Springe nei ynhâld

In a Valley of Violence

Ut Wikipedy
In a Valley of Violence
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ti West
produsint Jason Blum
Jacob Jaffke
Peter Phok
senario Ti West
kamerarezjy Eric Robbins
muzyk Jeff Grace
filmstudio Blumhouse Productions
distribúsje Focus Features (Feriene Steaten)
Universal Pictures (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Ethan Hawke
Taissa Farmiga
byrollen James Ransone
John Travolta
Karen Gillan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 oktober 2016
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $61.797

In a Valley of Violence is in Amerikaanske westernfilm út 2016 ûnder rezjy fan Ti West, mei yn 'e haadrollen Ethan Hawke en Taissa Farmiga. De titel betsjut "Yn in Delling fan Geweld". It ferhaal giet oer in traumatisearre oarlochsfeteraan dy't yn in ôfhandich plak wraak nimt op 'e lju dy't syn hûn fermoarde hawwe. De film krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, benammen wat it aktearjen fan Hawke en, yn in byrol, fan John Travolta oangie. Kommersjeel mislearre In a Valley of Violence lykwols folslein.

In swalker dy't Paul hjit, siket syn paad troch in woastyn yn it Wylde Westen dat út nei Meksiko. Syn iennichste freonen en selskipslju binne syn hynder Lady en fral syn hûn Abbie. Se moetsje in roomske preester dy't ûnderweis is nei it stedsje Denton, dêr't neffens him in protte sielen binne dy't rêden wurde moatte. It mûldier fan 'e preester is kreupel, dat hy besiket ûnder bedriging mei in revolver Paul fan syn hynder te bestellen. Paul stjoert Abbie lykwols op 'e preester ôf, wêrnei't er him net deamakket yn ruil foar de kûgels út syn revolver en it wetter út syn fjildflesse. Dêrnei lit er de man fierders oan syn lot oer en riidt nei Denton ta om't er ferlet fan guon dingen hat, en ek om't it him dagen kostje soe en riidt om 'e delling hinne dêr't it stedsje middenyn leit.

Op it stuit dat Paul yn Denton arrivearret, is de pleatslike winkel krekt sletten om't de winkelman syn bargen fuorje moat. Paul giet nei de saloon om syn weromkommen ôf te wachtsjen. Dêr treft er Gilly Martin, in yrritante jongeman dy't slaanderij mei him besiket út te lokjen. Paul negearret him oant Gilly Abbie yn it fizier kriget. Dan komt er fanwegen en slacht Gilly mei ien klap bewusteleas. Wylst Gilly syn ferloofde Ellen har frijer oerein besiket te helpen, bejout Paul him nei it pleatslike hotel, dêr't Ellen har jongere sechstjinjierrige suster Mary-Anne, in widdo, him fuortendaliks lije mei as se foar it ferstân kriget dat er Gilly delslein hat. Se makket in bad ree foar him en Abbie, sadat Paul him foar it earst yn tiden ris waskje kin.

Neitiid sit de pleatslike marshal by de doar fan it hotel op Paul te wachtsjen. Hy blykt Clyde Martin te wêzen, de heit fan Gilly, en hy is in oarlochsfeteraan mei in houten poat, dy't Denton yn in izerne greep hâldt. De marshal sjocht oan Paul fuort dat er mei in oare âld-soldaat te krijen hat, en nei't er him ûnderstien hat oer wat der bard is, freget er him om Denton te ferlitten en nea werom te kommen. Om't Paul dat dochs al fan doel wie, binne de beide mannen it gau iens. Mary-Anne, dy't harsels wysmakket dat se yn it koarte skoftke dat se him ken, fereale op Paul wurden is, jout him in foto fan harsels mei, sadat er har net ferjitte sil.

Dy nacht, as Paul yn 'e wyldernis syn kamp opslacht, wurdt er oerfallen troch Gilly en dy syn trewanten Roy, Tubby en Harris. Gilly is út op wraak foar de fernedering dy't Paul him oandien hat, dat hy deadet Abbie foar Paul syn eagen en lit Paul dêrnei troch de oare trije mannen fan in klif smite. De oare moarns komt Paul ûnderoan it klif wer by bewustwêzen; hy hat wûnder boppe wûnder inkeld wat skaafwûnen, kniezings en blauwe plakken oprûn fan syn fal, mar hy is breinroer fan lulkens. Nei't er Abbie begroeven hat, giet er mei wraak yn 't sin geandefoets werom nei Denton om't Gilly-en-dy ek Lady en al syn besittings stellen hawwe. Underweis komt er deselde preester fan earder tsjin, dy't ûnderwilens troch marshal Martin Denton út bonsjoerd is. Paul stelt de man syn revolver, de nije munysje dy't er yn Denton oanskaft hat, en syn mûldier.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Deunby Denton berikt Paul it boerespultsje dêr't Mary-Anne har sike heit fersoarget. As se heart wat der bard is, biedt se him har help oan. Se smeket Paul om, nei't er wraak nommen hat, te wachtsjen oant har heit stoarn is, sadat er har meinimme kin hjirwei. Hy stegeret har lykwols ôf en fertelt har dat er syn frou en dochter yn 'e steek litten hat en net fan doel is ea noch werom te gean. Nei wat er yn 'e oarloggen tsjin 'e Yndianen dien hat, kin er harren net wer ûnder eagen komme.

Yn it hotel treft Paul Roy yn bad en snijt him mei in skearmês de kiel troch. De marshal wurdt derby roppen as Ellen it lyk fynt. As er ûntdekt wat syn soan en dy syn maten útheeft hawwe, is er troch alles hinne lulk en jout er Gilly op 'e hûd mei syn gongelstôk. Wannear't er wer ta himsels kommen is, jout er Harris en Tubby opdracht om har ree te meitsjen foar in gefjocht, wylst er Gilly oarderet om Ellen en Mary-Anne nei in feilich plak te bringen en dêr by harren te bliuwen. Ienris te plak begjint de wrokjende Gilly tsjin 'e froulju út te farren, mei't wat der bard is de skuld is fan eltsenien útsein himsels. Mary-Anne blaft derút dat se wol wit wat er dien hat, wat fansels betsjut dat se mei Paul praat hat. Gilly beskuldiget har derfan dat se Paul helpt, mar Mary-Anne fertelt him dat er har help ôfslein hat. Ellen wurdt hinne en wer skuord tusken har ferloofde en har suster en fertelt Gilly dat se fan him swier rekke is.

Op it dak fan it kantoar fan 'e marshal komt Paul ûnderwilens Harris oer it mad, dy't er syn revolver tsjin 'e holle oan set en oarderet om Tubby en de marshal dea te sjitten as se de strjitte oerstekke. Harris wegeret, wêrnei't Paul him deasjit. Yn it kantoar fan 'e marshal docht bliken dat Tubby geastlik net oer de wei kin mei de dea fan syn maten. Hy bliuwt ferstive foar it finster stean oant Paul him delsjit. Neitiid is de marshal ree om te praten. Hy goait syn wapens fuort en komt bûtendoar, mar efter him komt Gilly ek út 'e hûs wei. Hy en Paul wolle inoar deasjitte, mar de marshal, dy't bang is syn soan te ferliezen, wol net tusken harren wei gean. Uteinlik begjinne Paul en Gilly likegoed opinoar te sjitten. Paul rekket ferwûne, mar de measte kûgels wurde opfongen troch de marshal, dy't deadlik rekke wurdt.

Paul siket beskûl yn in skuorre, dêr't er Lady weromfynt. As Gilly deryn komt, lit er in strûpe oer syn holle hinne falle, wêrnei't er him ophyst oan in bynt. Nei't er de heal smoarde Gilly loslitten hat, begjint er op him yn te slaan oant syn eigen ferwûnings him oermânsk wurde. Gilly komt wer oerein en lûkt in Bowiemês om 'e fuortkrûpende Paul tenei te kommen, mar op dat stuit wurdt er fan efteren deasketten troch Mary-Anne. Wylst hja Paul oerein helpt, wiist se him der fyntsjes op dat er har help blykber dochs goed brûke koe. Se mankepoatsje nei it hotel wylst efter harren Ellen in gjalp jout as se it lyk fan Gilly ûntdekt. Op dat stuit komt de preester Denton wer yn strompeljen, en Paul riedt him oan hjir te bliuwen, mei't der gâns wurk foar him is.

Ethan Hawke.
Taissa Farmiga.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Paul Ethan Hawke
Mary-Anne Taissa Farmiga


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gilly Martin James Ransone
marshal Clyde Martin John Travolta
Ellen Karen Gillan
Harris Toby Huss
Tubby Tommy Nohilly
Roy Larry Fessenden
de preester Burn Gorman
William T. Baxter K. Harrison Sweeney
Abbie Jumpy

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In a Valley of Violence waard regissearre troch Ti West nei in senario dat er sels skreaun hie. As produsinten wiene Jason Blum, Jacob Jaffke en Peter Phok by de film belutsen, foar de studio Blumhouse Productions. It is net bekend hoe'n grut budget der beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Robbins en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jeff Grace. De opnamen setten op 23 juny 2014 útein yn 'e neite fan Santa Fe (Nij-Meksiko) en duorren 25 dagen, oant 26 july. As filmset waard op it grûngebiet fan 'e Cerro Pelon Ranch yn Galisteo in westerndoarp boud.

De distribúsje fan In a Valley of Violence waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Focus Features en om utens troch Universal Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 12 maart 2016 op it filmfestival South by Southwest yn Austin (Teksas). Op 28 maaie wie der ek in fertoaning op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle. In a Valley of Violence draaide fan 21 oktober 2016 ôf mar yn 33 bioskopen. Foar de rest waard de film fia video on demand oer it ynternet útbrocht.

It soundtrackalbum fan 'e film waard op 21 oktober 2016 publisearre troch platemaatskippij Back Lot Music. De film ferskynde op 27 desimber fan dat jier op dvd en blu-ray. Yn oktober 2020 kaam In a Valley of Violence beskikber foar streaming op Netflix.

Fan 'e filmkritisy krige In a Valley of Violence oer it algemien positive resinsjes, wêrby't de lof benammen útgie nei it aktearjen fan Ethan Hawke yn 'e haadrol en fan John Travolta yn in byrol. Ek de rezjy en it senario fan Ti West en de filmmuzyk fan Jeff Grace waarden priizge. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie In a Valley of Violence in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 69 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] biedt in slûchslim betocht earbetoan oan klassike westerns, dat útstiicht boppe in imitaasje, mei absurdistyske humor en in geweldige cast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle In a Valley of Violence in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 20 resinsjes.

In a Valley of Violence brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $61.797 op, wat delkaam op in folsleine kommersjele mislearring. Hoewol't ûnbekend is wat it budget fan 'e film wie, kin mei wissichheid steld wurde dat de produksje frijwat ferlies makke.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.