Springe nei ynhâld

Ring Ljouwert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rûnwei fan Ljouwert)

De Ring Ljouwert of de rûnwei fan Ljouwert is de ringwei fan Ljouwert. De rûnwei bestiet út twa parten, de oarspronklike rûnwei út de 1950-er en 1960-er jierren en in part dat yn de 1980-er jierren oanlein waard as de nije eastlike rûnwei. De rûnwei leit njonkelytsen net mear 'om', mar yn Ljouwert. Om de nije neikriichske wenwiken goed oanslute te litten, waard de rûnwei doe oanlein.

De Ringwei bestiet út twa nûmere wegen:

  • N355 (Ring Ljouwert-noard)
  • N357 (Ring Ljouwert-west en -súdwest)

De dyk is bekend ûnder de nammen (mei de klok mei):

  • Dammeleane
  • Grinzerstrjitwei
  • Anne Vondelingwei
  • Aldlansdyk
  • Julianaleane
  • Heliconwei
  • Faleariusstrjitte

De oarspronklike eastlike rûwei hat de nammen: Archipelwei, Pieter Stuyvesantwei en Drachtsterwei. Dy part wurdt lykwols offisjeel net mear as part fan de rûnwei sjoen.

De Ring Ljouwert hat mei de klok mei de folgjende wichtige oanslutings:

De Ring Ljouwert is gjin autodyk of -wei en leit alhiel yn de beboude kom, en der jilde de maksimumfaasjes fan 50 km/o (foar de parten Noard en West) en 70 km/o (foar de parten Súd en East). By de ring del waarden der twa reade ljochtkamera's pleatst, dy't tagelyk ek kontrolearje op faasje.

Breedte fan de dyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It part Julianaleane en Faleariusstrjitte is in 1 rydbaan mei 1 rydstripe de rjochting. Op dat part is it meastentiids tige drok, mar omreden brekme oan romteis it net mooglik him út te wreidzjen ta 2 x 2 rydstripen. Dat part fan de ring befettet trije minirotondes en ien grutte rotonde (Jeropaplein). It grutste part fan de ring (Dammeleane, Grinzerstrjitwei, Anne Vondelingwei en Aldlansdyk) is útgfierd as 2 x 2 rydstripen.

Op it Drachtsterplein komme bredere diken foar om de trochstream by ferkearsljochten fuort te sterkjen. Ek op it drokke Eastergoaplein binne der plannen foar in koarte tredde rydstripe fan de Van Harinxmabrêge ôf rjochting Aldlansdyk om de trochstream by de ferkearsljochten fuort te sterkjen, lykas op ringwegen fan oare (middel)grutte stêden ek gauris foarkomt.

Heak om Ljouwert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Heak om Ljouwert is in nije wichtige rûnwei om Ljouwert. It kin suver as in soarte bûtenring sjoen wurde, wylst de besteande rûnwei as binnenring. De diken A31 (Harns-Ljouwert), A32 (It Hearrenfean-Ljouwert) en N31 (Drachten-Ljouwert) einigen foarhine op besteande ring op it Jeropaplein, Eastergoaplein en it Drachtsterplein. Om de drokte op de hjoeddeistige ring fuort te nimmen, waard de Heak om Ljouwert boud. De trije rykswegen slute streekrjocht op de nije dyk oan. Fan de Heak ôf waarden der nije ôfritten nei de hjoeddeistige ring boud.

Noard
Mr. P.J. Troelstrawei Stiens/Faleariusstrjitte Harns N357
Dammeleane
Begjin trajektdiel N355
Jelsumerstrjitte/Wollegaast
Luchtenrek
Dokkumer Ie
Goudenreinstrjitte
Professor Mr P.S. Gerbrandywei
Jan Evenhuisstrjitte
Grinzerstrjitwei/Lekkumerwei
Grinzerstrjitwei
Tolhûswei,Anne Vondelingwei,Grinzerstrjitwei Dokkum N355
Ein trajektdiel N355
East
Tolhûswei, Grinzerstrjitwei Dokkum N355
Anne Vondelingwei
Tijsmawei
Kammingabrêge
Kanaalwei/Grovestins
Plutowei/Uranuswei
Planeteleane
Súd
Planeteleane,Anne Vondelingwei
Wide Greons
Aldlânsdyk
Autowei Stinzefloara
Langdeelstrjitte/Holwoartel
Drachtsterwei Drachten N31
Henri Dunantwei/Reidgers
Doktor Jacob Botkewei
Eastergoawei
Oeriselskeleane It Hearrenfean N32A32
Julianaleane
Beatrixstrjitte
Irenestrjitte
Hobbemastrjitte/Surinamestrjitte
Van Loonstrjitte/Middelseeleane
Stephensonfiadukt
Marshallwei , Boalsert N359
Heliconwei
Snitsertrekwei
West
Snitsertrekwei
Harnzer Feart
Harnzertrekwei
Tesselschadestrjitte
Marnixstrjitte
P.C. Hooftstrjitte
Achlumerstrjitte
Rhijnvis Feithstrjitte
Jeropaplein, Harnzerstrjitwei Harns A31
Faleariusstrjitte
Begjin trajektdiel N357
Wagnerstrjitte/César Franckstrjitte
Beethovenplantsoen
Telemannstrjitte
Beethovenplantsoen
Haydnstrjitte
Vivaldistrjitte
Mr. P.J. Troelstrawei Stiens N357/Dammeleane Dokkum N355
Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje