Springe nei ynhâld

Anabasis (boek fan Ksenofon)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anabasis (Ksenofon))
Anabasis
algemiene gegevens
oarspr. titel Ἀνάβασις ("Anábasis")
auteur Ksenofon
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre reis- en kriichsferslach
skreaun 1e helte 4e iuw f.Kr.

De Anabasis, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἀνάβασις, Anábasis, is it meast ferneamde wurk fan 'e Aldgrykske legeroerste, histoarikus en kriichskundige Ksenofon430-354 f.Kr.). It is in autobiografysk en skiedkundich reis- en kriichsferslach, dat as in wichtige histoaryske boarne jildt en it ferhaal fertelt fan 'e fjildtocht fan de Tsientûzen, in Grykske hierlingeleger, yn it Perzyske Ryk. Ksenofon moat syn Anabasis earne yn 'e earste helte fan 'e fjirde iuw f.Kr. skreaun hawwe, nei alle gedachten yn syn bûtenpleats te Scillus, deunby Olympia, yn 'e lânstreek Elis, op it grûngebiet fan 'e doetiidske stêdsteat Sparta. Los fan 'e histoaryske wearde fan 'e tekst wurdt de Anabasis rûnom wurdearre fanwegen syn dúdlike styl, sûnder opsmuk en tierlantijntsjes, en om dy reden is it tradisjoneel ien fan 'e earste folsleine teksten dy't studinten fan it Aldgryksk ûnder eagen krije. It ferhaal is yn 'e moderne literatuer gauris en op ûnderskate manearen werferteld troch Ksenofon syn bewûnderders.

Utlis fan de namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anabasis is in Gryksk wurd dat gearstald is út ana ("op", "omheech") en bainein ("gean"). It is in oerâlde term foar in ekspedysje fan 'e kust nei it binnenlân fan in gebiet. It tsjinstelde, in reis fan it binnenlân nei de kust, hjit in katabasis. Dizze oantsjuttings wurde tsjintwurdich noch yn 'e foarm fan eigenskipswurden brûkt foar winen: in anabatyske wyn is in wyn dy't by in steile opdracht of by in berchskeante op waait, wylst de Katabatyske wyn in iiskâlde wyn is dy't by 't winter út it binnenlân fan Antarktika nei de kust fan dat poalkoninint waait.

Yn 401 f.Kr. brocht de Perzyske prins Syrus de Jongere in grut leger gear foar in militêre ekspedysje yn it Perzyske Ryk, mei as bedoeling om in opstân tsjin syn broer, kening Artakserkses II, te begjinnen, en in wraam op 'e troan te dwaan. Njonken in grutte hoemannichte Perzyske troepen bestie Syrus syn leger ek út in mânske karkloft Grykske hierlingen, dy't harsels de Tsientûzen neamden, om't dat omtrint har oantal wie.

Neffens Ksenofon, dy't sels ta de Tsientûzen hearde, bearde Syrus dat er syn broer Artakserkses trou wie, mar oarloch fiere woe tsjin Tissafernes, de satraap fan 'e Perzyske provinsje Ioanje, en tsjin 'e opstannige Pisidiërs. De Grykske hierlingen waarden op dy manear mislaat, en soene har nea brûke litten hawwe as se fan it begjin ôf oan witten hiene dat Syrus fan doel wie en nim it tsjin 'e rjochtlike kening op. Pas doe't se al by Tarsus kommen wiene, djip yn it Perzyske Ryk, kaam de moard út. Dêrop wegeren de Griken earst noch fierder op te tsjen, oant ien fan harren oanfierders, de Spartaanske generaal Kleärchus, harren ta in fierdere opmars oerhelle.

Uteinlik metten de legers fan Syrus en Artakserkses inoar yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, yn it hert fan it Perzyske Ryk. Hoewol't de Tsientûzen troch harren effektivere taktiken stânholden tsjin it folle gruttere leger fan 'e kening, waarden Syrus syn Perzyske troepen útinoarslein en kaam de rebelske prins sels op it slachfjild om. De Griken namen dêrop in definsive posysje yn en rekken besingele troch it ûnbidige Perzyske leger. De Perzen nûgen de Grykske oanfierders út foar ûnderhannelings oer harren ôftocht nei de kust, mar dat bliek in mûklaach te wêzen, en Kleärchus, de fjouwer oare generaals en ferskate oare ofsieren waarden ferriedlik troch de Perzen fermoarde.

It Perzyske Ryk en de rûte fan 'e Tsientûzen.

It wie de bedoeling fan 'e Perzen en twing de Griken om harsels oer te jaan (sadat se as slaven ferkocht wurde koene) of oars om se alhielendal út te rûgjen. De Tsientûzen lieten har lykwols net út it fjild slaan; se keazen nije generaals, wêrûnder Ksenofon, en fochten harsels in paad nei it noarden ta troch de Delling fan de Tigris en eastlik Anatoalje, dêrby hjitfolge troch Perzyske troepen. Hja fersloegen ferskate Perzyske en Medyske legers dy't har de pas besochten ôf te snijen en wisten nei in helske tocht troch koarkdrûge woastinen en oer sniebekape berchtmen úteinlik Trapezus, oan 'e kust fan 'e Swarte See (it hjoeddeiske Trabzon yn eastlik Turkije) te berikken. In tige ferneamde passaazje út 'e Anabasis is dy dêr't de Griken oer de lêste berchrêch komme en foar it earst yn 'e fierte de see sjogge, en útroppe "thálatta, thálatta!" ("de see, de see!").

Fan 'e Tsientûzen wiene tsjin dy tiid likernôch seistûzen oer. Dêrwei sylden se by de kust lâns nei Chrysopolis (no Üsküdar), dêr't se Seutes II holpen om kening fan Traasje te wurden, wêrnei't se rekrutearre waarden troch de Spartaanske generaal Timbron, dy't yn westlik Anatoalje oarloch fierde tsjin 'e Perzyske satrapen Tissifernes en [[Farnabazus (5e iuw f.Kr.)|Farnabazus]], om 'e dea fan Kleärchus te wreekjen.

Ksenofon syn ferslach oer de fjildtocht fan 'e Tsientûzen fûn wjerklang yn hiel Grikelân, en soe twa generaasjes letter (sa tinke guon histoarisy) de ynspiraasje foar Filippus fan Masedoanje en syn soan Aleksander de Grutte foarme hawwe kinne by harren beslút om mei in ferovering fan it Perzyske Ryk útein te setten. Behalven as histoarysk ferslach en as kriichskundich wurk, krige de Anabasis ek grutte ynfloed yn it ûnderwiis fan 'e klassike filosofy, mei't de sokratyske begjinsels fan liederskip en regear op foarbyldige wize yn 'e praktyk brocht waarden troch it leger fan 'e Tsientûzen, dat wol omskreaun is as "in marsjearjende republyk". Fierders foarme it wurk ek de ynspiraasje foar in oare literêre tekst út 'e Aldheid, te witten de Anabasis Alexandri, in biografy fan Aleksander de Grutte troch de Grykske skiedkundige Arrianus fan Nikomedia (86-nei 146)

Yn 'e moderne tiid foarme de Anabasis de ynspiraasje foar ferskate literêre wurken, wêrûnder de mei in Booker Prize bekroande roman The Sea, the Sea, fan Iris Murdoch, dy't de titel deroan ûntliend. Shane Brennan syn In the Tracks of the Ten Thousand: A Journey on Foot through Turkey, Syria and Iraq, út 2005, is in reisferhaal yn 'e fuotleasten fan 'e Tsientûzen, wylst Michael Curtis Ford yn 2001 de histoaryske roman The Ten Thousand skreau, in fiktive werfertelling fan it oarspronklike ferhaal, krekt as The Lost Army, fan Valerio Massimo Manfredi, út 2008.

Mar fral de sjenres fan fantasy en science fiction hawwe tankber gebrûk makke fan Ksenofon syn wurk. Harold Coyle syn The Ten Thousand, út 1993, is in roman fan it alternate history-subsjenre, wêryn't Nazy-Dútslân foar de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch de atoombom útfynt en it Amerikaanske leger him in wei út in fijannich Jeropa sjen moat te fjochtsjen. Yn 'e novelle Grace: A Story bliuwt fantasy-auteur Paul Davies tichter by de wierheid as er de weromtocht fan Ksenofon en de Tsientûzen troch Mesopotaamje en Anatoalje beskriuwt.

The Ten Thousand fan Paul Kearney is in werfertelling fan 'e hiele fjildtocht, mar yn in oare, optochte wrâld, wêryn't tsientûzen Macht-hierlingen byinoar brocht wurde om foar in prins te fjochtsjen dy't syn broer fan 'e troan fan it ûnbidige Assuryske Ryk stjitte wol. Nei't de prins op it slachfjild omkommen is, en harren generaals yn in mûklaach lokke en fermoarde binne, moatte de Macht nije oanfierders kieze en har út it hert fan Assuria in wei nei de kust ta fjochtsje. Yn 'e science fiction is Jack Campbell syn The Lost Fleet-rige basearre op 'e Anabasis, wêryn't de romtefloat fan 'e Alliânsje djip it fijannige gebiet fan it Syndikaat binnenlokke wurdt, wêrnei't se har muoisum wer in wei nei hûs fjochtsje moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.