Springe nei ynhâld

Hindrik IV, Diel 1

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Henry IV, Part 1)
Hindrik IV, Diel 1
algemiene gegevens
oarspr. titel Henry IV, Part 1
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1597
1e publikaasje 1598, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Hindrik IV (1)
publikaasje 1965, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Hindrik IV, Diel 1, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry IV, Part 1 (folút eins: The First Part of the History of Henry the Fourth), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Hindrik IV, Diel 1 foarmet it twadde part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. It stik set útein mei Hindrik Percy, byneamd Hjitspoar, syn Slach by Humbleton Hill tsjin 'e Skotten ûnder lieding fan 'e Douglas, ein 1402, en einiget mei de dea fan Hjitspoar en de nederlaach fan syn rebellen yn 'e Slach by Shrewsbury, mids 1403. Hoewol't Hindrik IV, Diel 1 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. It stik is nei alle gedachten op syn letst yn 1597 skreaun, en it waard foar it earst útjûn yn 1598. Fan it begjin ôf oan wie it in tige populêr toanielstik, sawol by de resinsinten as ûnder it publyk. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.

Kening Hindrik IV is op 'e troan kommen troch syn neef Richard II ôf te setten en yn finzenskip út 'e wei te romjen. Hy soe graach in krústocht nei it Hillige Lân ûndernimme, mar syn wiffe gryp op it regear oer Ingelân lit dat net ta. Hy rekket, fierhinne troch eigen tadwaan, almar mear yn ûnmin mei de Noardingelske Percy-famylje, dy't him op 'e troan holpen hat. Underwilens docht syn âldste soan en erfgenamt, kroanprins Hindrik (de lettere Hindrik V), byneamd "Hal", mar raak, mei syn maten en de fette, âlde korrupte ridder sir John Falstaff te drinken, hoerearjen en gekjeien yn 'e kroegen fan Londen.

As it stik iepenet hat koartby de Slach by Humbleton Hill plakfûn, wêrby't Hindrik Percy, byneamd Hjitspoar, in Skotske ynfal ûnder lieding fan 'e Douglas ôfslein hat. De kening en Hjitspoar hawwe rûzje oer de ferdieling fan 'e bút, en har moeting einiget mei drigeminten en misledigings fan 'e kening oan it adres fan 'e Percy's. Hjitspoar, syn heit Hindrik Percy, de greve fan Noardumberlân, syn omke Tomas Percy, de greve fan Worcester en syn sweager, Edmund Mortimer, greve fan 'e Mark, dy't koartsein fine dat se fan 'e kening stank foar tank krije, mûskopje ûntefreden ûnderinoar en begjinne om bûnsgenoaten te sykjen, dy't se fine yn 'e Douglas, de Welske ealman Owen Glendower en Richard le Scrope, de aartsbiskop fan York.

Hal konfrontearret Falstaff mei dy syn leagens (in print nei in skilderij troch Robert Smirke.

De serieuze bedriuwen fan 'e sombere kening en de broeiende opstân mank de eallju wurde ûnderbrutsen troch it komysk tuskenspul dat de nuveraardige eksploaten fan kroanprins Hal en syn liddichgongers fan selskipslju foarmje. Hal en syn maat Poins oerfalle bygelyks yn momkape Falstaff en trije fan har oare freonen, berôvje har en jeie harren de stupen op it liif, poer om te hearren hoe't Falstaff it barren letter yn eigen foardiel behimmelet, wêrnei't se de bút wer weromjouwe. Mar as de opstân fan 'e Percy's en harren bûnsgenoaten einlings fêste foarm oan begjint te nimmen, fermoedsoenet Hal him mei syn heit en kriget er in hege oanstelling. Hy swart dan dat er mei syn rebelske nammegenoat Hjitspoar ôfweve sil en oarderet Falstaff om him oan it haad fan in ôfdieling soldaten nei Shrewsbury te bejaan, dêr't de slach plakfine sil.

By Shrewsbury komme de troepen fan 'e kening it leger fan Hjitspoar oer it mad, dat dêr wachtet op fersterkings ûnder Noardumberlân, Glendower, Mortimer en de aartsbiskop fan York. Hoewol't Hindrik oer in folle grutter leger beskikt, hat Hjitspoar de bettere posysje, boppe-op in heuvel. De slach begjint en duorret de hiele dei oan. Wylst de kening hiel wat te stellen hat mei de wylde Skot Douglas, komme Hal en Hjitspoar, de beide Hindrikken dy't net yn ien en itselde lân bestean kinne, gear yn it twagefjocht. De takomstige kening wint, en deadet syn rivaal Hjitspoar. Underwilens hat Falstaff him troch syn soldaten betelje litten sadat se thúsbliuwe koene, en boppedat hat er ek noch it jild opstrutsen dat er oan 'e earme stumperts tasein hie dy't er yn harren stee nei it slachfjild laat hie en dy't dêr sneuvele binne. As er sels úteinlik foar de Douglas oer komt te stean, beart Falstaff dat er fataal ferwûne rekket en hâldt er him dea. Nei't Hal it lichem fan Hjitspoar op it slachfjild efterlitten hat, komt Falstaff troch in sabeare wûnder wer ta libben. As er dan merkt dat er allinnich is, stekt er it lyk fan Hjitspoar yn it bil en swetst er dat hy dejinge is dy't de lieder fan 'e tsjinpartij deade hat.

Troch de dea fan harren lieder is de opstannelingen de moed alhiel ûntsonken, en sa wint de kening de slach. Hindrik IV is der feringele mei, fral ek om't er no de kriichsfinzen nommen greve fan Worcester, ien fan syn slimste fijannen (al wied er earder ien fan syn trouste freonen), terjochtstelle litte kin. Underwilens toant Hal syn ridderlikheid troch de dappere Douglas frij te litten sûnder in losjild te easkjen. Sa einiget it stik, mar de oarloch is noch net foarby. De kening moat de oare opstannelingen noch mar sjen te ferslaan, want Noardumberlân, Mortimer, Glendower en de aartsbiskop fan York binne harren legers noch oan it meunsterjen. Dizze ein wiist foarút nei it ferfolch op dit stik: Hindrik IV, Diel 2.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henry IV, Part 1 waard ûnder de titel Kening Hindrik IV (1) yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1965 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. V, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare keningsstikken, lykas Richard II, Hindrik IV, Diel 2 en Hindrik V.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. V: Keningsstikken: Kening Richard II, Kening Jan, Kening Hindrik IV (1), Kening Hindrik IV (2), Kening Hindrik V, Kening Hindrik VIII, Drachten, 1965 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater