I Am Legend (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
I Am Legend
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
I am legend.svg
makkers
regisseur Francis Lawrence
produsint Akiva Goldsman
James Lassiter
David Heyman
Neal H. Moritz
senario Mark Protosevich
Akiva Goldsman
basearre op I Am Legend
   fan Richard Matheson
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk James Newton Howard
filmstudio Villiage Roadshow Pictures
Weed Road Pictures
Overbrook Entertainment
Heyday Films
Original Film
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Will Smith
byrollen Alice Braga
Dash Mihok
Charlie Tahan
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
premiêre 14 desimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $585,3 miljoen
prizen 1 × Saturn Award

I Am Legend is in Amerikaansk-Britske post-apokalyptyske science fiction-horrorfilm út 2007 ûnder rezjy fan Francis Lawrence, mei yn 'e haadrol Will Smith. De titel betsjut "Ik Bin Leginde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Richard Matheson út 1954. It ferhaal giet oer Robert Neville, in firolooch fan it Amerikaanske Leger dy't as iennichste minske yn New York yn libben bliuwt nei't in firus frijwol de hiele wrâldbefolking útrûge hat. I Am Legend lll krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in daverjend kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De briljante wittenskipster Alice Krippin brûkt in genetysk manipulearre fariant fan it mûzelsfirus om kanker te genêzen. It saneamde Krippinfirus hat lykwols ûnfoarsjoene bywurkings, mei as wichtichste de dea fan 90% fan 'e minsken dy't dermei besmet wurde. Op dy wize komme 5,4 miljard fan 'e 6 miljard minsken om. Fan 'e restearjende 10% fan 'e wrâldbefolking blykt 0,2% (12 miljoen minsken) ymmún te wêzen, mar de restearjende 9,8% (588 miljoen) feroarje yn fampiryske, somby-eftige, kannibalistyske albinomutanten dy't 'tsjustersikers' neamd wurde. Dy binne ekstreem gefoelich foar de ultrafiolette strieling yn sinneljocht en sykje dêrom oerdeis tsjustere plakken op, mar nachts komme se foar it ljocht en meitsje se jacht op 'e lju dy't ymmún binne foar it firus.

Trije jier nei't Krippin har wittenskiplike trochbraak oan 'e wrâld bekendmakke hat, libbet luitenant-kolonel Robert Neville, in firolooch fan it it Amerikaanske Leger, in isolearre bestean as de lêste minske yn 'e ruïnes fan 'e New Yorkske borough Manhattan. Hy hat gjin inkeld kontakt mear mei oare ymmune oerlibbenen en ynsafier't er wit, kin er skoan de lêste ûnynfektearre minske op 'e wrâld wêze. Yn flashbacks wurdt dúdlik makke dat syn frou Zoe en jonge dochterke Marley omkommen binne doe't harren helikopter delstoarte middenmank de gaoatyske evakuaasje fan Manhattan foar't de Amerikaanske autoriteiten it eilân yn karantêne stelden troch de brêgen op te blazen. Neville sels bleau efter mei de rest fan it militêr personiel.

De deistige rûtine fan Neville bestiet út jacht op 'e keppels harten dy't frij troch de strjitten fan stêd rinne, it sammeljen fan ytbere waren en oar brûkber guod út lege wenten, en it útfieren fan firologyske eksperiminten op ynfektearre rotten, yn 'e ferlerne hope om in genêsmiddel foar it firus te finen. Dêrnjonken wachtet er eltse dei in skoft op mooglike oare oerlibbenen, dy't eventueel reägearje kinne soene op 'e oanhâldende werhellings fan in radio-útstjoering fan him, wêryn't er harren opropt om him op 'e middeisoere te moetsjen by de South Street Seaport. It iennichste selskip fan Neville is syn Dútske hardershûn Samantha ("Sam"). Hy fynt it dreech en gean om mei de iensumens, en is begûn te praten mei paspoppen, dy't er yn in fideoteek pleatst en nammen jûn hat. Nachts ferskânzet er himsels mei Sam yn syn swier barrikadearre hûs oan Washington Square om te ûntkommen oan 'e tsjustersikers.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op 'e tûzenste dei fan dat bestean efterfolgje Neville en Sam in hart, dat beskûl siket yn in tsjuster gebou deunby de South Street Seaport. Ta konsternaasje fan Neville dûkt Sam ek it tsjuster yn, dat mei it hert yn 'e kiel folget Neville harren. Nei in lange, ûnhuere syktocht troch it tsjustere gebou fynt er it hart dea en Sam libben werom, mar ûntdekt er ek dat it gebou de skûle fan in kliber tsjustersikers is. Hy en Sam witte te ûntkommen troch út in fertsjustere rút te springen en de efterfolgjende tsjustersikers wurde deade troch it sinneljocht. Om't er in (by rotten) gâns ûnthjittend nij searum foar de behanneling fan it firus ûntwikkele hat, keart Neville de folgjende deis nei itselde gebou werom, dêr't er by de yngong in falstrik mei in strûp set om in tsjustersiker te fangen, en de fâle foarsjocht fan wat fan syn eigen bloed om 'e wêzens te lokjen. In froulike tsjustersiker stapt yn 'e strûp en wurdt fongen; in manlike tsjustersiker besiket Neville oan te fallen, mar wurdt troch it sinneljocht weromdreaun, it gebou yn. Neville nimt de froulike tsjustersiker mei nei it laboratoarium yn 'e kelder fan syn hûs, dêr't er har ynjektearret mei it nije searum, dat lykwols net blykt te wurkjen.

De deis dêrop sjocht Neville "Fred", ien fan 'e paspoppen út 'e fideoteek, foar spoarstasjon Grand Central Terminal stean. Him ôffreegjend oft er gek oan it wurden is, giet er op ûndersyk út, en stapt yn krekt sa'n strûp as dêr't er de deis tefoaren de froulike tsjustersiker mei fongen hat. Wylst er oan in foet omheech skuord wurdt oant er ûnderstboppest hinget, slacht er mei de holle tsjin 'e bestrjitting oan en rekket bewusteleas. As er troch it blaffen fan Sam wer bykomt, giet de sinne al ûnder. Hy snijt himsels los mei syn bûsmês, wêrnei't er in stikmannich meters omleech falt op syn rêch en mei syn rjochterboppeskonk krekt op it limmet fan it mês delkomt, dat dwers troch syn skonk hinne stekt. Ut in oanbuorjende gebou lit deselde manlike tsjustersiker dy't er de deis tefoaren troffen hat, in pear ynfektearre hûnen op him los. Neville en Sam deadzje de tsjustersikerhûnen, mar Sam wurdt dêrby ferskate kearen biten.

Neville wit mei de ferwûne Sam krekt foar tsjuster syn hûs te berikken, dêr't er de hûn ynjektearret mei syn nije searum. As Sam lykwols alle tekens fan ynfeksje sjen lit en him besiket oan te fallen, is er twongen de hûn te smoaren. De oare deis, nei't er Sam begroeven hat, set Neville nei it gebou ta by de South Street Seaport, dêr't er deselde kloft tsjustersikers oanfalt mei de bedoeling om safolle mooglik fan harren mei te nimmen yn 'e dea. As deselde manlike tsjustersiker fan earder lykwols op it punt stiet him om te bringen, wurde it wêzen en syn trewanten fuortjage troch in oare ûnynfektearre oerlibbene, dy't in selsûntbrânende fakkel ûntstekt. De heal bewusteleaze Neville jout it adres fan syn wente troch ear't alles him swart foar de eagen wurdt.

De oare deis wurdt er wekker op syn eigen bank. Syn rêder blykt de Brazyljaanske Anna te wêzen, dy't in jonkje fan acht oant tsien jier by har hat dy't Ethan hjit. Se fertelt Neville dat se syn radio-oprop hearden doe't se troch Maryland reizgen, en dat se juster de hiele dei op him wachte hiene by de South Street Seaport. Anna en Ethan binne ûnderweis nei Bethel, yn Vermont, dêr't heech yn 'e Griene Bergen in koloanje fan oerlibbenen bestean soe om't it firus yn dy kjeld net oerlibje kin. Neville, dy't in protte swierrichheden hat om nei sa'n lange tiid allinnich wer mei oare minsken om te gean, ferwiist de ferhalen oer koloanjes fan oerlibbenen nei it lân fan 'e fabels. As Anne úthâldt dat se har troch God liede lit en dat Dy har ek nei Neville laat hat, is Neville der hielendal klear mei. Hy fertelt har dat er út noch yn net New York ferlitte sil, en hâldt fol dat er "dit" noch tsjinhâlde kin, as er mar de juste genêswize fan it firus fine koe.

As de jûn falt, wurdt Neville syn hûs oanfallen troch in grutte kliber tsjustersikers, dy't oanfierd wurde troch deselde lieder fan earder. It docht bliken dat Anna net wachte hat oant it folslein dei wie foar't se nei Neville syn hûs riden is, mei as gefolch dat de tsjustersikers har folge binne. Neville hat ferskillende ferdigeningsmeganismen om it hûs hinne oanbrocht, mar der binne tefolle tsjustersikers om se allegear tsjin te kearen. As se it hûs ynkringe, sykje Neville, Anna en Ethan beskûl efter in wand fan feilichheidsglês yn it laboratoarium yn 'e kelder. Dêr komme se ta de ûntdekking dat Neville syn lêste test dochs súksesfol wie, en allinne mear tiid nedich hie om ta wurking te kommen. Wylst de lieder fan 'e tsjustersikers himsels kear op kear tsjin 'e glêzen wand oan smyt om dy te brekken, nimt Neville bloed ôf fan 'e frou dy't er genêzen hat, en jout dat yn in reägearbuis oan Anna, foar't er har en Ethan opslút yn in âlde koalegong efteryn de kelder. Dêrop pakt er in hângranaat, en as de tsjustersiker einlings en te'n lêsten troch de glêswand hinne brekt, lit er dy ôfgean, wêrmei't er sawol de tsjustersikers as himsels deadet, mar it genêsmiddel beskermet.

