Springe nei ynhâld

Olympyske Winterspullen 1976

Ut Wikipedy
XIIe Olympiade
holden yn Innsbruck, Eastenryk
jier 1976
dielnimmende lannen 37
dielnimmende atleten 1.123
eveneminten 37 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 4 febrewaris
slutingsseremoanje 15 febrewaris
edysjes
foarige 1972 Sapporo
folgjende 1980 Lake Placid
Temaside  Sport
Postsegel oer de Spullen

De Olympyske Winterspullen 1976, ek wol de XIIe Olympiade neamd, waarden yn 1976 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 4 oant en mei 15 febrewaris. De Spullen wiene eins oarspronklik oan Denver, yn 'e Feriene Steaten, ferjûn, mar dy stêd loek him yn 1972 werom. Innsbruck, dêr't in protte akkomodaasjes fan 'e Olympyske Winterspullen 1964 werbrûkt wurde koene, sprong doe yn it gat.

Akkommodaasje Sport (en) Kapasiteit
Axamer Lizum Alpineskyen Net neamd.
Bergiselschanze Skânsspringen Net neamd.
Eisschnellaufbahn Reedriden 7,000
Kominierte Kunsteisbahn für Bob-Rodel Igls Bobslydzjen, Rodeljen Net neamd.
Messehalle Iishockey Net neamd.
Olympiahalle Keunstriden, Iishockey Net neamd.
Patscherkofel Alpineskyen Net neamd.
Seefeld Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skânsspringen) Net neamd.
It reedriden fan de Spullen op in postsegel

Op de Spullen fan 1976 stiene seis sporten op it programma en 37 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.


 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 13 6 8 27
2 East-Dútslân Flagge fan East-Dútslân GDR 7 5 7 19
3 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 3 3 4 10
4 Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 3 3 1 7
5 West-Dútslân Flagge fan West-Dútslân FRG 2 5 3 10
6 Finlân Flagge fan Finlân FIN 2 4 1 7
7 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 2 2 2 6
8 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 1 3 1 5
9 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 1 2 3 6
10 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 1 2 1 4

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Andorra en San Marino makken harren debút. Sily, Yslân en Turkije makken harren rentree. Yn ferliking mei fjouwer jier lyn ûntbrutsen de Filipinen, Mongoalje en Noard-Korea.

Taiwan die foar it lêst ûnder dy namme en mei de read-blauwe flagge mei oan de Spullen. Under druk fan de ynternasjonale mienskip moast it tenei meidwaan as Sineesk Taipei en in spesjale Olympyske flagge fiere.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje