Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Spoaren yn Nederlân'

Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke is in nij te bouwen treinstasjon yn Ljouwert. It stasjon moat boud wurde oan it spoar nei Swol, yn it nije kommersjele sintrum Werpsterhoek. De lokaasje fan it stasjon is tichtby de nijbouwiken Techum en Lommeryk. Tusken 2018 en 2020 hinne moat it stasjon klear wêze.

It spoar fan stasjon Ljouwert sil trochlutsen wurde nei Ljouwert Werpsterhoeke.

By it stasjon sil in grut parkearterrein oanlein wurde. It is de bedoeling om sa it ferkear yn de rjochting fan it sintrum fan Ljouwert te ferminderjen. Njonken dat sil der ek in winkelplein en in bedriuwspark yn it gebiet boud wurde.

Op it stuit (hjerst 2009) is it noch net wis hoenear't de bou begjinne sil.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it nije stasjon út sil men reizgje kinne nei Grins en Swol.

  • Line Ljouwert - Grins:

Ljouwert Werpsterhoek - Ljouwert - Stasjon Ljouwert Achter de Hoven - Ljouwert Camminghabuorren - Hurdegaryp - Feanwâlden - De Westereen - Bûtenpost - Gryptsjerk - Súdhorn - Grins - Grins Europapark.

  • Line Ljouwert - Swol:

Ljouwert - Ljouwert Werpsterhoek - Grou/Jirnsum - Akkrum - It Hearrenfean - It Hearrenfean Iisstadion - Wolvegea - Stienwyk - Meppel - Swol.