Springe nei ynhâld

Metalen bikiny fan prinsesse Leia

Ut Wikipedy
Prinsesse Leia (spile troch Carrie Fisher) yn har metalen bikiny yn Return of the Jedi.

De metalen bikiny fan prinsesse Leia is in kostúm dat yn 1983 yn inkele sênes fan 'e science fiction-film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi droegen waard troch Carrie Fisher yn har rol as prinsesse Leia. It stik klean makke sawol it personaazje as de aktrise op slach ta sekssymboal. Neitiid berikte it yn 'e Westerske popkultuer ikoanyske status. De metalen bikiny fan prinsesse Leia wurdt troch froulike fans fan 'e Star Wars-franchise gauris brûkt foar cosplay. It is boppedat in ûnmisber elemint yn Star Wars-parodyen. Yn july 2024 waard de metalen bikiny op in feiling yn Dallas ferkocht foar $175.000 (omrekkene 161.000).[1]

Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi ynfiltrearret prinsesse Leia it haadkertier fan 'e gangster Jabba de Hutt op 'e planeet Tatooine yn 'e momkape fan in preemjejager, mei as doel om har freon (en lettere frijer) Han Solo te rêden, dy't yn (de fiktive stof) karbonyt ynferzen is en troch Jabba brûkt wurdt as wandornamint. Hja sakket lykwols troch de koer en wurdt finzen nommen, wêrnei't hja as slavinne, klaaid yn 'e metalen bikiny, mei in grou keatling oan 'e troan fan Jabba fêstlein wurdt.

De metalen bikiny yn in útstalling yn 2018.

As sadanich is prinsesse Leia te sjen yn twa sênes: ien yn it haadkertier anneks paleis fan Jabba wêryn't Luke Skywalker by Jabba oan 'e doar komt en de gangster him oan syn rancor besiket op te fuorjen, en ien op it swevende plezierjacht fan Jabba, wêrby't de gangster Luke, Han en de Wookiee Chewbacca ombringe litte wol troch se yn 'e sarlacc te smiten. Se witte lykwols te ûntsnappen, mei algemien trelit as gefolch, en yn 'e gaos wurdt Jabba troch Leia om hals brocht troch him te smoaren mei har keatling.

Behalven troch aktrise Carrie Fisher waard de metalen bikiny yn Return of the Jedi ek droegen troch stuntfrou Tracy Eddon.

De metalen bikiny fan prinsesse Leia waard troch kostúmûntwerpers Aggie Guerard Rodgers en Nilo Rodis-Jamero makke foar Industrial Light & Magic (ILM), it special effects-bedriuw fan Star Wars-betinker George Lucas. Neffens Rodgers joech Lucas har net mear as in algemiene omskriuwing fan it paleis fan Jabba de Hutt, en sei inkeld tsjin har dat er in spesjaal kostúm foar prinsesse Leia hawwe woe. Rodgers hie oarspronklik it idee om Leia yn 15 meter stof te klaaien, dat troch de hiele sêne wapperje soe, mar it slagge har net om dat foarinoar te krijen.

In hiele kloft Leia's yn metalen bikinys op 'e Star Wars Celebration yn 2010.

De úteinlike bikiny wie basearre op sketsen fan Rodis-Jamero, dy't earder as assistint-artdirector foar fisuele effekten meiwurke hie oan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). Neffens Rodgers (yn in fraachpetear yn 2006) hie Nilo-Jamero dêrfoar ynspiraasje put út it wurk fan science fiction-keunstner Frank Frazetta. Auteur Rikke Schubart skreau yn 2007 dat it úteinlike ûntwerp fan 'e metalen bikiny beynfloede wie troch tekenings fan yllustrator Earle K. Bergey fan froulju yn bikiny dy't folslein fan metaal wiene om't it sabeare harnassen wiene.

Soartgelikense stikken klean as de metalen bikiny fan prinsesse Leia waarden troch aktrises droegen yn eardere Hollywood-films, lykas Myrna Loy as lânseigen dûnseresse yn The Desert Song (1929), Yvonne de Carlo as slavinne yn Slave Girl (1947) en Maria Montez yn ferskate aventoerefilms út 'e 1940-er jierren.

Untwerp en materiaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De metalen bikiny fan prinsesse Leia bestie út in beha, in slipke en assessoires. Rodgers-en-dy makken ferskate farianten fan 'e beha. Ien dêrfan wie in fleksibele ferzje fan rubber dy't Carrie Fisher en stuntfrou Tracy Eddon droegen by shots wêryn't se yn beweging wiene, en in oaren wie fan echt metaal foar as Fisher stilstie.

De beha wie fan koperen bûgels wêrfan't de eigentlike cups tichtmakke wiene mei wat brune stof. De úteinen fan it ding waarden op 'e rêch en yn 'e nekke oaninoar fêstmakke mei in eintsje tou. De kostúmûntwerpers hiene in mal fan 'e romp fan Carrie Fisher makke, sadat de beha har paste. Neffens Fisher wie "passen" yn dizze kontekst lykwols en relatyf begryp en hie se troch de stuchheid fan it materiaal fan boppen ôf gâns ynkyk: "Ast efter my stiest, koest Floarida lizzen sjen. Dêr moatte jimme Boba Fett mar nei freegje." (De preemjejager Boba Fett stie yn ien fan 'e sênes efter prinsesse Leia.) Fisher sei ek dat de beha allesbehalven noflik siet: "[Dat] is wat supermodellen úteinlik drage sille yn 'e sânde rûnte fan 'e hel."

It slipke fan 'e bikiny hie in ornamintele koperen plaat oan 'e foarkant, dy't op 'e skambonke rêste. Fierder bestie it út in wynreade lange muldoek, dy't sawol oan 'e foar- as de efterkant as in soarte fan ankellange rok útwaaiere. As assessoires droech Fisher by de bikiny healhege learzens fan brún lear, in hierklam dy't har frissele lange hier oer har rjochterskouder falle liet, en twa koperen earmbannen oan har rjochterpols en in koperen earmring yn 'e foarm fan in slange om har lofterboppe-earm.

Hoewol't de metalen bikiny fan prinsesse Leia mar yn twa sênes fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi te sjen wie, makke it kostúm likegoed prinsesse Leia sawol as Carrie Fisher op slach ta in sekssymboal. Dat ta kjeltme fan 'e aktrise, om wa't dat aspekt fan har súkses wol oergean meien hie. De metalen bikiny is sûnt in ûnmisber ûnderdiel wurden foar parodyen fan Star Wars, lykas de ôfleverings He's Too Sexy for His Fat (2000) en It's a Trap! (2011) fan 'e tekenfilmsearje Family Guy en de film Fanboys (2009), wêryn't aktrise Kristen Bell it kostúm draacht.

Aktrise Olivia Munn ferklaaid as prinsesse Leia.

Oare bekende froulju dy't de metalen bikiny droegen hawwe, binne û.o. aktrise Yvonne Strahovski yn 'e ôflevering Chuck Versus the Sandworm fan 'e tillefyzjesearje Chuck en dûnseresse Kym Johnson yn in ôflevering fan it fjirde seizoen fan 'e Amerikaanske edysje fan Dancing with the Stars, wêryn't se mei sjonger Joey Fatone dûnse op 'e meldij fan it haadtema fan Star Wars. It kostúm is in folle foarkommende foarm fan cosplay foar froulike fans op stripkonvinsjes en oare Star Wars-eveneminten. Teffens is it in populêr Halloweenkostúm wurden.

Yn 2012, nei't filmstudio Lucasfilm oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard opholden mei it produsearjen fan merchandising yn ferbân mei de bikiny, nei't it skynt omreden fan in segmint yn in tillefyzjeprogramma op 'e konservative Amerikaanske nijsstjoerder Fox News. Dêryn waard berjochte oer de swierrichheden dy't âldelju hiene om it kostúm oan jonge bern út te lizzen, fral as, lykas faak it gefal is, ek de slavekeatling om 'e hals der diel fan útmakket. Carrie Fisher hie gjin goed wurd oer foar dat beslút fan Disney. Se neamde it "stom", en sei fierders: "Dan fertelst [dy bern] dochs gewoan dat in reuseftige slak my fongen hie en my twong om dat stomme kostúm te dragen, en dat ik him fermoarde haw om't ik dêr in hekel oan hie."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Bikini uit Star Wars kost 175.000 dollar, yn: de Ljouwerter Krante, 30 july 2024, s.23.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.