Springe nei ynhâld

Kasablanka

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kasablanka (stêd))
Kasablanka
Ad-Dār al-Bayḍā’
Emblemen
      
Bestjoer
Lân Marokko
Regio Kasablanka-Settat
Sifers
Ynwennertal 3.359.818 (2014)
Oerflak 220 km²
Befolkingsticht. 15.271,9 / km²
Stêdekloft 4.270.750 (2014)
Hichte 0-150 m
Oar
Stifting 7e iuw f.Kr.
Tiidsône UTC +1
Simmertiid gjint
Koördinaten 33°32′N 7°35′W
Offisjele webside
www.casablanca.ma
Kaart
Kasablanka (Marokko)
Kasablanka
Lizzing yn Marokko.

Kasablanka (Arabysk: الدار البيضاء‎, sekuere transliteraasje: Ad-Dār al-Bayḍā’, likernôch: "Ad-Daar al-Bai-daa"; Berbersk: ⴰⵏⴼⴰ, transliteraasje: Anfa; Frânsk: Casablanca, fan it Spaanske casa blanca, "wyt hûs") is de grutste stêd fan Marokko. It plak leit oan 'e Atlantyske kust yn it noardwesten fan it lân, en is ien fan 'e grutste ekonomyske en finansjele sintra fan hiel Afrika. Kasablanka is ek in wichtich havenplak (it grutste yn Marokko nei Tanger) en de thúsbasis fan 'e Keninklike Marokkaanske Marine. Neffens de folkstelling fan 2014 hie Kasablanka doe in befolking fan 3.360.000 minsken.

Kasablanka leit yn it noardwesten fan Marokko, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan en de râne fan 'e Chaouia-flakte, dy't histoarysk altyd de nôtskuorre fan it lân west hat. De iennichste stream yn 'e stêd is de Oued Bouskoura, in lytse beek dy't by 't simmer opdrûget. Oant 1912 mûne de beek út yn see deunby de haven fan Kasablanka, mar sûnt is er foar it meastepart oerdutsen rekke troch de oangeande urbanisaasje en is er inkeld besuden de El-Djadida-wei noch te sjen.

Kasablanka op in gravuere sa't de stêd der yn 1572 útseach, doe't er noch Anfa hiet.

Aldheid en Midsiuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e krite fan Kasablanka setten har nei alle gedachten yn 'e sânde iuw f.Kr. foar it earst lju nei wenjen; dat wiene Berbers, dy't it gebiet mear as 1300 jier behearskje soene. Yn 'e Aldheid waard Kasablanka al troch de Fenysjers en letter troch de Romeinen as haven brûkt. Yn of omtrint 744, yn 'e Iere Midsiuwen, waard Kasablanka, dat doe bekend stie ûnder de Berberske namme Anfa, de haadstêd fan in Berbersk ryk dat Bargawata hiet. Dat waard lykwols yn 1068 ferovere troch de nomadyske Almoraviden. Fan 'e tolfde iuw ôf setten har yn 'e krite fan Anfa etnyske Arabieren nei wenjen fan 'e Banû Hilal- en Banû Sûlaym-stammen, dy't har fermongen mei de pleatslike Berberbefolking. Dat late meitiid ta de arabisearring fan 'e hiele kuststreek fan Marokko.

Yn 'e fjirtjinde iuw ûntjoech Anfa him foar it earst ta in wichtige havenstêd ûnder it regear fan 'e Meriniden. De lêste leden fan dy dynasty waarden yn 1465 by in opstân ôfset. Tsjin dy tiid wie Anfa in frijhaven foar seerôvers wurden, mei as gefolch dat de Portegezen de stêd yn 1468 mei kanonnen fan harren skippen ôf bombardearren. Letter kamen se werom en giene oan lân, en yn 1515 bouden se mei de wite stien út 'e ruïnes fan 'e stêd in kastiel. Dêromhinne woeks bewenning oan, in plak dat neitiid troch de Portegezen nei harren fêsting Casa Branca ("Wyt Hûs") neamd waard. Doe't Portegal tusken 1580 en 1640 sels troch in personele uny ûnder Spaansk bestjoer kaam, waard de fêsting omneamd ta Casa Blanca, dat Spaansk is foar "Wyt Hûs". (En sa ûntstie de moderne namme fan 'e stêd.)

Fan Portegeeske oant Frânske oerhearsking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Portegal yn 1640 wer ûnôfhinklik waard, kaam Kasablanka wer ûnder Portegeesk bestjoer. Nei't lykwols de grutte ierdbeving dy't yn 1755 de Portegeeske haadstêd Lissabon trof, ek Kasablanka fierhinne mei de grûn lyk makke hie, waarden de Portegeeske troepen út it gebiet weromlutsen. Fan 1756 ôf waard de stêd wer opboud ûnder it liederskip fan 'e Marokkaanske sultan Mohammed ben Abdallah en mei help fan Spaanske keaplju. Mohammed joech de stêd doe de namme Ad-Dār al-Bayḍā’, dat Arabysk is foar "Wyt Hûs".

Kasablanka begûn him pas yn 'e tweintichste iuw te ûntjaan ta in grutte stêd. Om 1860 hinne wennen der noch mar 5.000 minsken, en tsjin 1906 wie dat oantal noch mar oanwoeksen ta 12.000. Dat wie it jier dat de Frânsen Marokko yn 'e hannen krigen trochdat it harren by de Konferinsje fan Algeciras tawiisd wie yn oerlis mei de oare Jeropeeske grutmachten; de Marokkanen sels hiene dêr neat oer te sizzen. Yn juny 1907 late in spoarline fan 'e haven fan Kasablanka nei in stiengat, dêr't ferlet fan wie om 'e haven te ferbetterjen, ta opskuor mei't de Frânsen it spoar dwers troch in islamitysk begraafplak hinne oanleine. Marokkaanske nomaden makken dêrop njoggen Jeropeeske arbeiders dea. Yn reäksje dêrop fierde de Frânske Marine it Bombardemint fan Kasablanka út, dêr't 15.000 deaden en ferwûnen by foelen. Mei dat barren sette de Frânske ferovering fan Marokko útein, hoewol't it lân pas formeel in Frânsk protektoraat waard doe't yn 1912 it Ferdrach fan Fes sletten waard tusken it regear yn Parys en de sultan.

De kaïd fan Kasablanka, Si Bûbker ben Bûzid Slawi yn 1907, as finzene oan board fan 'e Frânske kruser de Gallilée.

Under de Frânske besetting wie Kasablanka ien fan 'e wichtichste fêstigingsplakken foar Frânske kolonisten. Yn 1921 wie de befolking groeid ta 110.000, wêrfan't de helte út Jeropeänen bestie. Harren oanwêzigens hie ek in oansûgende wurking op it tal Marokkanen yn 'e stêd, mei't der ferlet kaam fan tsjinstfolk en winkellju. De Marokkaanske nijynkommelingen wennen benammen yn sloppewiken. Henri Prost ûntwurp yn Kasablanka in ville nouvelle foar de Jeropeeske kolonisten, dy't fuort bûten de muorren fan 'e medina (it âlde stedssintrum) kaam te stean. Dat hied er ek yn oare plakken yn Marokko dien, mar yn Kasablanka ûntwurp er dêrnjonken ek in ville indigène foar de groeiende Marokkaanske befolking, ta ferfanging fan 'e sloppewiken.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Frankryk yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn it foarjier fan 1940 by de Slach om Frankryk ferslein waard troch nazy-Dútslân, foarme maarskalk Philippe Pétain it kollaborearjende Vichy-rezjym, wylst generaal Charles de Gaulle om utens it regear-yn-ballingskip fan 'e Frije Frânsen foarme. De Frânske koloanjes moasten beslute hokker kant se keazen. Yn Marokko bleaune de Frânske autoriteiten trou oan it Vichy-rezjym. Op 8 novimber 1942 fierden de Alliëarden Operaasje Torch út, de lânings op 'e kust fan Frânsk-Noard-Afrika.

De kust by Kasablanka.

Dêrby foel Kasablanka yn Amerikaanske hannen doe't de Vichy-striidkrêften yn Marokko, Algerije en Tuneezje har op 11 novimber oerjoegen. Op see duorre de Seeslach by Kasablanka noch troch oant de Amerikaanske Marine op 16 novimber de Dútske dûkboat U-173 ta sinken brocht. Neitiid leine de Amerikanen by Kasablanka de Loftmachtbasis Nouasseur oan, dy't tige wichtich wie foar de fierdere militêre aksjes fan 'e Alliëarden yn Noard-Afrika en West-Jeropa. Nei de oarloch waard de basis omfoarme ta wat no de Ynternasjonale Lofthaven Mohammed V is.

Yn jannewaris 1943 waard yn Kasablanka de Konferinsje fan Kasablanka holden, in topmoeting tusken de Alliëarde lieders Winston Churchill, de premier fan it Feriene Keninkryk, en Franklin D. Roosevelt, de presidint fan 'e Feriene Steaten. Charles de Gaulle en Henri Giraud, de foaroanmannen fan 'e Frije Frânsen, wiene ek oanwêzich, mar spilen lytse rollen yn 'e marzje fan 'e konferinsje en mochten net meiprate oer de militêre planning. Op 'e Konferinsje fan Kasablanka waard de doktrine fan oerjefte sûnder betingsten oannommen, wat betsjutte dat de Alliëarden gjin ôfsûnderlike frede mei nazy-Dútslân en syn bûnsgenoaten slute soene, mar ynstee trochfjochtsje soene oant dy lannen har sûnder betingsten oerjoegen.

De Al-Mohamediamoskee.

Roosevelt hie op 'e Konferinsje fan Kasablanka ek in moeting mei sultan Mohammed V fan Marokko, dy't er foar nei de oarloch stipe tasei by it stribjen nei Marokkaanske ûnôfhinklikheid. Dat waard in kearpunt yn 'e Marokkaanske skiednis, mei't Marokkaanske nasjonalisten dy útspraak opfetten as in oanfitering om ûnôfhinklikheid te easkjen. Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er en de earste helte fan 'e 1950-er jierren wie Kasablanka in sintrum fan protesten tsjin 'e Frânske oerhearsking. Dêrby waard op 7 april 1947 yn 'e stêd in bloedbad oanrjochte ûnder Marokkanen út 'e arbeidersklasse troch Senegaleeske tirailleurs yn 'e tsjinst fan it Frânske Leger.

Op 7 en 8 desimber 1952 wiene der slimme ûngeregeldheden yn Kasablanka yn reäksje op 'e moard op 'e Tunezyske fakbûnslieder Farhat Hached troch de 'Reade Hân', de klandestine militante fleugel fan 'e Frânske ynljochtingetsjinst SDECE. En nei't yn augustus 1953 sultan Mohammed V en de oare leden fan 'e keninklike famylje troch de Frânsen twongen wiene om yn ballingskip te gean, waard op 25 desimber fan dat jier troch Mohammed Zarktûni in bomoanslach op 'e Sintrale Merk útfierd.

De Bûlevaar fan 'e Keninklike Striidkrêften, ien fan 'e wichtichste trochgeande strjitten yn Kasablanka.

Nei't Marokko yn 1956 syn ûnôfhinklikheid weromwûn, ferlieten hast alle Frânske kolonisten Kasablanka. Yn jannewaris 1961 waard yn 'e stêd in topmoeting fan 'e foaroanlju fan 'e Kasablankagroep holden, in stikmannich foarútstribjende lieders fan Afrikaanske lannen. Kening Mohammed V ûntfong dêrby û. presidint Gamal Abdel Nasser fan Egypte, presidint Kwame Nkrumah fan Gana, presidint Modibo Keïta fan Maly en presidint Ahmed Sékou Touré fan Guinee. Yn novimber 1961 en de maityd fan 1964 wie Kasablanka ek it ôfreispunt foar Marokkaanske Joaden, dy't by Operaasje Yachin troch de Mossad temûk nei Israel evakuëarre waarden.

Ein maart 1965 wiene der grutskalige studinteprotesten yn Kasablanka, dy't oersloegen nei oare stêden. De opskuor begûn om't de studinten it rjocht op heger ûnderwiis foar eltsenien opeasken, mar al rillegau waarden ek easken fan arbeiders, wurkleazen en oare marginalisearre befolkingsgroepen tafoege. De Marokkaanske autoriteiten drukten de protesten mei grou geweld de kop yn, wêrby't mear as 1.000 deaden foelen. Kening Hassan II fan Marokko joech neitiid de skuld oan it ûnderwiis en de minne opfieding fan 'e studinten en sei yn in taspraak dat it better wie as it folk út analfabeten bestie. Op 6 juny 1981 fûnen de Bôle-opskuor fan Kasablanka plak, wêrby't lju út 'e ûnderste lagen fan 'e maatskippij betelber iten easken. Hassan II liet de protesten op 'e nij troch de plysje en it leger delslaan, diskear mei 637 deaden ta gefolch.

Yn maart 2000 organisearren frouljusrjochte-organisaasjes yn Kasablanka in manifestaasje dêr't 40.000 froulju oan dielnamen. Se rôpen op om 'e polygamy yn Marokko ôf te skaffen en skieding (oant doe in poer religieuze proseduere) wetlik mooglik te meitsjen. Yn 2004 kaam kening Mohammed VI fan Marokko de frouljusrjochte-aktivisten foar in part yn 'e mjitte mei nije wetjouwing.

De haven fan Kasablanka.

Op 16 maaie 2003 kamen 33 minsken om en rekken mear as 100 oaren ferwûne by tolve opienfolgjende selsmoardoanslaggen mei bommen, útfierd troch Marokkaanske islamistyske terroristen dy't nei eigen sizzen bannen ûnderholden mei Al-Qaida. Begjin 2007 waard de stêd fannijs troffen troch in rige selsmoardoanslaggen, dy't diskear minder slachtoffers makken. Under de Arabyske Maityd fûnen yn 2011 wer demonstraasjes plak yn Kasablanka, mar konsesjes fan kening Mohammed VI naam de demonstranten de wyn út 'e seilen.

Wolkekliuwers yn it saaklik distrikt fan Kasablanka.

De stêdekloft fan Kasablanka is de lokomotyf dy't de trein fan 'e Marokkaanske ekonomy lûkt. Fan alles dat yn it lân produsearre wurdt, komt 32% út Kasablanka en syn foarstêden, en fan alle Marokkanen dy't wurkje yn 'e yndustry, wennet dêr 56%. It wichtichste produkt dat út Kasablanka en omkriten eksportearre wurdt, is keunstdong. Oare wichtige sektoaren fan 'e yndustry binne fiskferwurkingsfabriken, houtseagerijen, meubelmakkerijen, bedriuwen dy't boumaterialen produsearje, glêsfabriken, tekstylfabriken, elektroanikaprodusinten, de learferwurkjende yndustry, frisdrinkenprodusinten, sterke drankprodusinten en tabaksfabriken.

Kasablanka is fierders ien fan 'e wichtichste finansjele sintra fan hiel Afrika. In grut tal banken en fersekeringsmaatskippijen is yn 'e stêd fêstige. Dêrnjonken wurkje noch altyd in protte minsken yn 'e fiskerij, en ek it feit dat Kasablanka de thúsbasis is fan 'e Keninklike Marokkaanske Marine soarget foar wurkgelegenheid yn 'e stêd. Wat loftfeart oangiet, wurdt Kasablanka betsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven Mohammed V en de Lofthaven Kasablanka-Anfa, dêr't Keninklike Air Maroc, de Marokkaanske nasjonale loftfeartmaatskippij, syn haadkertier hat.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hassan II Moskee is de wichtichste toeristyske besjensweardichheid yn Kasablanka, mei't it de op ien nei grutste moskee fan Afrika en de op seis nei grutste yn 'e wrâld is. Lju komme ek yn 'e stêd om 'e Marokkaanske arsjitektuer yn it algemien te bewûnderjen, mar datoangeande is de toeristyske sektor yn Kasablanka folle minder ûntwikkele as yn oare Marokkaanske stêden, lykas Marrakesj en Fes. Oare dingen dy't it besjen lije kinne yn Kasablanka binne de Al-Mohamediamoskee en de Ynternasjonale Boekebeurs fan Kasablanka, dy't elts jier yn febrewaris holden wurdt.

De Hassan II Moskee, de op ien nei grutste moskee fan Afrika.

Ynternasjonaal hat Kasablanka bekendheid krigen troch de Amerikaanske romantyske film Casablanca, in wiere klassiker út 1942 mei yn 'e haadrollen Humphrey Bogart en Ingrid Bergman. Dyselde film waard lykwols fan begjin oant ein opnommen yn Kalifornje, en der komt mar ien inkeld lânseigen Marokkaansk personaazje mei in pratende rol yn foar (de tapytferkeaper). Nettsjinsteande dat hat de film in bliuwende ynfloed hân op it imago fan 'e stêd yn it bûtenlân.

Utsjoch oer de medina (âlde stêd) fan Kasablanka.

Kasablanka hat tsien susterstêden:

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2014 hie Kasablanka doe in befolking fan likernôch 3.360.000 minsken. Mei in oerflak fan 220 km² bedroech befolkingstichtens fan 'e stêd mar leafst 15.271,9 minsken de km². Fan 'e befolking wie 9% âlder as 65 jier en 25% jonger as 15 jier. De ynwenners fan 'e stêd wiene foar 99,9% moslims fan Marokkaansk-Arabyske en Berberske etnisiteit. Hoe't dy beide groepen har foarinoaroer ferhâlde, is net troch de folkstelling fêstlein.

In tram yn Kasablanka.

Der wennet yn 'e stêd noch altyd in lytse mienskip fan Marokkaanske kristenen, dy't ûnder it Frânske protektoraat, tusken 1906 en 1956, hast de helte fan 'e befolking útmakken. Ek libje der noch 2.500 Marokkaanske Joaden yn 'e stêd, dy't foarhinne ek in folle grutter oandiel yn 'e befolking foarmen. Yn 1997 waard yn Kasablanka it Joadsk-Marokkaansk Museum iepene, dat omtinken jout oan 'e skiednis fan 'e Joaden yn Marokko.

Berne yn Kasablanka

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kasablanka hat in Mediterraan klimaat, mei waarme oant hjitte simmers en tige mylde winters, dat sterk liket op dat fan Los Angeles. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 40,5 °C, resp. –2,7 °C. Kasablanka kriget jiers trochinoar 415 mm delslach, dy't yn trochsneed ferdielt is oer 72 dagen (dat der rein falt). Op 30 novimber 2010 waard in rekôr fêstige doe't der op ien dei 178 mm rein yn 'e stêd foel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.