Mandefjild Bakkefean
Mandefjild | ||
Poepedobbe, pingoruïne yn de Bakkefeanske dunen | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Bakkefean | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 261 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
Bakkefeanske Dunen is de namme fan in Natura 2000-gebiet (klassifikaasje:Hegere sângrûnen, nûmer 17) by Bakkefean yn de gemeente Opsterlân. De oerflakte fan it Natura 2000-gebiet is 261 ha. It is yn behear troch It Fryske Gea, Steatsboskbehear en partikulieren. Oant 1925 ta in grut heidefjild yn syn hiele hear en fear de Drintske grins bylâns, mar doe foar it grutste part ûntgûn en oanmakke.
It gebiet bestiet út in oantal bosk- en heideterreinen, gerslannen, inkele lângoederen yn de delling fan de Boarn en meardere beboskingen yn it ôfgroeven feangebiet om Oerterp hinne. De Bakkefeansterdunen, de Harmsdobbe, Ald Bakkefean, de Heide fan Allardseach en de Lânwar binne ûnderdiel fan dit natoergebiet.
Dat der lang ferlyn al minsken wennen is dúdlik wurden troch argeologyske fynsten. Der is guod opgroeven fan de Hamburchkultuer, út 13.000 - 10.500 foar Kristus. De grêfheuvels dy't noch yn it gebiet te finen binne, binne jonger en komme út it Neolitikum, 4000 - 3500 jier lyn. Op de Heide fan Allardseach bringe de saneamde holle paden de tiid dat der noch gjin ferhurde paden wienen yn it sin. Der rûnen, dwers troch de heide, paden yn de rjochting fan Drinte. Troch it lange brûken slieten se út en stoden se ôf oant de liemlaach fan de boaiem. Troch de iuwen hinne binne se bewarre bleaun
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|