Springe nei ynhâld

Jaimie Alexander

Ut Wikipedy
Jaimie Alexander
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJaimie Alexander
nasjonaliteit Amerikaansk
berne12 maart 1984
berteplakGreenville (Súd-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf2001 – no
offisjele webside
Jaimie Alexander yn 'e IMDb

Jaimie Alexander (Greenville (Súd-Karolina), 12 maart 1984) is in Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise. Hja is benammen bekend wurden troch har rollen yn 'e tillefyzjesearjes Kyle XY en Agents of S.H.I.E.L.D. en yn 'e films Thor, it ferfolch dêrop Thor: The Dark World, en The Last Stand.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alexander waard yn 1984 berne yn Greenville, yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Súd-Karolina, mar se groeide op yn it Teksaanske Grapevine, dêr't har âldelju hinne ferhuzen doe't se fjouwer jier wie. Hja wie it iennichste famke yn in húshâlding mei fiif bern.

Op 'e legere skoalle sette Alexander foar it earst útein mei aktearjen, mar op 'e middelbere skoalle waard se út 'e teäterklub set om't se net sjonge koe. Sadwaande lei hja har yn dy tiid benammen ta op sport. Mei santjin jier naam se it plak fan in freon yn by in ôfspraak mei in talintescout, en sa kaam se yn 'e kunde mei har lettere manager Randy James, dy't har in pear senario's tastjoerde. Nei't se slagge wie foar har middelbere-skoaleksamen, ferfear se nei Los Angeles om in aktearkarriêre nei te stribjen.

Yn 2003 kaam dy karriêre fan 'e grûn, doe't Alexander cast waard yn 'e haadrol fan Hanna Thompson yn 'e lowbudgetfilm The Other Side, dy't útkaam yn 2006 en ferskate prizen wûn. Neitiid ferfolle se lytsere rollen en gastrollen yn oare films en yn ferskate tillefyzjesearjes, lykas de komeedzjesearje It's Always Sunny in Philadelphia en de plysjesearjes Bones en CSI: Miami. Yn 2006-2007 fertolke Alexander de fêste rol fan Caitlin Porter yn 'e rige Watch over Me. Teffens hie se de haadrol yn 'e horrorfilms Rest Stop (2006) en Hallowed Ground (2007).

Alexander yn 2008, op 'e San Diego Comic-Con.

Har trochbraak kaam foar Alexander mei har rol fan Jessi yn 'e tillefyzjesearje Kyle XY, dy't se fan 2007 oant 2009 fertolke. Dêryn spile se in boppeminsklik bejeftige mar emosjoneel betize famke, dat besiket har wei yn 'e wrâld te finen. In oare fêste rol hie Alexander fan 2015 oant 2020 yn 'e aksjesearje Blindspot. Om utens krige Alexander yn 2011 bekendheid mei har rol as Sif, de Germaanske goadinne fan nôt en wyn, yn 'e superheldefilm Thor fan 'e Marvel Studios. In oare bekende rol fan Alexander wie dy fan helpsheriff Sarah Torrance yn 'e aksjefilm The Last Stand, út 2013, mei Arnold Schwarzenegger yn 'e haadrol.

Yn 2013 kroep Alexander ek foar de twadde kear yn 'e hûd fan Sif, foar in rol yn Thor: The Dark World, it ferfolch op Thor. Dyselde rol spile se dêrnei noch ferskate kearen, lykas twa kear yn in crossover-gastrol yn 'e fantasytillefyzjesearje Agents of S.H.I.E.L.D. (2014 en 2015), in kear yn 'e searje Loki (2021) en as stimaktrise yn it fideospultsje Thor: God of Thunder (2011) en twa kear yn 'e searje Wat If…? (2021). Yn 'e twadde ferfolchfilm Thor: Ragnarok (2017) ûntbriek Alexander har Sif, mar yn Thor: Love and Thunder (2022) spile se wer mei.

Njonken har aktearwurk is Jaimie Alexander ek belutsen by oare projekten. Sa wurke se yn 2009 mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Save You, fan Matthew Perryman Jones. Ek hat se yn 'e sjuery sitten fan it realitytillefyzjeprogramma Project Runway.

Yn 2012 rûn Alexander slimme ferwûnings oan 'e rêchbonke op doe't se op in reinige moarn op 'e set fan Thor útglied op in metalen trep en op 'e rêch op 'e triemmen delkaam. Dat smiet har in hernia op en teffens rekke har lofterskouder út it potsje. It duorre in moanne ear't se safierhinne opbettere wie dat se de opnamen fan 'e film ferfetsje koe.

Yn 2012 begûn Alexander in relaasje mei de akteur Peter Facinelli, nei't hja op 'e filmset fan Loosies mei-inoar yn 'e kunde kommen wiene. Yn maart 2015 ferseine se har oaninoar, mar yn febrewaris 2016 ferbrieken se de ferloving.

By de opnamen fan 'e aksjesearje Blindspot (2015-2020) rûn Alexander in grut tal ferwûnings op, wêrûnder nije hernia's oan 'e rêch, in brutsen noas, it rjochterskouder út it potsje, in brutsen rjochterwiisfinger, in brutsen lofterfoet, in brutsen rjochterfoet, trije kear brutsen teannen oan 'e lofterfoet, ien kear brutsen teannen oan 'e rjochterfoet, de ûnderkaak út it potsje en ferskate oare ferwûnings dy't se omreden fan har kontrakt net iepenbier meitsje mocht.

Yn maart 2018 waard Alexander yn it sikehûs opnommen foar in operaasje om har barsten blineterm te ferwiderjen.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2004Squirrel TrapSara
2006Rest StopNicole Carrow
2006The Other SideHanna Thompson
2007Hallowed GroundLiz Chambers
2010Love & Other DrugsCarolnet fermeld op 'e ôftiteling
2011The Birds of AngerAnniekoarte film
2011ThorSifnom. Scream Award foar bêste byrol fan in aktrise
nom. Scream Award foar bêste trochbraakrol fan in aktrise
2012LoosiesLucy Atwood
2013The Last Standhelpsheriff Sarah Torrance
2013CollisionTaylor Dolan
2013SavannahLucy Stubbs
2013Thor: The Dark WorldSif
2016Broken VowsTara Bloom
2018London FieldsHope Clinch
2022Thor: Love and ThunderSif
tillefyzje
2005It's Always Sunny in Philadelphia   Tammygastrol; ôfl. Underage Drinking: A National Concern
2006StandoffBarristagastrol; ôfl. Pilot
2006–2007Watch over MeCaitlin Porterfêste rol
2007–2009Kyle XYJessi Hollanderfêste rol yn seizoen 2–3
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje
2009BonesMolly Briggsgastrol; ôfl. The Beaver in the Otter
2009CSI: MiamiJenna Yorkgastrol; ôfl. Flight Risk
2011Nurse JackieTunie Peytonweromkearende rol; 3 ôfl.
2011Covert AffairsReva Klineweromkearende rol; 2 ôfl.
2012PerceptionNikki Atkinsgastrol; ôfl. Messenger
2014Under the Gunnharselsas sjuerylid; ôfl. Superhero Fashion
2014–2015Agents of S.H.I.E.L.D.Sifweromkearende rol; 2 ôfl.
2015–2020BlindspotJane Doe / Remi Briggs / Alice Kruger   fêste rol
2015The BrinkGail Sweetweromkearende rol
2021LokiSifgastrol; ôfl. The Nexus Event
2021What If...?Sifas stimaktrise; weromkearende rol; ôfl. What If... the World Lost Its Mightiest Heroes?
en What If... Thor Were an Only Child?
fideospultsjes
2011Thor: God of ThunderSifas stimaktrise

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.