Jongere hiene nei alle gedachten alhiel yn it ferjit rekke as er net de Tsientûzen meisleept hie op syn fjildtocht. Troch syn dea rekken de Grykske hierlingen strâne yn it hert fan in fijannich ryk. Wylst de rest fan Syrus syn leger útinoar foel en fersille rekke, beholden de Griken harren formaasje. Doe't Tissafernes en Artakserkses harren generaals útnûgen foar in miel yn it Perzyske legerkamp en har doe ynstee ferriedlik fermoarden, keazen de Griken nije generaals, en setten ôf yn noardlike rjochting om har dwers troch it Perzyske Ryk hinne in wei te fjochtsjen nei de kust fan 'e Swarte See. Trochdat Ksenofon, ien fan 'e nije generaals, de hiele tocht letter fêstlei yn syn Anabasis, krige dy fjildtocht neitiid in suver wol legindaryske status. En sa libbe ek de namme fan Syrus de Jongere fuort.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.