Regear-yn-ballingskip
In regear-yn-ballingskip of regearing-yn-ballingskip is in politike organisaasje dy't úthâldt it legitime regear fan in lân te wêzen, mar dy't de macht fan in regear net op normale wize útoefenje kin en om utens ferbliuwt, yn ballingskip. Regearings-yn-ballingskip hannelje almeast yn 'e ferûnderstelling dat se ienris de kâns krije sille om werom te kearen nei it lân wêrfan't se sizze it regear te wêzen, dêr't se dan de formele macht wer útoefenje sille. It komt foar dat in regear-yn-ballingskip erkenning genietet fan (in diel fan) 'e ynternasjonale mienskip, mar it kin ek wêze dat dat net sa is. Yn it lêste gefal is der net folle ferskil tusken in regear-yn-ballingskip en in 'gewoane' opposysjegroepearring dy't ferdreaun is nei it bûtenlân. Ek de mjitte wêryn't regearings-yn-ballingskip organisearre ûnderdielen hawwe, lykas ministearjes, ferskilt sterk.
Unsteansredens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Regearings-yn-ballingskip ûntsteane faak yn tiden fan oarloch, as it iene lân beset wurdt troch it oare. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch bygelyks, doe't in grut diel fan Jeropa beset holden waard troch nazy-Dútslân, wiene der yn 'e Britske haadstêd Londen regearings-yn-ballingskip fêstige fan Tsjechoslowakije, Poalen, Noarwegen, Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Frankryk, Joegoslaavje en Grikelân. (De útsûndering op dy regel wie Denemark, wêrfan't it regear de hiele oarloch troch yn Kopenhagen bleau, hoewol't yn Londen wol in Deenske opposysjegroepearring fêstige wie ûnder lieding fan John Christmas Møller.) It Nederlânsk regear-yn-ballingskip yn Londen waard laat troch de Fryske politikus Pieter Sjoerds Gerbrandy.
In regear-yn-ballingskip ferskilt fan in rompsteat om't in rompsteat teminsten in part fan it (eardere) grûngebiet behearsket. Yn 'e Earste Wrâldoarloch wie bygelyks hast hiel Belgje beset troch it Keizerryk Dútslân, útsein it uterste súdwesten fan West-Flaanderen. Hoewol't it legitime regear fan Belgje yn dy snuorje ferdreaun wie út 'e haadstêd Brussel, kin it formeel gjin regear-yn-ballingskip neamd wurde om't it noch altyd it bestjoer útoefene oer dat lytse stikje frij Belgje, ek al wie it regear út feilichheidsomtinkens net dêre mar yn Frankryk fêstige.
Behalven troch besettings yn tiden fan oarloch kinne regearings-yn-ballingskip ek ûntstean as gefolch fan boargeroarloggen, revolúsjes en steatsgrepen. Under de Syryske Boargeroarloch waard bygelyks in regear-yn-ballingskip foarme mei de namme Syrysk Interim-Regear, dat it bewâld fan 'e Baätpartij yn Syrje besocht te beëinigjen. It ferskynsel fan in regear-yn-ballingskip giet fierder tebek yn 'e skiednis as de term sels. Yn 'e tiid dat de measte lannen noch in monargaal regear hiene, setten ferballe monargen soms in eigen Keninklik Hof op, dat funksjonearre as in regear-yn-ballingskip. Yn 'e Ingelske skiednis die it Hûs Stuart dat twa kear: nei de ûnhalzing fan Karel I en de fêstiging fan 'e ts Ingelske Republyk, yn 1649, en op 'e nij nei de ôfsetting fan Jakobus II troch syn skoansoan Willem III by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689. Itselde die it Frânske Hûs Boerbon nei de Frânske Revolúsje fan 1789, ûnder it Directoire en it rezjym fan Napoleon Bonaparte.
Hjoeddeiske nasjonale regearings-yn-ballingskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](op folchoarder fan ûntstean)
Hjoeddeiske subnasjonale regearings-yn-ballingskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](op folchoarder fan ûntstean)
namme | ûntstean | steat dy't it grûngebiet behearsket dêr't oanspraak op makke wurdt | opmerkings |
---|---|---|---|
it Regear fan de Autonome Republyk Abgaazje | 1993 | de Republyk Abgaazje | Fêstige yn Georgje. It regear-yn-ballingskip fan 'e Autonome Republyk Abgaazje as ûnderdiel fan Georgje, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1993 behearske wurdt troch de Republyk Abgaazje, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning. |
de Azerbeidzjaanske Mienskip fan Nagorno-Karabach | 1994 | de Nagorno-Karabachske Republyk | Fêstige yn Azerbeidzjan. It regear-yn-ballingskip fan 'e krite Nagorno-Karabach as ûnderdiel fan Azerbeidzjan, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1991 behearske wurdt troch de Nagorno-Karabachske Republyk, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning. |
de Provysjonele Bestjoerlike Entiteit Súd-Osseesje | 2008 | de Republyk Súd-Osseesje | Fêstige yn Georgje. It regear-yn-ballingskip fan 'e regio Súd-Osseesje as ûnderdiel fan Georgje, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1992 behearske wurdt troch de Republyk Súd-Osseesje, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning. |
it Regear-yn-ballingskip fan de Autonome Republyk fan de Krim | 2014 | de Russyske Federaasje | Fêstige yn Cherson (de Oekraïne). It regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraynske Autonome Republyk fan de Krim, dy't yn 2014 ûnrjochtlik troch Ruslân beset en anneksearre waard. |
it Regear-yn-ballingskip fan de Spesjale Stêd Sebastopol | 2014 | de Russyske Federaasje | Fêstige yn Cherson (de Oekraïne). It regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraynske Spesjale Stêd Sebastopol, op de Krim, dy't yn 2014 ûnrjochtlik troch Ruslân beset en anneksearre waard. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |