Springe nei ynhâld

Súdlike sprinkhoanmûs

Ut Wikipedy
súdlike sprinkhoanmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai sprinkhoanmûzen (Onychomys)
soarte
Onichomys torridus
Coues, 1874
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De súdlike sprinkhoanmûs (wittenskiplike namme: Onychomys torridus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e sprinkhoanmûzen (Onychomys). Dit bist komt foar yn 'e Feriene Steaten en Meksiko en stiet bekend om syn wjerstân tsjin beskate soarten gif. Súdlike sprinkhoanmûzen binne duchtige lytse rôfdieren, dy't û.m. op 'e tige giftige Arizonaskoarsskorpioen jeie.

De súdlike sprinkhoanmûs libbet yn 'e Chihuahua-woastyn fan noardlik Meksiko en it oangrinzgjende diel fan 'e Feriene Steaten, dat parten fan 'e Amerikaanske steaten Arizona, Kalifornje, Nevada, Nij-Meksiko en Utah omfettet.

It natuerlike biotoop fan súdlike sprinkhoanmûzen is woastynlân. Harren habitat dêr bestiet út hjitte, drûge dellingen en woastyn dy't bespikkele is mei útdrûge strewelleguod.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike sprinkhoanmûs hat in krêftich, robúst lichem foar in wrotmûs. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 8½-12 sm, mei in frij koarte sturtlingte fan 2½-6 sm en in gewicht fan 22 g. De kop, rêch en siden binne rôzich brún of grizich brún, wylst de bealch en de poaten wyt binne. De beide kleuren wurde faninoar skaat troch in skerpe demarkaasjeline. De sturt is gnobsk en hat deselde rôzich brune of grizich brune kleur as de rêch, útsein de sturtpunt, dy't wyt is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Súdlike sprinkhoanmûzen binne nachtdieren dy't de (gleonhjitte) dei trochbringe yn harren hoalen. Ornaris binne se monogaam. Wyfkes kinne ferskate nêsten jongen yn 't jier fuortbringe, mar bliuwe mar koarte tiid geslachtsryp; nei har twadde jier komt it mar selden mear foar dat se mei súkses oan it fuortplantingsproses dielnimme. Se bringe de earste jongen fuort as se yn trochsneed 4-5 moannen âld binne. In smeet bestiet by de súdlike sprinkhoanmûs út 1-5 jongen (mei in gemiddelde fan 2,6), dy't nei in draachtiid fan likernôch 29 dagen blyn, sûnder hier en mei in trochlittige rôze hûd te wrâld komme. Ien dei nei de berte begjint it pigmint yn 'e hûd him fan 'e wringe ôf te ûntjaan en mei 10 dagen krije de jongen it earste hier op 'e rêch. Mei 15 dagen geane de eachjes iepen en mei 19 dagen begjinne se fêst iten te fretten.

Omreden fan it woastynbiotoop fan harren ferspriedingsgebiet libje súdlike sprinkhoanmûzen yn gebieten mei in lege populaasjetichtens. Mantsjes hawwe yn 'e regel in territoarium fan 3,2 ha, wylst wyfkes takinne mei in territoarium fan 2,4 ha. As se ienris in gaadlik plak útsocht hawwe foar in hoale, bliuwe súdlike sprinhoanmûzen dêr langer te wenjen as dat foar de measte oare kjifdiersoarten gebrûklik is. Der sit yn 'e regel romte tusken de territoaria, yn trochsneed 118,4 m, mar fral de mantsjes binne tige territoriaal en spûkgûle nachts as wiene it miniatuerwolven om oan te jaan wêr't harren territoarium begjint.

De súdlike sprinkhoanmûs is unyk mank alle wrotmûseftigen fan Noard-Amearika op it mêd fan syn dieet, mei't er hast útslutend mar lidpoatigen fret. Op it menu steane û.m. toarren, imerkes en sprinkhoannen (dêrfandinne syn namme), mar hy fret ek in soad skorpioenen, en sels skrillet er der net foar tebek om oare soarten wrotmûzen en kjifdieren te deadzjen en lytsman te meitsjen. Dêrby giet it benammen om eksimplaren fan 'e langpoatmûsgoffer (Perognathus longimembris) en de westlike nôtmûs (Reithrodontomys megalotis).

Yn 'e drûge kriten dêr't de súdlike sprinkhoanmûs libbet, komt ek de Arizonaskoarsskorpioen (Centruroides sculpturatus) by 't folop foar. De measte rôfdieren litte dat bist gewurde fanwegen de giftige stek dy't er mei syn sturt útdiele kin, dy't almeast net deadlik is, mar wol alderferskriklikste pynlik. De súdlike sprinkhoanmûs lit him dêr lykwols net troch tsjinhâlde, en fret de Arizonaskoarsskorpioen smaaklik op sels as syn proai him ferskate kearen efterinoar yn 'e snút stekt. Biologen hawwe ûntdutsen dat de súdlike sprinkhoanmûs in neuraal meganisme ûntwikkele hat dat it ferstjoeren fan pineberjochten fan it stutsen lichemsdiel nei de harsens blokkearret as dat nedich is. De skorpioen kin dêrtroch tastekke safolle as er wol, mar de súdlike sprinkhoanmûs hat der gjin lêst fan. Dat wol trouwens net sizze dat de mûs dat allegear mar gewurde lit; yn 'e regel byt er syn proai earst de sturt ôf foar't er oan it miel begjint.

De súdlike sprinkhoanmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.