Springe nei ynhâld

Religy yn Nederlân

Ut Wikipedy
In protestantske earetsjinst yn 'e tsjerke fan 'e Hersteld Herfoarme gemeente fan Doornspijk (Gelderlân).

Religy yn Nederlân hat him troch de iuwen hinne ûntjûn fan heidendom, nei roomsk-katolisisme, nei protestantisme en yn 'e hjoeddeistige tiid foar it meastepart nei sekularisme.

De oarspronklike religy yn wat no Nederlân is, wie yn 'e Aldheid it Germaanske heidendom. Dêrfan bestiene ferskate foarmen, mei't alle Germaanske folken har eigen fariant fan dat leauwe beliden. Sa hiene de âlde Friezen, dy't de kustgebieten yn it noarden en noardwesten fan Nederlân bewennen, it Fryske heidendom. Alle foarmen fan it Germaanske heidendom wie in foarm fan heidendom en kin as in soarte fan natoerreligy beskôge wurde. De polyteïstyske Germaanske mytology, mei de ferearing fan goaden as Weda, Tonger, Frigga, Frey, Freya, Fosite en Tyr makke der in wichtich diel fan út. Yn 'e Iere Midsiuwen makke de kerstening fan 'e Friezen, Saksen en Franken in ein oan it heidendom yn it gebiet dat no Nederlân foarmet.

In fotyfstien fan 'e Germaanske goadinne fan 'e skipfeart Nehalennia. Fûn yn Seelân, datearjend fan 150250 n.Kr., no yn it Ryksmuseum fan Aldheden te Leien.

De religy yn Nederlân waard tusken de achtste en de tweintichste iuw dominearre troch it kristendom. Yn 'e Midsiuwen hie dat de foarm fan it roomsk-katolisisme, mei't doe de Roomsk-Katolike Tsjerke yn West-Jeropa de iennichste foarm fan it kristendom wie. Mei de Reformaasje feroare dat yn 'e sechstjinde iuw. Nederlân boppe de Grutte Rivieren waard ûntjoech him doe stadichoan, oer in perioade fan hûndert oant hûndertfyftich jier, ta in fierhinne kalvinistysk gebiet. (It kalvinisme is de troch Jehannes Kalvyn stifte streaming binnen it bredere protestantisme.) De Roomsk-Katolike Tsjerke behold syn machtsposysje yn Noard-Brabân, Limburch, de Limers fan súdeastlik Gelderlân en in diel fan West-Fryslân (yn Noard-Hollân). Ek yn Westerlauwersk Fryslân bleaune in stikmannich doarpen fierhinne roomsk, sadat se har yn religieus opsjoch ta enklaves ûntwikkelen. Men kin dan tinke oan Blauhûs, Reahûs, Dronryp en Bakhuzen. Ek de stêd Boalsert behold altyd in oansjenlik roomsk befolkingsoandiel.

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wie rûchwei 60% fan 'e Nederlânske befolking kalvinistysk en 35% roomsk. Oare, folle lytsere, protestantske streamings yn Nederlân wiene bgl. it lutheranisme en it minnisme. Ek wie der foar de Holokaust in oansjenlike joadske minderheid. Dy wie benammentlik konsintrearre yn Amsterdam en de oare stêden fan Noard- en Súd-Hollân en Utert, hoewol't der ek joadske mienskippen yn stêden of sels doarpen yn oare provinsjes bestiene. Sûnt dy tiid hat der in flinke delgong west yn sawol it roomske as it protestantske kristendom, wêrby't it protestantisme sa'n graad fermindere dat it roomsk-katolisisme de grutste streaming binnen it kristendom waard. Tsjintwurdich is de mearderheid fan de Nederlânske befolking sekulier, d.w.s. net mear belidend religieus. Dy groep omfettet sawol de ateïsten, dy't elts bestean fan in hegere macht ûntstride, as de agnosten, dy't úthâlde dat der skoan "eat" wêze kin, mar net witte wat. It kristlike befolkingsoandiel belunet noch altyd. De joaden foarmje sûnt de Twadde Wrâldoarloch in tige lytse minderheid, dy't no inkeld noch mar yn 'e grutte stêden fan 'e Rânestêd libbet. Mei de ynstream fan gastarbeiders en oare ymmigranten binne yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw yn Nederlân ek islamityske en hindoeïstyske minderheden fan oansjenlike grutte ûntstien.

