Springe nei ynhâld

Dútske hardershûn

Ut Wikipedy
Dútske hardershûn
algemiene ynformaasje
alt. namme Dútske harder
oarsprong Dútslân
klassifikaasje hardershûn
FCI-nû. #166
lichemsskaaimerken
skofthichte 55-65 sm
gewicht 22-40 kg
kleur ljochtbrún/swart of readbrún/swart

De Dútske hardershûn, ek wol koartwei Dútske harder neamd, is in bekend hûneras dat syn oarsprong fynt yn Dútslân. It is in relatyf nij ras, dat ûntstie yn 1899, mar dat sûnt tige súksesfol west hat en suver net mear fuort te tinken is. De Dútske hardershûn waard oarspronklik fokt om fee op te driuwen, mar fanwegen syn krêft, yntelliginsje, belearberheid en hearrigens hat er him yn 'e tweintichste iuw ûntwikkele ta ien fan 'e rassen dêr't de foarkar oan jûn wurdt foar plysje- en legerhûnen, opspoarings- en rêdingshûnen en blineliedhûnen. De Dútske hardershûn is hjoed de dei ien fan 'e populêrste hûnerassen fan 'e wrâld.

Hardershûnen hiene har yn Dútslân fan 'e Midsiuwen ôf ûntjûn sûnder dat dêr troch in sintrale ynstânsje tafersjoch op holden waard. Skiephoeders wisten hokker skaaimerken oft se yn harren hûnen hawwe woene, en besochten dat yn harren eigen mienskip troch selektyf fokken foarinoar te krijen. It resultaat wie in grut tal ûnderskate soarten hardershûnen, dy't wol opinoar lieken, mar allegear fan plak ta plak krekt even oars wiene. Fan 'e 1850-er jierren ôf waard besocht om 'e hûnefokkerij en Dútslân te standerdisearjen.

In Dútske harderskop.

Yn 'e 1890-er jierren begûn Max von Stephanitz, in âld-kavaleryofsier dy't studearre hie oan it Feterinêr Kolleezje fan Berlyn, him dwaande te hâlden mei de hûnefokkerij. Op in hûneshow yn 1899 kaam dy in hardershûn tsjin dy't nei syn opfetting krekt de foarm en it karakter hie dat in wurkhûn hawwe moast. It bist hiet fan Hektor Linksrhein, mar nei't er it kocht hie, feroare Stephanitz dy namme yn Horand von Grafrath. Stephanitz rjochte datselde jiers noch de Verein für Deutsche Schäferhunde ("Feriening foar Dútske Hardershûnen") op, en Horand waard ta de earste rasechte Dútske hardershûn ferklearre.

Neitiid sette Stephanitz in fokprogramma op wêrby't er alle goede eigenskippen fan Horand oan dy syn neikommelingen besocht troch te jaan troch him mei teven út Tueringen, Franken en Wuerttemberch te krusen. Hoewol't er withoefolle jonghûntsjes oansette, wie Horand syn bêste neikommeling in rikel dy't Hektor von Schwaben neamd waard. Dy waard krúst mei oare neikommeling fan Horand en produsearre doe de rasfêste rikels Heinz von Starkenburg, Beowulf en Pilot. Ek dy waarden wer krúst mei oare neikommelingen fan Horand, sadat úteinlik in hûneras mei fêste eigenskippen ûntstie. Hoewol't dizze yntylt needsaaklik achte waard foar it behâlden fan 'e winske eigenskippen, hat it de Dútske hardershûn kwetsber makke foar genetyske krupsjes, wêrfan't de bekendste heupdysplasy is.

In Dútske hardershûn.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dútske harders binne grutte hûnen, mei in skofthichte fan 55-60 sm by teven en 60-65 sm by rikels. It gewicht bedraacht 22-32 kg by teven en 30-40 kg by rikels. Dútske hardershûnen hawwe in lange, útstykjende, fjouwerhoekige snút en in swarte noas. De eagen binne brún mei in libbene útdrukking, en de earen grut, trijehoekich en opsteand, hoewol't se ornaris plat op 'e kop lizze as de hûn yn beweging is. De hals is lang, en de rêch rint nei efteren ta wat ôf. De sturt is boarstelich en rikt oan 'e hakken fan 'e efterpoaten ta.

Dútske hardershûnen kinne alle mooglike kleuren hawwe, útsein wyt. It meast komme de kleurkombinaasjes ljochtbrún mei swart en readbrún mei swart foar, wêrby't de rêch, siden, nekke en it boppeste fan 'e kop swart binne en bealch, poaten, hals, it grutste part fan 'e sturt en de sydkanten fan 'e kop brún. Der binne lykwols ek eksimplaren dy't hielendal swart binne of blauwich, leverkleurich of wyt. In folsein swarte kleur wurdt troch de rasferienings as akseptabel beskôge; in blauwige of leverkleurige pels wurdt as in earnstige flater beskôge, en as in eksimplaar wyt is, is dat daliks reden om him út it stamboek te setten.

In Dútske hardershûn siket nei oerlibbenen tusken de brokstikken fan ynstoarte huzen nei in ierdbeving.

Dútske hardershûnen hawwe in dûbele pels. De langere bûtenlaach ferhierret it hiele jier rûn, wylst de ûnderlaach folle tichter en tsjûker is. Dútske harders komme foar yn twa fariëteiten: langhierrich en koarthierrich (eins middellanghierrich). Om't langhierrigens yn dizze hûnen in resessive eigenskip is, komt it folle minder faak foar. Beide fariëteiten binne akseptabel. De Ynternasjonale Kynologyske Federaasje hat de Dútske harder it rasnûmer 166 tawiisd, wêrby't de koarthierrige fariëteit 166a is en de langhierrige 166b.

Dútske hardershûnen binne tige aktive hûnen en hawwe in protte selsfertrouwen. Karakteristyk foar dit ras is de wil om nije dingen te learen. Dútske harders binne wurkhûnen, dy't graach in doel yn it libben hawwe wolle, en binne dan ek net botte gaadlik om poer as selskipshûn holden te wurden. Se binne tige nijsgjirrich, wat har ta treflike hiemhûnen makket en ek tige gaadlik as speurhûnen of rêdingshûnen, bgl. om nei in ierdbeving of lawine yn 'e brokstikken fan gebouwen of yn 'e snie nei oerlibbenen te sykjen. Wol kinne se oerbeskermjend wêze oangeande har gesin of territoarium, yn 't bysûnder as se net op krekte wize sosjalisearre binne. Dútske hardershûnen hingje der net ta oer om daliks mar freonen mei eltsenien te wurden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 38-39: Duitse herdershond.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.