De oare moarns komme Anna en Ethan te foarskyn en sette ôf nei Vermont, dêr't se te Bethel yndie in koloanje fan oerlibbenen oantreffe. Se wurde ferwolkomme troch de bewenners, oan wa't Anna it genêsmiddel oerdraacht. Yn in voice-over fertelt se hoe't Neville syn krewearjen en selsopoffering om 'e minskheid te rêden úteinlik in leginde waard dêr't men ynspiraasje út putte kin.

Alternative ein yn 'e director's cut-ferzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De director's cut-ferzje fan 'e film hat in alternative ein:

By it ynslaan fan 'e glêswand yn it laboratoarium makket de lieder fan 'e tsjustersikers mei de hannen de foarm fan in flinter. Neville beseft dat er dêrmei ferwiist nei de tatoeaazje fan in flinter yn 'e nekke fan 'e froulike tsjustersiker dy't er genêzen hat, en dat it de tsjustersiker derom te dwaan is syn libbenspartner werom te krijen. As Neville him dêrop de froulike tsjustersiker weromjout, sjogge hy en de lieder fan 'e tsjustersikers inoar djip yn 'e eagen. Neville biedt syn ûntskuldigings oan nei't er in trien oer it wang fan 'e tsjustersiker rôljen sjocht. De tsjustersiker lit yn him omgean om Neville te deadzjen, mar kiest der ynstee foar om mei syn partner en syn folgelingen ôf te setten. Nei't se fuortgien binne, eaget in skokte Neville de foto's oer fan alle tsjustersikers dy't troch de jierren hinne by syn proeven om it libben kommen binne, en toant er berou foar syn herteleaze eksperiminten op 'e wêzens.

De oare moarns lit Neville syn ûndersyk efter en set as in feroare man mei Anna en Ethan ôf nei Vermont om dêr nei in koloanje fan oerlibbenen te sykjen. Wylst se oer in brêge ride, hâldt Anna yn in voice-over in hoopfolle monolooch, dy't einiget mei de útspraak "Do bist net allinne."

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-kolonel Robert Neville Will Smith


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Anna Montez Alice Braga
lieder fan 'e tsjustersikers Dash Mihok
Ethan Charlie Tahan
dr. Alice Krippin Emma Thompson (cameo)
Zoe Neville Salli Richardson
Marley Neville Willow Smith
wyfke fan 'e lieder fan 'e tsjustersikers Joanna Numata
Mike Darrell Foster
presidint fan 'e Feriene Steaten Pat Fraley (inkeld stim)
stim fan 'e tsjustersikers Mike Patton (inkeld stim)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I Am Legend wie de trêde filmadaptaasje fan 'e roman I Am Legend, út 1954, fan Richard Matheson, nei The Last Man on Earth (1964) en The Omega Man (1971). Filmstudio Warner Bros. sette yn 1994 útein mei de preproduksje fan 'e film, en troch de tiid hinne wiene der ferskate regisseurs en akteurs mei it projekt ferbûn. Sa waarden Tom Cruise, Michael Douglas en Mel Gibson yn omtinken nommen as haadrolspilers, mar yn juny 1997 waard datoangeande in kontrakt ôfsletten mei Arnold Schwarzenegger, wylst Ridley Scott de rezjy op him nimme soe. Budgetêre noed by de studio omreden fan 'e kant dy't Scott mei de film út woe, soarge foar opûnthâld en úteinlik foar it op 'e non rinnen fan it projekt.

Yn augustus 1998 waard Rob Bowman as regisseur oan 'e film ferbûn, dy't nei't it skynt Nicholas Cage foar de haadrol hawwe woe, mar dat rûn ek op neat út. Pas yn maart 2002, doe't de studio regisseur Michael Bay yn 'e earm naam om 'e film te meitsjen mei Will Smith yn 'e haadrol, liek der feart yn it projekt te kommen. Op 'e nij mislearre it lykwols, diskear om't it Alan F. Horn, de algemien direkteur fan Warner Bros., net oanstie. Yn septimber 2005 tekene Francis Lawrence in kontrakt om 'e film dan úteinlik dochs te meitsjen, op 'e nij mei Smith yn 'e haadrol. Lawrence wurke op basis fan in senario wêrfan't de oarspronklike ferzje skreaun wie troch Mark Protosevich, en dêr't neitiid ferskate oare senarioskriuwers oer gear west hiene. De úteinlike ferzje waard nochris oereide troch Akiva Goldsman. De wichtichste bydrage fan dy lêste wie it ferhúzjen fan it hiele ferhaal fan Los Angeles nei New York, mei't de leechheid yn dy stêd mear opfalle soe.

