Springe nei ynhâld

Stompsturtiikhoarntsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stompsturtiikhoarntsjes)
stompsturtiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje stompsturtiikhoarntsjes (Aplodontiidae)
skaai stompsturtiikhoarntsjes (Aplodontia)
soarte
Aplodontia rufa
Rafinesque, 1817
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It stompsturtiikhoarntsje (Latynske namme: Aplodontia rufa), dy't yn it Ingelsk bekend stiet as de mountain beaver ("berchbever"), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), wêrbinnen oft it de monotypyske (út ien soarte besteande) famylje fan 'e stompsturtiikhoarntsjes (Aplodontiidae) en it krektlyk monotypyske skaai fan 'e stompsturtiikhoarntsjes (Aplodontia) foarmet. Nettsjinsteande de Ingelske namme is dit bist net nau besibbe mei de bevers, mar men kin wol sjen hoe't men derby kaam om him sa te neamen, want kwa lichemsfoarm is er bevers net wanlyk. It stompsturtiikhoarntsje komt foar yn westlik Noard-Amearika, en wurdt pleatslik ek wol boomer, ground bear ("grûnbear") of giant mole ("reuzemol") neamd.

It stompsturtiikhoarntsje wurdt beskôge as in libben fossyl om't er in ferskaat oan skaaimerken beholden hat (yn it bysûnder oangeande de opbou fan it spiersysteem en de foarm fan it gebit), dy't fierders inkeld taskreaun wurde oan primitive (al lang útstoarne) kjifdieren. Sadwaande waard foarhinne wol tocht dat stompsturtiikhoarntsjes nau besibbe wêze moasten oan fossile soarten, lykas dy fan it skaai Paramys. Ut molekulêr genetysk ûndersyk is lykwols konsekwint in susterrelaasje mei de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) bleken. De stompsturtiikhoarntsjes moatte har yn it Midden- of Let-Eoseen fan 'e iikhoarntsjes ôfspjalten hawwe.

Stompsturtiikhoarntsjes libje benammen yn 'e Cascades, in berchtme yn it westen fan it Noardamerikaanske kontinint. Dêr komme se foar fan it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, fia de steaten Oregon en Washington oant yn it uterste suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Fierders libje se ek yn it Olympysk Berchtme en de kustbergen fan Washington, it Siskiyouberchtme yn Kalifornje en de Sierra Nevada op 'e grins fan Kalifornje en Nevada.

De hoale fan in stompsturtiikhoarntsje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stompsturtiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 29-46 sm, mei in sturtlingte fan 1-4 sm en in gewicht fan 500-900 g, mei útsjitters nei 1 kg. De pels is brunich, mar kin neffens de ûndersoarte fariëarje fan grizich of rodzich oant hast swart. Fuort ûnder de earen sit in ljochter plak. De kop is plat, de snút stomp en de sturt opfallend koart. Kwa lichemsfoarm binne stompsturtiikhoarntsjes bevers net wanlyk, al binne se in stik lytser, mar de sturt wykt hiel dúdlik ôf. Se hawwe op 'e kiezzen in nuveraardich útsteksel dat by gjin inkele oare sûchdieresoarte foarkomt, sadat de plasse fan dit bist maklik te identifisearjen is oan it gebit. By de kiezzen yn 'e boppekaak wize dy knobben nei it wang ta, mar by de kiezzen yn 'e ûnderkaak wize se krekt fan it wang ôf. In oare eigenaardichheid oan it stompsturtiikhoarntsje is dat er gjin konsintrearre urine produsearje kin, en dêrom in protte focht brek is.

Stompsturtiikhoarntsjes libje yn sawol leafwâlden as nullewâlden, mar lykje yn it grutste part fan har ferspriedingsgebiet de foarkar te jaan oan leafbosk. Hoewol't se foarkomme fan seenivo oant de beamgrins, binne se fanwegen fysiologyske beheinings (mei't se gjin konsintrearre urine produsearje kinne) bûn oan gebieten dêr't foldwaande wetter foarhâns is, dat se ûntbrekke yn drûgere kontreien. Fierders lykje se ek lang net sa effisjint as dat oare kjifdieren dat dogge, har lichemswaarmte behâlde te kinnen. Men is fan tinken dat dat de reden is dat se allinne foarkomme yn kriten mei minimale sniefal en mylde winters.

In ûnfolgroeid stompsturtiikhoarntsje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stompsturtiikhoarntsje graaft in hoale dêr't er in grut part fan syn tiid trochbringt. Hy is by steat om yn beammen te klimmen, mar docht dat net faak, en bejout him mar komselden fier fan syn hoale. Stompsturtiikhoarntsjes hâlde gjin wintersliep, noch binne it sosjale bisten, al kinne har territoaria inoar wol oerlaapje. By it iten sitte se op har efterst en hâlde se har fretten mei de foarpoaten beet, krekt sa't echte iikhoarntsjes dat dogge.

De peartiid falt tusken jannewaris en maart yn, en de draachtiid duorret rûchwei in moanne. It wyfke smyt ien nêst fan 2-3 jongen jiers, dy't keal en blyn te wrâld komme. De libbensferwachting is by stompsturtiikhoarntsjes 5-10 jier, wat oan 'e lange kant is foar kjifdieren. Natuerlike fijannen binne de reade lynks, de prêrjewolf, de poema, de keningsearn en ferskate soarten ûlen. Under de parasiten fan it stompsturtiikhoarntsje is de grutst flie dy't bekend is, Hystrichopsylla schefferi, wêrfan't de wyfkes wol 8 mm lang wurde kinne.

In opset eksimplaar oan 'e Universiteit fan Harvard.

Stompsturtiikhoarntsjes lykje strikte herbivoaren te wêzen, dy't benammen fearplanten, krûden en de jongere leaten fan houtplanten frette. Fanwegen har oanfretten fan jonge oanplant wurde se wol as skealik ûngedierte beskôge. Soms lizze se by de yngong fan har hoale heabulten oan, mar it is net dúdlik oft dat in foarm fan it opbouwen fan itensfoarrieden is, of mear te krijen hat mei wetterbehear of it sammeljen fan nêstmateriaal. Om it maksimum oan fiedingsstoffen út har fretten te heljen, dogge stompsturtiikhoarntsjes, krekt as bygelyks kninen, oan kropofagy, it opfretten fan har eigen kjitte.

It stompsturtiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en mei't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Der binne 7 erkende ûndersoarten fan it stompsturtiikhoarntsje:

  • it gewoane stompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa rufa) (oan 'e kust fan Washington, fral op it Olympysk Skiereilân)
  • it grize stompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa phaea) (yn in lytse eksklave yn noardlik Kalifornje, noardwestlik fan San Fransisko)
  • it Humboldtstompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa humboldtiana) (oan 'e hege noardwestlik kust fan Kalifornje)
  • it Kalifornyske stompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa californica) (yn 'e Sierra Nevada fan noardlik Kalifornje en westlik Nevada)
  • it Pasifyske stompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa pacifica) (oan 'e kust fan Oregon)
  • it rainierstompsturtiikhoarntsje of Rainiers stompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa rainieri) (yn 'e Cascades, fan noardlik Kalifornje oant yn Britsk-Kolumbia)
  • it swarte stompsturtiikhoarntsje (Aplodontia rufa nigra) (yn in lyts isolearre gebiet yn it suden fan Mendocino County, yn Kalifornje)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.