De Tsientûzen (hierlingen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It Perzyske Ryk en de rûte fan 'e Tsientûzen.

De Tsientûzen (Aldgryksk: οἱ Μύριοι, oí Myrioi) wie in militêre formaasje yn 'e Grykske Aldheid, besteande út hierlingen fan almeast Grykske etnisiteit, dy't likernôch 10.000 man omfieme (dêrfandinne de namme). Dizze formaasje waard ynhierd troch Syrus de Jongere, in Perzyske prins, om 'e karkloft fan it leger te foarmjen dêr't er syn broer Artakserkses II mei fan 'e troan stjitte woe. De mars fan 'e Tsientûzen nei de jammerdearlik ferrûne Slach by Kûnaksa, djip yn it Perzyske Ryk, en harren helske weromtocht nei de kust, yn 401-399 f.Kr., waarden neitiid beskreaun yn 'e Anabasis troch de Aldgrykske legeroerste, histoarikus en kriichskundige Ksenofon430-354 f.Kr.), dy't it sels meimakke hie. It is in ta de ferbylding sprekkend ferhaal, dat yn 'e moderne tiid ferskate kearen imitearre en adaptearre is.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 401 f.Kr. brocht de Perzyske prins Syrus de Jongere in grut leger gear foar in militêre ekspedysje yn it Perzyske Ryk, mei as bedoeling om in opstân tsjin syn broer, kening Artakserkses II, te begjinnen, en in wraam op 'e troan te dwaan. Neffens Ksenofon brocht er dêrta in grutte hoemannichte Perzyske troepen gear, dy't wol 100.000 man telde, hoewol't moderne skiedkundigen it hâlde op likernôch 20.000 man. Dizze Perzyske troepen pleatste Syrus ûnder it befel fan 'e (Perzyske) legeroerste Ariéus. Dêrnjonken loek er ek in grut tal Grykske hierlingen oan om as karkloft de rêchbonke fan syn leger te foarmjen, mei't de Grykske hopliten doedestiden bekendstiene as guon fan 'e bêste fjochters fan 'e wrâld. Fierders brocht Syrus ek in float gear fan 35 triremen ûnder lieding fan Pytagoras de Spartaan (net te betiizjen mei de ferneamde wiskundige) en 25 triremen ûnder befel fan Tamos de Egyptner.

Gearstalling fan de Tsientûzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Ksenofon bestiene de Tsientûzen oan it begjin fan 'e fjildtocht út likernôch 12.100 man, wêrûnder:

De fjildtocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Ksenofon, dy't sels ien fan 'e Tsientûzen wie, bearde Syrus dat er syn broer Artakserkses trou wie, mar oarloch fiere woe tsjin Tissafernes, de satraap fan 'e Perzyske provinsje Ioanje, en tsjin 'e opstannige Pisidiërs. De Grykske hierlingen waarden op dy manear mislaat, en soene har nea brûke litten hawwe as se fan it begjin ôf oan witten hiene dat Syrus fan doel wie en nim it tsjin 'e rjochtlike kening op. Pas doe't se al by it Syryske Tarsus kommen wiene, djip yn it Perzyske Ryk, kaam de moard út. Dêrop wegeren de Griken earst noch fierder op te tsjen, oant ien fan harren oanfierders, de Spartaanske generaal Kleärchus, harren ta in fierdere opmars oerhelle. It wie op dat punt dat twa oare legeroersten, Ksenias fan Arkaadje en Pasion fan Megara, desertearren, en mei 2.600 fan harren mannen it leger ferlieten. De oare 2.000 ûnderhearrigen fan dy beide generaals joegen har doe by Kleärchus syn mannen.

"De see, de see!" (De Tsientûzen berikke de kust fan 'e Swarte See, in skilderij troch Bernard Granville Baker út 1901).

Uteinlik metten de legers fan Syrus en Artakserkses inoar yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, yn it hert fan it Perzyske Ryk. Hoewol't de Tsientûzen troch harren effektivere taktiken stânholden tsjin it folle gruttere leger fan 'e kening, waarden Syrus syn Perzyske troepen útinoarslein en kaam de rebelske prins sels op it slachfjild om. De Griken namen dêrop in definsive posysje yn en rekken besingele troch it ûnbidige Perzyske leger. De Perzen nûgen de Grykske oanfierders út foar ûnderhannelings oer harren ôftocht nei de kust, mar dat bliek in mûklaach te wêzen, wêrby't de generaals Kleärchus, Proksenus, Menon, Agias (mooglik deselde as Sofainetus) en Sokrates mei ferskate oare ofsieren ferriedlik troch de Perzen fermoarde waarden.

It wie de bedoeling fan 'e Perzen en twing de Griken om harsels oer te jaan (sadat se as slaven ferkocht wurde koene) of oars om se alhielendal út te rûgjen. De Tsientûzen lieten har lykwols net út it fjild slaan; se keazen Ksenofon, Timasion, Ksantikles, Kleänor en Filesius as nije generaals, mei Chirisofus fan Sparta as oerbefelhawwer. Teffens waarde se fersterke troch 400 Grykske deserteurs út it leger fan Artakserkses. Dêrnei fochten se harsels in paad nei it noarden ta troch de Delling fan de Tigris en eastlik Anatoalje, it hiele ein hjitfolge troch Perzyske troepen. Hja fersloegen ferskate Perzyske en Medyske legers dy't har de pas besochten ôf te snijen en wisten nei in helske tocht troch koarkdrûge woastinen en oer sniebekape berchtmen úteinlik Trapezus, oan 'e kust fan 'e Swarte See (it hjoeddeiske Trabzon yn eastlik Turkije) te berikken. In tige ferneamde passaazje út 'e Anabasis is dy dêr't de Griken oer de lêste berchrêch komme en foar it earst yn 'e fierte de see sjogge, en útroppe "thálatta, thálatta!" ("de see, de see!").

Fan 'e Tsientûzen wiene tsjin dy tiid likernôch seistûzen oer. Dêrwei sylden se by de kust lâns nei Chrysopolis (no Üsküdar), dêr't se Seutes II holpen om kening fan Traasje te wurden, wêrnei't se rekrutearre waarden troch de Spartaanske generaal Timbron, dy't yn westlik Anatoalje oarloch fierde tsjin 'e Perzyske satrapen Tissifernes en [[Farnabazus (5e iuw f.Kr.)|Farnabazus]], om 'e dea fan Kleärchus te wreekjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.