Foar I Am Legend wie in budget beskikber fan mar leafst $150 miljoen. De lieding oer it projekt wie yn 'e hannen fan produsinten James Lassiter, David Heyman, Neal H. Moritz en Goldsman sels, foar de studio's Villiage Roadshow Pictures, Weed Road Pictures, Overbrook Entertainment, Original Film en it Britske Heyday Films. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard. De opnamen begûnen op 23 septimber 2006 en duorren oant begjin novimber fan dat jier. De flashbacksêne mei de helikopter by de Brooklynbrêge koste $5 miljoen om te meitsjen.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan I Am Legend waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 14 desimber 2007 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De soundtrack waard op 15 jannewaris yn 'e foarm fan in muzykalbum útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. Op 18 maart 2008 kaam I Am Legend út op dvd yn twa ûnderskate edysjes: in bioskoopferzje op ien skiif en in spesjale edysje fan twa skiven mei deselde bonusfeatures dy't ek by de bioskoopferzje sieten, mar mei dêropta noch mear bykommend spul, en boppedat in alternative, director's cut-ein fan 'e film (sjoch hjirre foar beskriuwing). Op 8 april 2008 kaam de film ek út op blu-ray.

Untplofte auto's by de opnamen fan I Am Legend yn Washington Square yn New York.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I Am Legend ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge A.O. Scott yn The New York Times de "elegante en muoiteleaze aktearprestaasje" fan haadrolspiler Will Smith, al fûn er ek dat de film "yn 'e trêde akte ynstoarte". Hy konkludearre dat de film "guon frijwat djipdollende fragen beprakkesearret oangeande de ynstoarting en it fuortbestean fan 'e minsklike beskaving." Yn it tydskrift Slate murk Dana Stevens op dat I Am Legend nei likernôch in oere spyldoer paadbjuster rekke, en ek dat "de ynfektearren gewoan net sa grizelich binne". Yn 'e tillefyzjefilmrubryk At the Movies with Ebert & Roeper priizge Richard Roeper it aktearjen fan Will Smith. Hy heakke dêroan ta dat I Am Legend "in behoarlik swier senario" hie "foar in aksjefilm".

De krityk dy't I Am Legend krige, hie benammen te krijen mei de plakken dêr't de film ôfwykt fan it ferhaal fan 'e roman út 1954. Fral it spesifyk kristlike tema dat de film troch de wurden fan Anna meijûn is, skeat guon waarnimmers yn it ferkearde kielsgat. De marxistyske filosoof Slavoj Žižek wie fan miening dat I Am Legend "de meast regressive filmadaptaasje fan 'e roman" wie, dy't sels ein in progressyf, multykultureel boadskip hie. Yn 'e roman groeit Neville út ta in leginde foar de nije beskaving fan tsjustersikers, krekt sa't fampieren in leginde foar minsken foarmen, en wurdt úteinlik troch harren fermoarde. Yn 'e film wurdt lykwols in genêsmiddel foar it firus ûntdutsen om dêrnei troch in oerlibbene troch in die fan wat sy sels ûnderfynt as "godlike tuskenkomst" oan oare oerlibbenen oerdroegen te wurden. Neffens Žižek giet de film dêrmei folslein foarby oan it boadskip fan 'e roman en "kiest iepentlik foar religieus fûnemintalisme".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie I Am Legend in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 215 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] oerwint it obstakel fan twifelige special effects en slagget fierhinne omreden fan it hypnotisearjende optreden fan Will Smith." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle I Am Legend in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 37 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I Am Legend brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $256,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $328,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $585,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $435,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie I Am Legend de op seis nei meast opbringende film fan 2007. Yn 2008 waarden boppedat fan 'e film noch 7,04 miljoen dvd's ferkocht foar yn totaal $126,2 miljoen, wêrmei't it de op fiif nei bêst ferkeapjende dvd fan dat jier wie. Produsint Warner Bros. wie nei't it skynt lykwols "in bytsje teloarsteld" oer de prestaasje fan I Am Legend op 'e dvd-merk.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I Am Legend waard nominearre foar ferskate prizen, wêrûnder de Screen Actors Guild Award foar bêste groep stuntlju en de Satellite Award foar bêste lûd. Haadrolspiler Will Smith wûn foar syn aktearjen de Saturn Award foar bêste akteur en teffens de MTV Movie Award foar bêste manlike aktearprestaasje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.