Springe nei ynhâld

Lânwar (festingwurk)

Ut Wikipedy
By de oanlis fan in lânwar wurde besteande lânskipseleminten brûkt, sa as wetterrinnen, hichten en begroeiïng.
By de oanlis fan in lânwar wurde besteande lânskipseleminten brûkt, sa as wetterrinnen, hichten en begroeiïng.

In lânwar (yn 't Nederlânsk landweer of landgraaf) is in trochrinnende ierden wâl, faak mei grêft en in groppe oan wjerskanten en begroeid mei stikelich strewiel of hage.

Lanwarren binne faak kilometers lange fêstingwurken, dy't fral yn de 14e - en 15e iuw oanlein waarden. De wâlen waarden beplante mei tichte strûken, foaral mei stikelige soarten as hagedoarn, krikelbeam, kantsjeroas of egelantier. In lânwar tsjinne ta befeiliging fan in grut gebiet; de befolking koe har mei har fee en fierdere besittings dêrefter weromlûke at der gefaar drige.

In lânwar wie net maklik te nimmen foar minske en bist, ek sûnder ferdigeners. Dêrom waarden se faak opsmiten yn kriten dêr't net in soad minsken wennen. Der wiene mar in pear trochgongen dy't bewekke wurde koene. Yn fredestiid dienen se fertuten as freding en koenen se tsjinje as beskerming foar fee en gewaaks tsjin wylde bisten.

De lânwar by Allardseach

Yn de lêste iuwen binne lânwarren foar it grutste part egalisearre om der bougrûn fan te meitsjen. De oerbleaune lânwarren leine meast yn boskich gebiet en wurde it meast fûn yn Súdeast Nederlân en yn Belgje. Yn Fryslân bestiet noch sa'n ien kilometer fan de lânwar by Allardseach op de grins fan Fryslân en Drinte.

De gemeente Landgraaf hat syn namme te tankjen oan in kilometers lange wâl dy't foar in diel yn syn grinzen leit.