Dom fan Utert.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2015 ornearre it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS), it oerheidsynstitút dat statistyske ynformaasje oer Nederlân sammelet, dat 50,1% fan de folwoeksen (mearderjierrige) befolking gjin religy oanhong. Kristenen foarmen 43,8% fan 'e totale befolking. Nei denominaasje wie it roomsk-katolisisme mei 23,7% de grutste kristlike streaming, folge troch de leden fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) mei 15,5%. De leden fan alle oare kristlike denominaasjes omfiemen 4,6% fan Nederlânske befolking. De islaam besloech 4,9% fan 'e totale befolking, it hindoeïsme 0,6%, it boedisme 0,4% en it joadendom 0,1%.[1]

In protte Nederlanners fine dat religy gjin wichtige rol hawwe moat yn polityk en ûnderwiis. Religy wurdt ek primêr beskôge as in persoanlike saak dy't net yn it iepenbier besprutsen wurde moat.[2] De Nederlânske Grûnwet garandearret frijheid fan ûnderwiis, wat betsjut dat alle skoallen dy't har oan algemiene kwaliteitskritearia hâlde, rjocht hawwe op deselde ryksfinansiering. Dit omfettet ek skoallen basearre op religieuze prinsipes troch religieuze groepen, it saneamde bysûnder ûnderwiis. Trije fan de njoggentjin politike partijen yn de Earste en Twadde Keamer (CDA, KristenUny en SGP) binne basearre op it kristlik leauwe. Sân kristlike hjeldagen binne nasjonale feestdagen (Earste en Twadde Krystdei, Peaskesnein en Peaskemoandei, Pinkstersnein en Pinkstermoandei, en Himelfeartsdei).[3]

Ateïsme, agnostisisme en kristlik ateïsme binne yn opkomst en wurde breed akseptearre en beskôge as net-kontroversjeel. Sels ûnder dyjingen dy't it kristendom oanhingje, binne der hege persintaazjes ateïsten, agnosten en ytsisten, om't oansluting by in kristlike denominaasje ek yn ferskate dielen fan Nederlân brûkt wurdt op in wize fan kulturele identifikaasje.[4] (Op dat mêd giet it benammen om 'e roomsk-katoliken besuden de Grutte Rivieren.)

Yn 2015 sei 82% fan 'e Nederlânske befolking nea of ​​hast nea nei tsjerke te gean, en 59% joech oan noch hielendal nea yn in tsjerke fan hokker soarte west te hawwen. Fan alle ûnderfrege minsken seach 24% himsels as ateïst, in oanwinning fan 11% yn ferliking mei de foargeande stúdzje út 2006.[5] Ytsisme, in algemiene foarm fan spiritualiteit wêrby't men oannimt dat der wol "yts" wêze moat yn 'e sin fan in hegere macht, nimt neffens ûndersyk út 2015 ta. Yn 2017 wiene net-religieuze minsken yn Nederlân foar it earst yn de mearderheid. Mar 49% fan 'e minsken âlder as 15 jier identifisearren har as religieus, yn ferliking mei 54% yn 2012. De grutste denominaasje wie noch it roomsk-katolisisme mei 24%, wylst 5% himsels identifisearre mei de islaam.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schmeets, Hans, De religieuze kaart van Nederland, 2010–2015. Centraal Bureau voor der Statistiek (2016), p. 5.
  2. "Hoe God (bijna) verdween uit Nederland", NOS, 13 March 2016. Oproppen op 3 april 2016.
  3. Feestdagen Nederland. Beleven.org. Oproppen op 27 January 2010.
  4. H. Knippenberg, "The Changing Religious Landscape of Europe", Het Spinhuis, Amsterdam 2005 ISBN 90-5589-248-3
  5. Bernts, Tom, Berghuijs, Joantine , God in Nederland 1966-2015. Ten Have (2016). ISBN 9789025905248.
  6. (ned) Voor het eerst meeste Nederlanders niet religieus (22 oktober 2018). Oproppen op 24 desimber 2022.